In mystike mar skynber apersonele krêft, dy't bekend stiet as "de Krêft" (the Force), wurdt yn 'e oarspronklike film omskreaun as "in enerzjyfjild skepen troch alle libbene wêzens […, dat] it stjerrestelsel gearbynt." Troch training en meditaasje kinne dyjingen dy't "sterk yn 'e Krêft" binne, fermogens bemachtigje dy't boppenatuerlik lykje, wêrûnder telekineze, telepaty, foarkennis en de manipulaasje fan fysike enerzjy. Brûkers fan 'e Krêft binne mar tige minmachtich yn ferhâlding ta de folsleine befolking. De Krêft is it wichtichste ark én wapen fan twa ridderoarders dy't sûnt minskewitten mei-inoar yn konflikt binne. Dat binne de Jedi, dy't fungearje as bewekkers fan 'e frede yn 'e Galaktyske Republyk en de ljochte kant fan 'e Krêft brûke foar selsferdigening en arbitraazje, en de Sith, dy't de tsjustere kant fan 'e Krêft ynsette foar harren persoanlike doelen en it fersprieden fan eangstme en agresje. Wylst Jedi-ridders gauris relatyf manmachtich wêze kinne, binne de Sith altyd beheind ta twa: in master en syn learling.
De Jedi en de Sith jouwe as wapen de foarkar oan 'e saneamde ljochtsabel: in swurd mei in limmet fan enerzjy dat troch frijwol elts materiaal hinne snije kin en dêr't teffens enerzjyprojektilen mei ôfwarre wurde kinne. De rest fan 'e befolking, soldaten likegoed as kriminelen en eltsenien dêrtuskyn, brûkt saneamde "ploffers": projektylfjoerwapens basearre op lasertechnology.
It stjerrestelsel foarmet (fan oarsprong) ien reuseftige republyk, de Galaktyske Republyk, dy't bestjoerd wurdt troch de Galaktyske Senaat op 'e planeet Coruscant. Dêrnjonken hawwe de measte bewenne planeten har eigen, autonome, regear. Al neigeraden dat men fierder fan it sintrum fan 'e macht ôf komt, belunet de ynfloed fan 'e autoriteiten. Yn 'e bûtenste rânen fan it stjerrestelsel slane sadwaande misdiesyndikaten foar master op, lykas de kartels fan 'e Hutt, dy't har talizze op yllegale aktiviteiten lykas smokkeljen en slavehannel. De tsjinsten fan preemjejagers wurdt fakentiden gebrûk fan makke troch sawol gangsters as oerheden.
It fiktyf universum fan Star Wars omfiemet ferskate tiidrekken, wêrûnder:
it Tiidrek fan 'e Rebûlje: de perioade yn 'e twadde helte fan it Regear fan it Keizerryk dat it Rebelleferbûn oprjochte wurdt en in nije boargeroarloch yn it stjerrestelsel begjint om it Galaktysk Keizerryk ûnder fuotten te heljen. Yn dit tiidrek spylje de oarspronklike Star Wars-trilogy, de film Rogue One: A Star Wars Story, de tillefyzjesearje Andor en de tekenfilmsearje Star Wars: Rebels.
de Opkomst fan 'e Earste Oarder: de perioade wêryn't de restanten fan it âlde Galaktysk Keizerryk harsels werfoarmje ta de Earste Oarder en grutte súksessen boeke yn har stribjen ta de weroprjochting fan it Keizerryk. Helden fan 'e eardere Rebûlje liede no it Ferset yn in striid om it fuortbestean fan 'e Nije Republyk te bewissigjen. Yn dizze perioade spylje de Star Wars-ferfolchtrilogy en de tekenfilmsearje Star Wars: Resistance.
(It eardere Star Wars Expanded Universe omfette oare tiidlinen en tiidrekken, dy't lykwols nei de oername fan Lucasfilm troch Disney, yn 2012, retcond waarden en op 25 april2014 formeel omneamd waarden ta Star Wars Legends.)
Films
De kearn fan 'e Star Wars-franchise wurdt foarme troch trije filmtrilogyen, dy't mei-inoar oantsjut wurde as de Skywalker Saga. De njoggen ûnderskate films fan dy filmsearje waarden op net-gronologyske wize produsearre. De ôfleverings (Ingelsk: episodes) IV, V en VI foarmen de oarspronklike Star Wars-trilogy, dy't fan 1977 oant en mei 1983 makke waard troch de betinker fan Star Wars, George Lucas, en syn ûnôfhinklike filmstudioLucasfilm. De folgjende trilogy, dy't tusken 1999 en 2005 ferskynde, omfette de ôfleverings I, II en III, en wurdt dêrom oantsjut as de Star Wars-prequeltrilogy, mei't in prequel in film of oar wurk fan fiksje is dat neffens de ynterne gronology fan it ferhaal foarôfgiet oan in earder publisearre wurk. De prequeltrilogy waard ek troch Lucas en it selsstannige Lucasfilm makke.
Yn 2012 waard Lucasfilm oernommen troch The Walt Disney Company en waard it in dochterûndernimming fan dy multymediakorporaasje. It wie sadwaande Disney dat fan 2015 oant 2019 de ôfleverings VII, VIII en IX makke, dy't de saneamde Star Wars-ferfolchtrilogy foarmje, ek wol de Star Wars-sequeltrilogy neamd (sequel is it Ingelske wurdt foar "ferfolch"). Disney wie ek ferantwurdlik foar de makkelei fan ferskate op harsels steande Star Wars-films, dy't wol oantsjut wurde as de "Antologysearje" (anthology is it Ingelske wurd foar "blomlêzing"). Anno 2022 giet it dêrby om Rogue One: A Star Wars Story (2016) en Solo: A Star Wars Story (2018). Dy films wurde net ta de Skywalker Saga rekkene.
George Lucas, de betinker fan Star Wars, hie al foàr it útkommen fan 'e earste Star Wars-film, yn 1977, grutte plannen foar it meitsjen fan in trilogy fan trilogyen. Dat makke er yn 1978 by in fraachpetear mei it tydskriftTime bekend, en yn 1981, nei't de twadde film yn 'e bioskoop kommen wie, befêstige er dat er yn grutte halen it ferhaal foar noch sân oare films klear hie.
Star Wars-trilogy
De Star Wars-trilogy, gauris de 'oarspronklike' Star Wars-trilogy of de 'orizjinele' Star Wars-trilogy neamd om him te ûnderskieden fan 'e letter makke filmtrilogyen yn it ramt fan Star Wars, wie folslein it optinksel fan George Lucas. Dyselde woe yn 1971 in filmadaptaasje meitsje fan 'e searjefilmFlash Gordon, út 'e 1930-er jierren, mar it slagge him net om 'e filmrjochten dêrop te besetten. Linkendewei begûn er dêrom mar in eigen science fiction-epos te betinken, wêrby't er him ynspirearje liet troch de science fiction-romans fan Edgar Rice Burroughs en beskate films (dy't net ta science fiction hearre) fan 'e JapanskeregisseurAkira Kurosawa.
Lucas skreau in gearfetting fan twa siden fan syn ferhaal, mei as titelJournal of the Whills, en dêr gied er mei te suteljen by de filmstudio's fan Hollywood lâns. United Artists, Universal Pictures en Disney seagen der neat yn en wiisden it ôf, mar 20th Century Fox besleat der yn te ynvestearjen. Lucas fûn lykwols, nei't er der nochris kritysk nei sjoen hie, dat syn oarspronklike ferhaal te yngewikkeld wie foar in film, dat op 17 april1973 sette er útein mei in trettjin siden tellende, werskreaune ferzje fan syn senario, dat er diskear The Star Wars neamde. Tsjin maaie1974 hied er dat útwreide ta in folslein skript troch eleminten lykas de Sith en de Deadsstjer ta te foegjen, mar dêrtroch, sa fûn er, wie it ferhaal te lang wurden foar ien film. Der folgen noch ferskate nije ferzjes fan it senario, oant Lucas it ferhaal úteinlik werombrocht hie ta wat de earste film wurde soe.
It ûnbidige súkses fan dy film, dy't yn 1977 útkaam, makke dat Lucas besleat om fan syn projekt in filmsearje te meitsjen. Hy hie fuort al in trilogy fan trilogyen yn 'e holle, mar it soe mear as fjirtich jier yn beslach nimme om dat idee te ferwêzentlikjen. De beide folgjende dielen fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, dy't yn 1980 en 1983 yn 'e bioskoop kamen, waarden finansierd troch Lucas syn eigen filmstudio Lucasfilm fan it jild dat fertsjinne wie mei de earste film. Beide ferfolgen wiene ek grutte kommersjele súksessen, hoewol net sa grut as de earste film.
It ferhaal fan 'e oarspronklike trilogy folget it stribjen fan 'e jonge Luke Skywalker om in Jedi-ridder te wurden yn in tiid dat de Jedi sa goed as útrûge binne troch it Galaktysk Keizerryk. Dêrnjonken wurdt ek gâns omtinken jûn oan 'e geduerige striid fan Luke en oaren mei de boasaardige Keizerlike hantlanger Darth Vader en de wrakseling fan it Rebelleferbûn om it Stjerreselsel te befrijen fan it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk.
As Luke ûntdekt dat syn omke en muoike yn syn ôfwêzigens fermoarde binne troch Keizerlike stoarmtroepers op 'e siik nei de beide androïden, jout er him by Obi-Wan, dy't him fertelt dat it syn lotsbestimming is om, krekt as syn heit foar him, in Jedi-ridder te wurden. Se hiere de smokkelderHan Solo (Harrison Ford) en syn Wookiee-piloatChewbacca (Peter Mayhew) yn, en sette yn harren romteskip, de Millennium Falcon, ôf fan Tatooine nei Alderaan. Dêr oankommen, ûntdekke se dat dy planeet ferneatige is troch in reuseftich Keizerlik romtestasjon dat de Deadsstjer hjit. Harren skip komt fêst te sitten yn in lûkstriel fan it romtestasjon, mar se witte oan finzenskip te ûntkommen en rêde prinsesse Leia, dy't op 'e Deadsstjer fêstholden wurdt. Obi-Wan Kenobi offeret himsels op om 'e oaren de kâns te jaan om te ûntsnappen. Luke, Leia, Han, Chewbacca, R2-D2 en C-3PO leverje de blaudrukken fan 'e Deadsstjer ôf by it Rebelleferbûn, wêrnei't se dielnimme oan in oanfal dy't de Deadsstjer ferneatigje moat.
Star Wars: Episode IV – A New Hope, oarspronklik útbrocht ûnder de titel Star Wars, waard regissearre troch George Lucas nei in senario fan himsels. De film gie op 25 maaie1977 yn premiêre, en brocht $775,8 miljoen op tsjin in budget fan $11 miljoen. Star Wars: Episode IV – A New Hope wie de meast opbringende film fan 1977 en teffens de meast opbringende film aller tiden, en mei ynflaasjekorreksje is it noch altyd de op ien nei meast opbringende film yn Noard-Amearika (nei Gone with the Wind) en de op trije nei meast opbringende film wrâldwiid (nei Gone with the Wind, Avatar en Titanic).
Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back spilet trije jier nei de oerwinning dy't it Rebelleferbûn mei de ferneatiging fan 'e Deadsstjer boekte. De boargeroarloch giet noch altyd troch en Keizerlike troepen twinge de rebellen ta de evakuaasje fan in wichtige basis op 'e iisplaneetHoth. Dêrta oardere troch de geast fan Obi-Wan Kenobi (sir Alec Guinness), reizget Luke Skywalker (Mark Hamill) mei R2-D2 (Kenny Baker) nei de planeet Dagobah, dêr't de âlde Jedi-ridder Yoda (Frank Oz) as klúzner yn ballingskip libbet. Dyselde stimt deryn ta om Luke te trainen, hoewol't er net ûnder stuollen of banken stekt dat er syn twifels hat oer Luke syn geskiktheid om Jedi te wurden.
Underwilens binne Han Solo (Harrison Ford), Chewbacca (Peter Mayhew), prinsesse Leia (Carrie Fisher) en C-3PO (Anthony Daniels) fan Hoth ûntkommen yn 'e Millennium Falcon, mar as it romteskip stikken rekket, moatte se help sykje yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op 'e planeet Bespin, dy't bestjoerd wurdt troch Han syn âlde freon Lando Calrissian (Billy Dee Williams). Dêr rinne se lykwols yn in mûklaach, mei't Lando ûnder ien tekken blykt te skûljen mei Darth Vader, (David Prowse/James Earl Jones) de wichtichste hantlanger fan keizer Palpatine (lichem: Elaine Baker; stim: Clive Revill). Luke brekt syn training troch Yoda ôf as er berjocht kriget fan 'e finzenname fan syn freonen, en set nei de Stêd yn 'e Wolkens ta.
Vader lit Han Solo ynfrieze yn (de fiktive stof) karbonyt, wêrnei't er him oan 'e preemjejagerBoba Fett (lichem: Jeremy Bulloch; stim: Jason Wingreen) jout. Dyselde is fan doel de preemje te ynkassearjen dy't de gangsterJabba de Hutt op syn holle set hat, en reizget dêrfoar mei de ynferzen Solo ôf nei Tatooine. It lot fan syn âlde freon bringt Lando derta om oer te rinnen nei de rebellen. Hy befrijt Chewbacca, C-3PO en prinsesse Leia en naait mei harren en de krekt arrivearre R2-D2 út yn 'e reparearre Millennium Falcon. Underwilens siket Luke Darth Vader op en fjochtet in duël mei de ljochtsabel út wêrby't er syn hânkwytrekket en in skokkende wierheid oer syn heit oan 'e weet komt, foar't er rêden wurdt troch Lando-en-dy.
Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, oarspronklik koartwei The Empire Strikes Back neamd, waard regissearre troch Irvin Kershner nei in senario fan Leigh Brackett en Lawrence Kasdan. De film gie op 6 maaie1980 yn premiêre, en brocht $538,4 miljoen op tsjin in budget fan $30,5 miljoen. Dêrmei wie Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back de meast opbringende film fan 1980. Tsjintwurdich wurdt Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back rûnom sjoen as ien fan 'e bêste films aller tiden en as in foarbyld fan hoe't in ferfolch de oarspronklike film oertreffe kin. De film waard lykwols foar minder prizen nominearre as de earste film. Hy wûn 2 Oscars (fan 4 nominaasjes) en en gjin inkele Golden Globe (fan 1 nominaasje). Wol wûn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back in BAFTA, 2 Grammys, 4 Saturn Awards en in Hugo. Yn 2010 waard Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back troch de Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid útornearre en opnommen yn it National Film Registry.
Likernôch in jier nei de foarfallen yn 'e foargeande film jout de fan in hânproteze foarsjoene Luke Skywalker (Mark Hamill) him yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi op Tatooine by Lando Calrissian (Billy Dee Williams), Chewbacca (Peter Mayhew) en prinsesse Leia (Carrie Fisher) om Han Solo (Harrison Ford) te befrijen út 'e kloeren fan 'e gangster Jabba de Hutt (Toby Philpott, David Barclay en Mike Edmonds). Neitiid keart er werom nei Dagobah om syn training ta Jedi-ridder te ferfetsjen, mar treft dêr syn master Yoda (Frank Oz) oan op syn stjerbêd. Mei syn lêste wurden befêstiget Yoda de skokkende wierheid dat de boasaardige Darth Vader (David Prowse/James Earl Jones) eins Luke syn heit Anakin is en dat Luke in nije konfrontaasje mei Vader oangean moat om syn training te foltôgjen.
Underwilens is keizer Palpatine (Ian McDiamid) úteinset mei de bou fan in nije Deadsstjer, dêr't er yn eigen persoan it tafersjoch oer hâldt. Dat liket it Rebelleferbûn in útsochte kâns ta om twa miggen yn ien klap te slaan troch tagelyk mei de nije Deadsstjer en de keizer sels ôf te weven. Se begjinne in trijefâldige oanfal: mei in float fan romteskippen ûnder lieding fan Lando Calrissian (Billy Dee Williams) en admiraal Ackbar (poppespul: Tim Rose; stim: Erik Bauersfeld); mei in kommando-ienheid oanfierd troch Han, Chewbacca en prinsesse Leia, dy't op 'e boskmoanneEndor de generatorfasiliteit útskeakelje moat dy't it enerzjyskyld foar de Deadsstjer opwekket; en mei Luke, dy't him oan board fan 'e Deadsstjer weaget en him troch Vader foar de keizer bringe lit.
De Deadsstjer blykt lykwols in falstrik te wêzen, mei't er ûnôf liket, mar eins folslein operasjoneel is. De rebellen rinne sadwaande yn in mûklaach, wylst Vader Luke besiket te ferlieden om oer te rinnen nei it Keizerryk. Luke wegeret en ferslacht Vader yn in nij duël mei de ljochtsabels. Keizer Palpatine stiet der by him op oan om Vader te deadzjen, mar Luke ferpoft dat, ek as de keizer driget om Luke sels om te bringen. Underwilens krije de kommando's help fan 'e Ewoks, de bewenners fan 'e Boskmoanne. Dêrtroch witte se de Keizerlike stoarmtroepers op 'e moanne te ferslaan en de generatorfasiliteit te sabotearjen. De rebellefloat kin dan dochs noch de oanfal op 'e Deadsstjer útfiere, dy't fatale skea oprint. As de swierferwûne Darth Vader sjocht dat keizer Palpatine syn soan Luke martelet en risselwearret om him te fermoardzjen, keart er him tsjin 'e keizer, dy't er yn in reäktorskacht te pletter smyt, hoewol't er dêrby sels deadlike ferwûnings oprint. Luke ûntkomt krekt op 'e tiid út 'e ûntploffende Deadsstjer. Neitiid fiere de rebellen harren oerwinning, wylst Luke it stoflik omskot fan syn heit kremearret.
Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, oarspronklik koartwei Return of the Jedi neamd, waard regissearre troch Richard Marquand nei in senario fan George Lucas en Lawrence Kasdan. De film gie op 25 maaie1983 yn premiêre, en brocht $475,3 miljoen op tsjin in budget fan $32,5 miljoen. Dêrmei wie Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi de meast opbringende film fan 1983. De film wûn ien Oscar (út 5 nominaasjes), 1 BAFTA (út 4 nominaasjes) en 5 Saturn Awards (út 10 nominaasjes). Yn 2021 waard Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi troch de Library of Congress foar presevearring foar de ivichheid útornearre en opnommen yn it National Film Registry.
Star Wars-prequeltrilogy
Neffens filmprodusintGary Kurtz waarden de earste plannen foar in prequeltrilogy yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise al ûntwikkele doe't de beide lêste films fan 'e oarspronklike trilogy noch yn preproduksje wiene. Yn 1980 befêstige George Lucas dat er materiaal foar njoggen films hie, mar omreden fan 'e stress en swierrichheden dy't it meitsjen fan 'e fillms fan 'e oarspronklike trilogy oprôpen, besleat er tsjin 1981 om mar ôf te sjen fan fierdere films. Foarútgong fan technyk, benammen op it mêd fan special effects, oertsjûge him der om 'e midden fan 'e 1990-er jierren lykwols fan dat it no mooglik wêze moast om 'e films te meitsjen sa't se him oarspronklik foar eagen stien hiene. Yn 1997 waarden de films fan 'e orizjinele trilogy op 'e nij yn 'e bioskoop brocht, nei't se remastere wiene mei de special effects dy't Lucas foar de twadde trilogy brûke woe.
Dy twadde trilogy waard eins in prequel fan 'e oarspronklike trilogy. De nûmering fan 'e ôfleverings (Ingelsk: episodes), dêr't by de earste trilogy nea net folle omtinken oan jûn wie, waard dêrom no fan belang. De films fan 'e oarspronklike trilogy wiene Episodes IV, V en VI, en de films fan 'e prequeltrilogy waarden Episodes I, II en III en spilen dus foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e oarspronklike trilogy. Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard útbrocht yn 1999 en krige rûnom omtinken yn 'e media. Der kaam lykwols op ferskate punten gâns krityk fan fans, en fan gefolgen paste Lucas it ferhaal foar Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) oan, wat wer ta krityk fan oare fans late.
Mei de help en yn it selskip fan Padmé Amidala (Natalie Portman), de fjirtjinjierrige keninginne fan Naboo, en in knoffelige Gungaanske ferstjitling dy't Jar Jar Binks (Ahmed Best) hjit, witte Qui-Gon en Obi-Wan fan Naboo te ûntsnappen. Mei't harren romteskip averij oprûn hat, meitsje se ûnderweis nei de Galaktyske haadstêd op 'e planeet Coruscant in tuskenstop op 'e woastynplaneet Tatooine. Dêr moetsje de beide Jedi in njoggenjierrige slaaf dy't Anakin Skywalker (Jake Lloyd) hjit. Mei't er derfan oertsjûge is dat er yn Anakin de "Utkarde" út 'e profesijen fûn hat, nimt Qui-Gon de jonge oan as learling, ek al wurdt him dat ûntret troch oare Jedi-ridders, ûnder wa Yoda (Frank Oz).
Op Coruscant blykt de Galaktyske Senaat net folle foar Naboo dwaan te kinnen, en fan gefolgen bepraat senator Palpatine keninginne Padmé om in moasje fan wantrouwen yn stimming te bringen. De hjoeddeistige kânselier Finis Valorum (Terence Stamp) wurdt dêrtroch út syn funksje ûntheft en Palpatine wit eltsenien sa te bespyljen dat er sels it kânselierskip oernimme kin. Padmé Amidala keart mei Qui-Gon, Obi-Wan en Jar Jar werom nei Naboo, dêr't se mei de help fan Jar Jar in bûnsgenoatskip mei de Gunganen wit te sluten, de oare yntelliginte soarte op 'e planeet. Wylst de Gunganen it leger fan androïden fan 'e Hannelsfederaasje befjochtsje yn in iepen fjildslach, bine de Nabooaanske piloaten en Anakin de striid oan tsjin 'e blokkade fan 'e planeet. Qui-Gon en Obi-Wan treffe op Naboo Darth Maul (Ray Park), de learling fan Darth Sidious. As dy Qui-Gon deadlik wit te ferwûnjen ear't er ferslein wurdt, nimt Obi-Wan de taak oer om Anakin op te lieden ta Jedi-ridder.
Star Wars: Episode I – The Phantom Menace waard regissearre troch George Lucas nei in senario fan himsels. De film gie op 16 maaie1999 yn premiêre, en brocht $1.027 miljoen op tsjin in budget fan $115 miljoen. Dêrmei wie Star Wars: Episode I – The Phantom Menace de meast opbringende film fan 1999 en (doedestiden) de op ien nei meast opbringende film aller tiden (nei Titanic). De film waard nominearre foar 3 Oscars, 2 BAFTA's en in Grammy en wûn 2 Saturn Awards.
Star Wars: Episode II – Attack of the Clones spilet tsien jier nei de foarfallen yn The Phantom Menace. Op it libben Padmé Amidala (Natalie Portman), dy't nei de ein fan har termyn as keninginne no de senator foar Naboo is, wurdt in oanslach útfierd, dy't lykwols mislearret. Jedi-ridder Obi-Wan Kenobi (Ewan McGregor) en syn learling Anakin Skywalker (Hayden Christensen) krije opdracht om har te beskermjen. Wylst Obi-Wan de slûpmoardner opspoart, dûkt Padmé ûnder. Sy en Anakin, dy't as har liifwacht fungearret, reitsje fereale opinoar en begjinne in geheime relaasje.
Underwilens behelje de yntriizjes fan kânselier Palpatine (Ian McDiarmid), dy't bedoeld binne om himsels ta allinnehearsker te meitsjen, it stjerrestelsel yn 'e Kloane-oarloggen tusken in Republikeinsk leger fan kloandesoldaten oanfierd troch de Jedi, en de androïdestriidkrêften fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, ûnder lieding fan greve Dooku (Christopher Lee). Dy lêste is temûk ek de nije learling fan Sith-master Darth Sidious, it alter ego fan kânselier Palpatine. Dooku docht him foar as de lieder fan in stikmannich planetestelsels dy't har fan 'e Galaktyske Republyk ôfskiede wolle en feroarsaket sa in krisis dy't Palpatine de kâns jout om himsels macht ta te eigenjen dy't er inkeld yn in needtastân bemachtigje kin.
As Obi-Wan op 'e planeet Geonosis troch Dooku finzen nommen wurdt, sette Anakin en Padmé dêrhinne om him te rêden. Ynstee wurde se sels ek finzen nommen. Dooku leit it trio de deastraf op, dy't útfierd wurde sil troch in gefjocht mei publyk tsjin ferskuorrende wylde bisten yn in arena. Se wurde rêden troch in bataljon kloansoldaten, oanfierd troch Yoda (Frank Oz), Mace Windu (Samuel L. Jackson) en oare masters fan 'e Hege Jedi Ried. Yn it gefjocht ferwûnet Dooku Obi-Wan en slacht Anakin de rjochterhân ôf, mar Yoda komt tuskenbeiden en ferdigenet de oare Jedi. Dooku kin him net oer, dat hy pykt út nei Coruscant, dêr't er de blaudrukken fan in superwapen (de Deadsstjer) by Palpatine ôfleverje moat. De Hege Jedi Ried, dy't noch altyd net foar it ferstân hat dat Palpatine en Darth Sidious ien en deselde persoan binne, is ûntrêstge troch Dooku syn bewearing dat Darth Sidious de Galaktyske Senaat behearsket.
Star Wars: Episode II – Attack of the Clones waard regissearre troch George Lucas nei in senario fan himsels en Jonathan Hales. De film gie op 16 maaie2002 yn premiêre, en brocht $653,8 miljoen op tsjin in budget fan $115 miljoen. Dêrmei wie de film de op twa nei meast opbringende film fan 2002 yn Noard-Amearika (nei Spider-Man en The Lord of the Rings: The Two Towers) en de op trije nei meast opbringende film fan dat jier wrâldwiid (nei The Lord of the Rings: The Two Towers, Harry Potter and the Chamber of Secrets en Spider-Man). Star Wars: Episode II – Attack of the Clones waard nominearre foar ien Oscar.
Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith spilet trije jier nei it begjin fan 'e Kloane-oarloggen. Anakin Skywalker (Hayden Christensen) rekket sa njonkelytsen desyllúzjonearre mei it tuike-tuikebelied fan 'e Hege Jedi Ried. Dêropta begjint er fizioenen te krijen fan Padmé (Natalie Portman) dy't ferstjert yn it kreambêd. Palpatine (Ian McDiarmid), dy't himsels foardocht as in freon, hat it fertrouwen fan Anakin witten te winnen. No iepenbieret er him einlings as Darth Sidious en makket er Anakin wiis dat de tsjustere kant fan de Krêft him it fermogen jaan kin en hâldt Padmé yn libben. Wanhopich om Padmé te rêden ûnderwerpt Anakin him oan Palpatine. Hy wurdt syn Sith-learling en nimt de namme Darth Vader oan.
Palpatine is no ree om iepentlik de macht te gripen, dat hy makket him oan 'e Jedi bekend as Darth Sidious en jout opdracht om alle Jedi út te rûgjen. Tagelyk ferklearret er de Galaktyske Republyk foar beëinige en ropt it Galaktysk Keizerryk út, mei himsels as keizer. De kloansoldaten krije befel om oeral yn it stjerrestelsel harren Jedi-ofsieren om te bringen. Op Coruscant wurdt de sit fan 'e Hege Jedi Ried oanfallen. Anakin reizget nei de planeet Mustafar om dêre de lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels (dy't Palpatine no fierder net mear brûke kin), út te moardzjen. Obi-Wan Kenobi (Ewan McGregor) moetet him dêre, en de beide mannen fjochtsje in duël út, dat einiget as Obi-Wan syn eardere learling foar dea efterlit.
Underwilens ûntflechtet Yoda (Frank Oz) Coruscant mei senator Bail Organa fan Alderaan, nei't er Darth Sidious befochten hat oant net ien fan beiden winne koe. Letter jouwe Obi-Wan en Padmé harren by har, wêrnei't Padmé it libben skinkt oan in twilling, in jonkje en in famke, dy't se Luke en Leia neamt. Se ferstjert koarte tiid letter, mei't se de wil om te libjen ferlern hat troch it ferrie fan Anakin. Neitiid helje Obi-Wan en Yoda de twillingen foar har eigen feilichheid útinoar om se apart te ferskûljen. Yn Coruscant docht bliken dat Darth Vader dochs net alhiel dea is, al skeelt it net folle. Palpatine lit him omfoarmje ta in cyborg om him yn libben te hâlden en fertelt him dat er Padmé sels ombrocht hat yn in fleach fan razernij.
Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith waard regissearre troch George Lucas nei in senario fan himsels. De film gie op 19 maaie2005 yn premiêre, en brocht $868,4 miljoen op tsjin in budget fan $113 miljoen. Dêrmei wie Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith wrâldwiid de op ien nei meast opbringende film fan 2005 (nei Harry Potter and the Goblet of Fire) en yn Noard-Amearika de meast opbringende film fan dat jier. Hoewol't Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith troch de filmkritisy better ûntfongen waard as de foargeande beide dielen fan 'e prequeltrilogy, waard de film mar nominearre foar ien Oscar. Fierders waard er nominearre foar 10 Saturn Awards en wûn er dêrfan de priis foar bêste science fiction-film.
Star Wars-ferfolchtrilogy
Al yn 1978 fertelde Star Wars-betinker George Lucas yn in fraachpetear mei it tydskriftTime dat er plannen hie foar in trilogy fan trilogyen, oftewol njoggen ûnderskate films. It wurk dat mank gie mei it meitsjen fan in filmtrilogy fan dit kaliber foel Lucas lykwols raar ôf. Sadwaande besleat er yn 1981 om inkeld de oarspronklike Star Wars-trilogy te ôf te meitsjen en dêrnei ôf te sjen fan fierdere films. Technologyske foarútgong helle him mids 1990-er jierren oer om dochs nochris in filmtrilogy te meitsjen, dy't de Star Wars-prequeltrilogy waard. Op 'e nij foel it wurk him ôf, en fan it stuit ôf dat er oan 'e prequeltrilogy begûn te wurkjen, hold Lucas in skoft út dat Star Wars altyd al in seisdielige searje wurde moatten hie, en dat der gjin sprake wêze koe fan mear as seis films.
By de ferkeap fan Lucasfilm droech Lucas syn kladferzjes fan 'e senario's foar de films fan 'e ferfolchtrilogy oer oan filmprodusinteKathleen Kennedy, dy't foar Disney de nije algemien direktrise fan Lucasfilm waard. Hja wie letter ek as útfierend produsinte belutsen by de produksje fan 'e ferfolchtrilogy, mar de kladskripten fan Lucas waarden troch Disney oan kant lein yn it foardiel fan oare ferhaallinen. Tagelyk waard dêrmei ek it Star Wars Expanded Universe ôftanke, dat in útwreide ferzje fan it Star Wars-universum wie, sa't dat fêstlein wie yn oare media, lykas romans en fideospultsjes. In grut diel fan wat oan 2012 ta diel útmakke fan 'e offisjele Star Wars-kanon waard nammentlik retcond doe't de films fan 'e ferfolchtrilogy it ferhaal in hiel oare kant útgean lieten. As reden dêrfoar joech Disney op dat men de filmmakkers "maksimale kreätive frijheid" jaan woe en "in elemint fan ferrassing en ûntdekking foar it publyk bewarje" woe.
Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens is it likernôch tritich jier nei de ferneatiging fan 'e twadde Deadsstjer en de dea fan keizerPalpatine yn 'e Slach by Endor. Dat barren hat it Galaktysk Keizerryk ûnder fuotten helle, en yn it stee dêrfan hawwe de eardere rebellen in Nije Republyk oprjochte. De restanten fan it Keizerryk binne ûnderwilens gearklofte ta de Earste Oarder, dy't de Nije Republyk besiket te ferdylgjen om fannijs it Keizerryk te fêstigjen. Dat stribjen kantet it Ferset him tsjin oan, in organisaasje dy't oanfierd wurdt troch Han Solo (Harrison Ford) en syn frouLeia Organa (Carrie Fisher). Sadwaande is der op 'e nij boargeroarloch yn it Stjerrestelsel.
Star Wars: Episode VII – The Force Awakens waard regissearre troch J.J. Abrams nei in senario fan himsels, Lawrence Kasdan en Michael Arndt. De film gie op 14 desimber2015 yn premiêre, en brocht $2.068 miljoen op tsjin in budget fan $258,6 miljoen. Dêrmei wie Star Wars: Episode VII – The Force Awakens de meast opbringende film fan 2015, de meast opbringende film aller tiden yn Noard-Amearika en de op twa nei meast opbringende film aller tiden wrâldwiid (nei Avatar en Titanic). De film waard nominearre foar 5 Oscars, mar wûn net ien. Foar de Golden Globes koe de film net meitingje om't er pas útkaam nei't de nominaasjes fan dy prizen al bekendmakke wiene. Star Wars: Episode VII – The Force Awakens wûn twa BAFTA's (fan 4 nominaasjes) en 8 Saturn Awards (fan 13 nominaasjes).
Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi fynt Rey (Daisy Ridley) Luke Skywalker (Mark Hamill) yn frijwillige ballingskip werom. Se besiket him te bepraten en lear har om te gean mei de Krêft. Tagelyk siket se ek nei antwurden oer har eigen ferline en it konflikt tusken Luke en syn omkesizzer Ben Solo, dy't himsels no Kylo Ren (Adam Driver) neamt. Sûnder dat Luke it wit, begjint Rey de Krêft te brûken om mei Kylo te kommunisearjen. Underwilens jout Leia (Carrie Fisher) lieding oan it Ferset, dat ferfolge wurdt troch de Earste Oarder fan opperste lieder Snoke. Rey ferlit Luke om te besykjen en helje Kylo oer nei de ljochte kant fan 'e Krêft. Se hat har it idee yn 'e holle helle dat se op dy wize net inkeld him rêde kin, mar ek frede bringe kin yn it stjerrestelsel. As Kylo Snoke út 'e wei rommet, moat Rey lykwols kieze tusken de hearskippij oer it Stjerrestelsel as syn oarehelte en it helpen fan it Ferset dat yn 'e benearing rekke is en útrûge driget te wurden.
Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard regissearre troch Rian Johnson nei in senario fan himsels. De film gie op 9 desimber2017 yn premiêre, en brocht $1.333,3 miljoen op tsjin in budget fan $200 oant 317 miljoen. Dêrmei wie Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi de meast opbringende film fan 2017 en de op acht nei meast opbringende film aller tiden. De film waard nominearre foar 4 Oscars (mar wûn net ien). Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi waard ek nominearre foar 2 BAFTA's (net ien wûn) en 13 Saturn Awards (3 wûn).
Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, dat in jier nei de foarfallen yn 'e foargeande film spilet, komt de hiele Skywalker Saga úteinlik ta in klimaktysk treffen tusken de krêften fan goed en kwea, fertsjintwurdige troch it Ferset en de Earste Oarder en troch de Jedi en de Sith. It docht bliken dat keizer Palpatine (Ian McDiarmid) wer opstien is út 'e dea en temûk al in skoft de Earste Oarder bestjoert fan 'e Sith-planeet Exegol ôf. Hy jout Kylo Ren (Adam Driver) befel om Rey (Daisy Ridley) te finen en te deadzjen, dy't de pakesizzer fan Palpatine blykt te wêzen. De keizer hat yn it ferhoalene in nije float stjerreslachskippen boud om it Stjerrestelsel mei werom te feroverjen. Rey en it Ferset krije lucht fan 'e weromkear fan Palpatine en sette útein mei in syktocht om him op te spoaren. Lang om let fine se Exegol, dêr't Rey de konfrontaasje mei har pake oangiet, wylst it Ferset de float fan Palpatine oanfalt.
Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker waard regissearre troch J.J. Abrams nei in senario fan himsels en Chris Terrio. De film gie op 16 desimber2019 yn premiêre, en brocht $1.074,1 miljoen op tsjin in budget fan $275 miljoen. Dêrmei wie it de op seis nei meast opbringende film fan 2019 en teffens ien fan 'e djoerste films ea makke. Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker waard nominearre foar 3 Oscars (mar wûn net ien). De film waard ek nominearre foar 3 BAFTA's, ien Grammy Award, in Hugo Award en 12 Saturn Awards (dêr't er 5 fan wûn).
Op harsels steande films
Njonken de njoggen films fan 'e Skywalker Saga, dy't in trochrinnend ferhaal fertelle, omfiemet de filmsearje fan Star Wars ek noch ferskate op harsels steande films. Anno 2022 giet it dêrby om twa live-actionfilms en ien langetekenfilm, mei noch ferskate oar live-actionfilms yn preproduksje.
Yn Rogue One: A Star Wars Story, dat in wike foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope spilet, wurde Jyn Erso (Felicity Jones) en Cassian Andor (Diego Luna) der troch it Rebelleferbûn op útstjoerd om Jyn har heit Galen Erso (Mads Mikkelsen) te finen. Dyselde is in wittenskipper dy't ûnder twang foar it Galaktysk Keizerryk oan 'e bou fan 'e Deadsstjer wurket. Jyn mient dat se har heit rêde sille, mar Andor hat yn it geheim befel krigen om Galen Erso te fermoardzjen. Uteinlik witte Jyn, Andor en harren meistanners de blaudrukken foar de Deadsstjer yn 'e hannen te krijen, en oan 'e lieding fan it Rebelleferbûn troch te spyljen. De film lit ek de earste effektive oerwinning fan it Rebelleferbûn op 'e Keizerlike Striidkrêften sjen, dêr't gewach fan makke waard yn 'e iepeningstekst fan Star Wars: Episode IV – A New Hope.
Rogue One: A Star Wars Story waard regissearre troch Gareth Edwards nei in senario fan Chris Weitz en Tony Gilroy. De film gie op 10 desimber2016 yn premiêre, en brocht $1.056,0 miljoen op tsjin in budget fan $220 miljoen. Dêrmei wie Rogue One de op ien nei meast opbringende film fan 2016 (nei Captain America: Civil War) en de op 19 nei meast opbringende film aller tiden, mar ek ien fan 'e djoerste films dy't ea makke wie. Rogue One waard nominearre foar û.m. 2 Oscars, 2 BAFTA's en in Hugo Award, en wûn 3 Saturn Awards (fan 11 nominaasjes). De tillefyzjesearjeAndor is in spin-off fan Rogue One.
Rogue Squadron: A Star Wars Story wie in oankommende Star Wars-film fan 'e Antologysearje, dy't yn 2020 troch Disney en regisseur Patty Jenkins oankundige waard. Neffens de offisjele webside fan Star Wars sil Rogue Squadron "in nije generaasje stjerrejagerpiloaten yntrodusearje by it winnen fan har brevet en it weagjen fan har libbens yn in grinsferlizzende achtbaanrit mei in heech tempo, dy't de filmsearje nei in takomstich tiidrek fan it stjerrestelsel bringe sil." It wie de bedoeling dat Rogue Squadron op 22 desimber2023 yn premiêre gean soe. Yn septimber2022 waard lykwols bekendmakke dat de film fan 'e produksjekalinder fan Disney skrast wie. Oan 'e oare kant sei regisseur Patty Jenkins yn desimber fan dat jier dat se der noch oan wurke. Yn april2023 sei produsinte Kathleen Kennedy dat it skoan kinne soe dat it projekt dochs noch trochgie, miskien as in film, of oars mooglik as in tillefyzjesearje.
Oare takomstige, mooglike en skraste live-actionfilms
Ferskate oare oankundige Star Wars-projekten binne ûnderwilens skrast. Sa waard yn 2013 de produksje fan in spin-off-film oankundige dy't op basis fan in senario fan Simon Kinberg makke wurde soe oer de aventoeren fan 'e preemjejagerBoba Fett yn deselde tiid as de oarspronklike Star Wars-trilogy. Tsjin oktober2018 waard dúdlik dat dy film út produksje helle wie yn it foardiel fan 'e tillefyzjesearjeThe Mandalorian, dy't itselde ûnderwerp behannele mei in oare haadpersoan. In mids 2014 oankundige film ûnder rezjy fan Josh Trank oer in net bekendmakke ûnderwerp rûn yn 2015 op 'e klippen doe't Trank mei rûzje by it projekt weirekke.
Yn febrewaris2018 waard bekendmakke dat David Benioff en D.B. Weiss, de makkers fan 'e súksesfolle fantasytillefyzjesearjeGame of Thrones, in nije Star Wars-filmtrilogy skriuwe en produsearje soene, wêrfan't de dielen yn 'e bioskoop komme soene yn desimber fan 2022, 2024 en 2026. Dat projekt rûn lykwols yn oktober2019 op 'e non doe't Benioff en Weiss ta de konklúzje kamen dat it wurk net te kombinearjen wie mei harren earder oangiene ferplichtings foar Netflix. Nettsjinsteande dat sei Kathleen Kennedy, de algemien direktrise fan Lucasfilm, dat de studio iepen stie foar it ferfetsjen fan it projekt troch Benioff en Weiss wannear't sy har dat oan tiid diene.
Yn 'e tabel hjirûnder wurdt in oersjoch jûn fan 'e wichtichste personaazjes út 'e live action-films fan 'e Star Wars-franchise en de akteurs dy't dy rollen spile hawwe.
*) Darth Vader en Anakin Skywalker binne deselde persoan, mar wurde spile troch ferskillende akteurs ¹) lichaamlik foarkommen ²) dialooch ynsprutsen ³) poppespul
Opbringsten fan 'e Star Wars-filmsearje
boarne: de sifers yn dizze tabel op 'e Ingelske Wikipedy. (Trochdat de films gauris op 'e nij yn 'e bioskoop brocht wurde, kinne de opbringstbedraggen ferskille mei sifers út oare boarnen as lettere opbringsten net of just al meirekkene wurde.)
De Star Wars Holiday Special folget yn 'e gronology fan Star Wars direkt op Star Wars: Episode IV – A New Hope. It is in bûnt gehiel fan nije opnamen, argyfbylden út A New Hope, deryn bemongen sketches mei bekende Amerikanen, musicalnûmers en in animearre segmint, dat min ofte mear byinoar holden wurdt troch in ferhaalline wêryn't Han Solo (Harrison Ford) en de WookieeChewbacca (Peter Mayhew) ôfreizgje nei Kashyyyk, de thúswrâld fan 'e Wookiees, foar de fiering fan in hjeldei dy't Libbensdei hjit. De stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk sitte harren lykwols op 'e hakken en hâlde hûssiking by Malla (Mickey Morton), Chewbacca syn frou, en harren jonge soan Lumpy (Patty Maloney). Han en Chewbacca komme pas del as de stoarmtroepers al wer ôfset binne sûnder wat bedijd te hawwen, mar ien erchtinkende soldaat is efterbleaun en wurdt troch Han deamakke as er harren trappearret. In syktocht nei de missende stoarmtroeper kin foarkomd wurde troch de oerhearrigen fan 'e man wiis te meitsjen dat er desertearre is. Dêrnei kin it einlings wurde mei de fiering fan Libbensdei.
De Star Wars Holiday Special waard regissearre troch Steve Binder nei in senario fan Pat Proft, Leonard Ripps, Bruce Vilanch, Rod Warren en Mitzie Welch. It wie in tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e oankommende krystdagen, mei in spyldoer fan 98 minuten. De Star Wars Holiday Special waard op 17 novimber1978 op 'e Amerikaansketillefyzje útstjoerd troch it tillefyzjenetwurkCBS. De special is berucht om 'e ekstreem negative ûntfangst en is neitiid nea op 'e tillefyzje werhelle, noch is er ea útbrocht op VHS, dvd of blu-ray. De iennichste ferzjes dy't yn omrin binne fan 'e Star Wars Holiday Special, binne sadwaande partikuliere opnamen troch fans fan 'e iennichste tillefyzje-útstjoering, dy't klandestyn ferhannele wurde.
Caravan of Courage: An Ewok Adventure waard regissearre troch John Korty nei in senario fan Bob Carrau. De makkers fan 'e film keazen foar in styl dy't gâns ôfwykt fan oare films út 'e Star Wars-franchise, mei as opmerklikste feroaring de tafoeging fan in alwittende ferteller yn in voice-over dy't ynsprutsen waard troch Burl Ives. Yn 'e Feriene Steaten kaam de film ûnder de titel An Ewok Adventure op 25 novimber1984 op 'e tillefyzje by it netwurk ABC. Om utens waard er yn guon lannen yn in beheind tal bioskopen útbrocht, en dêrfoar waard de titel oanpast ta Caravan of Courage: An Ewok Adventure. De film wûn yn 1985 in Emmy foar bêste special effects.
Ewoks: The Battle for Endor is in ferfolch op Caravan of Courage, dat likernôch in healjier neitiid spilet. De reparaasjes fan it romteskip fan 'e Towani's binne hast klear as de boasaardigehear Terak (Carel Struycken), syn heks-eftige helpster Charal (Siân Phillips) en harren bindeplonderders it doarp fan 'e pleatslike Ewoks oanfalle. Gâns Ewoks wurde finzen nommen, en Jeremitt (Paul Gleason), Catarine en Mace (Eric Walker) wurde deamakke as se harren freonen te help komme. Cindel (Aubree Miller), no in jong weesfamke, en Wicket (Warwick Davis) pike tegearre út en fine beskûl by Noa Briqualon (Wilford Brimley), in oare minske dy't ek op 'e Boskmoanne strâne rekke is. As Charal Cindel fynt en ûntfiert, geane Noa en Wicket derefteroan om har te befrijen, wat liedt ta in kontrontaasje mei Terak.
Ewoks: The Battle for Endor waard regissearre troch Ken en Jim Wheats nei in senario fan harrensels. De film waard op 24 novimber1985 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch ABC. Ewoks: The Battle for Endor wûn yn 1986 in Emmy foar bêste special effects.
It sjenre fan The Mandalorian wurdt omskreaun as in romtewestern, in ferminging fan science fiction en western. Anno 2023 rint de searje trije seizoenen (fan it neijier fan 2019 ôf) mei acht ôfleverings yn elts seizoen. The Mandalorian wurdt distribuëarre fia de streamingtsjinstDisney+ en wie fan it begjin ôf oan ien fan 'e paradehynderkes fan dat platfoarm. De searje waard makke mei baanbrekkende special effects fan Industrial Light & Magic (ILM), lykas in fideomuorre fan 360° dy't de dekôrs kreëarret. Neffens in berjocht út augustus2018 soe The Mandalorian likernôch $100 miljoen per 10 ôfleverings kostje om te meitsjen. Ferskate spin-offsearjes kamen út The Mandalorian fuort, wêrûnder The Book of Boba Fett en Ahsoka.
The Acolyte is in achtdielige live-actionminysearje wêrfoar't de plannen yn april2020 foar it earst nei bûten brocht waarden troch it Amerikaanske tydskriftVariety. Letter dat jier waard bekendmakke dat it ferhaal spylje sil oan 'e ein fan it tiidrek fan 'e Hege Republyk, likernôch 100 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. De opnamen begûnen op 30 oktober2022. De earste ôfleverings kamen op 4 juny2024 beskikber fia Disney+.
Oare takomstige, mooglike en skraste live-actiontillefyzjesearjes
Der binne noch ferskate oare live-actiontillefyzjesearjes yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise yn preproduksje, dêr't no noch net fan te sizzen is wannear't se útbrocht wurde sille.
Ferskate oare plande live-actiontillefyzjesearjes binne ûnderwilens skrast. Star Wars: Underworld wie in projekt dat yn 2005 betocht en yn 2007 troch George Lucas oankundige waard. It moast in spannende, tsjustere searje wurde oer bekende personaazjes as Han Solo, Chewbacca, Lando Calrissian, Boba Fett, C-3PO en keizerPalpatine, mar mear praatsk as de Star Wars-films en kwa ûntwikkeling wat mear útskaaiend nei in soapsearje (neffens Lucas sels). Yn 2012 waard bekend dat it projekt de wurktitelStar Wars: Underworld hie. Der wiene plannen foar mear as hûndert ôfleverings fan 42 minuten it stik, dêr't al fyftich senario's foar skreaun wiene. Nei de oankeap fan Lucasfilm troch Disney waard it projekt lykwols stillein. De films Rogue One en Solo waarden letter ûntwikkele út skripts dy't skreaun wiene foar ôfleverings fan Star Wars: Underworld.
In oar skrast Star Wars-projekt is in live-actionsearje om it personaazje Cara Dune hinne. Sa'n searje waard, nei't der grute waard, yn novimber2020 troch Lucasfilm yn omtinken nommen. Nei't Gina Carano, dy't de rol fan Cara Dune fertolke yn 'e searje The Mandalorian, yn novimber2020 en febrewaris2021 kontroversjele berjochten op sosjale media sette, kappe Disney alle bannen mei har troch en wie in searje oer har personaazje fan 'e baan.
Star Wars: Droids wie in tekenfilmsearje foar bern út 1985 dy't ien seizoen rûn. Der waarden 13 ôfleverings fan likernôch 22 minuten it stik makke, yn juny1986 oanfolle troch in tillefyzjespecial (Star Wars: Droids – The Great Heep) mei in spyldoer fan in oere. De searje folget de aventoeren fan 'e sympatike androïdenR2-D2 en C-3PO en spilet yn it gat fan krapoan tweintich jier dat bestiet tusken de ein fan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith en it begjin fan Star Wars: Episode IV – A New Hope yn. Star Wars: Droids waard tegearre mei de kwalitatyf bettere sustersearje Ewoks op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch ABC yn it ramt fan it saneamde Ewoks and Droids Adventure Hour.
Der waarden yn totaal 25 ôfleverings fan 'e searje makke, dy't yn 'e earste beide seizoenen elts 2 oant 3 minuten lang wiene, mar de fiif ôfleverings fan seizoen 3 hiene in spyldoer fan 12 minuten it stik. Star Wars: Clone Wars waard oarspronklik útstjoerd op it Cartoon Network en wûn twaris de Emmy Award foar bêste animaasjeprogramma. Nei de oername fan Lucasfilm troch Disney yn 2012 gie men mei it Star Wars-ferhaal in oare kant út en sûnt wurde de foarfallen yn Star Wars: Clone Wars net mear beskôge as behearrend ta de Star Wars-kanon.
Star Wars: The Clone Wars wie in langrinnende searje, dêr't 133 ûnderskate ôfleverings fan makke waarden fan likernôch 22 minuten it stik, ferdield oer seis tillefyzjeseizoenen fan 2008 oant en mei 2014. Dêrfan waarden de earste fiif seizoenen útstjoerd troch it Cartoon Network, wylst it sechsde publisearre waard fia de streamingtsjinst Netflix. In sânde seizoen waard nei in hiaat fan seis jier yn 2020 makke en ferspraat fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan The Walt Disney Company. De ôfleverings fan 'e lêste beide seizoenen, dy't har net mear hoegden te hâlden oan tillefyzjeskema's, hiene in langere spyldoer, fan tusken de 24 en 26 minuten. Star Wars: The Clone Wars wûn 5 Emmys.
Star Wars: Rebels is de earste kompjûteranimearre tekenfilmsearje fan 'e Star Wars-franchise, dy't fan 2014 oant en mei 2018 fjouwer seizoenen lang rûn en oarspronklik útstjoerd waard op it tillefyzjekanaalDisney XD. De searje folget in groepke fersetsstriders fan it Rebelleferbûn, ûnder wa de jonge Ezra Bridger, by harren aventoeren yn 'e jierren dy't foarôfgean oan 'e foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope. Der waarden yn totaal 75 ôfleverings makke, ynklusyf in koartetillefyzjefilm mei de spyldoer fan in oere as pilotôflevering fan elts seizoen. Dat wiene: Spark of Rebellion (2014), The Siege of Lothal (2015), Steps into Shadow (2016) en Heroes of Mandalore (2017). Star Wars: Rebels wûn twaris de Saturn Award foar bêste animearre searje of film op 'e tillefyzje.
Star Wars: Galaxy of Adventures is in tekenfilmsearje foar bern dy't fan 2018 oant en mei 2020 twa seizoenen rûn. Der waarden yn totaal 55 ôfleverings fan makke, elts mei in spyldoer fan likernôch 3 minuten it stik. De searje makke gebrûk fan in stilearre foarm fan animaasje om wichtige sênes út 'e Star Wars-franchise op 'e nij stal te jaan, mei in ynliedende voice-over troch Dante Basco en fierders audio fan 'e oarspronklike live-actionfilms. Star Wars: Galaxy of Adventures waard ferspraat fia it YouTube-kanaal fan 'e websideStarWarsKids.com.
Star Wars: Roll Out is in tekenfilmsearje foar bern dy't ien seizoen rûn, fan 2019 oant en mei 2020. Der waarden yn totaal 16 ôfleverings makke, mei in spyldoer fan inkele minuten it stik. De filmkes jouwe de haadpersoanen fan 'e Star Wars-franchise wer yn bolfoarm, sa't de androïdeBB-8 der altyd al útsjocht, en meitsje fierders gebrûk fan in bernefreonlike cut-outanimaasjestyl. Star Wars: Roll Out waard ferspraat fia de webside en it YouTube-kanaal fan StarWarsKids.com.
Star Wars: Galaxy of Creatures
Star Wars: Galaxy of Creatures is in tekenfilmsearje foar bern dy't yn 2021 ien seizoen rûn. Der waarden 12 ôfleverings makke, dy't elts in spyldoer hiene fan inkele minuten. De filmkes folgje de androïde SF-R3 ("Aree") wylst er by syn reizen troch it Stjerrestelselkennis opdocht oer de fauna fan ûnderskate planeten. Star Wars: Galaxy of Creatures waard ferspraat fia de webside fan StarWarsKids.com.
Star Wars: Visions is in tekenfilmsearje út 2021 yn Japanskeanimestyl, dy't bestiet út njoggen ôfleverings mei in spyldoer fan 13 oant 22 minuten it stik. It is eins in soarte fan blomlêzing, mei't eltse ôflevering makke is troch oare animators en in oar ûnderwerp behannelet. Se spylje allegearre yn it Star Wars-hielal, mar binne net beheind ta kanonike tiidlinen. Star Wars: Visions waard yn twa talen (Ingelsk en Japansk) ferspraat fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan The Walt Disney Company.
Star Wars: The Bad Batch is in tekenfilmsearje dy't yn 2021 úteinsette en anno 2022 dwaande is mei it twadde seizoen. De rige spilet fuort nei ôfrin fan 'e Kloane-oarloggen en de fêstiging fan it Galaktysk Keizerryk, lykas werjûn oan 'e ein fan 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith. It ferhaal folget in geweargroep fan fiif eardere kloansoldaten, de "minne kloft" (bad batch) út 'e titel, wylst se as hierlingen it Stjerrestelsel troch reizgje. It earste seizoen fan 'e searje omfette 16 ôfleverings mei in spyldoer fan 23 minuten it stik. Star Wars: The Bad Batch wurdt ferspraat fia Disney+.
Star Wars: Galactic Pals
Star Wars: Galactic Pals is in tekenfilmsearje mei koarte ôfleverings, dy't op 12 april2022 foar it earst publisearre waard fia StarWarsKids.com en YouTube. It is in spin-off fan 'e aventoeren fan 'e robot SF-R3 ("Aree") út Star Wars: Galaxy of Creatures. Yn dizze nije searje jout Aree him by M1-RE ("Miree"), foar nije aventoeren by it bestudearjen fan 'e libbensfoarmen fan it Stjerrestelsel.
Oare takomstige, mooglike en skraste tekenfilmsearjes
Star Wars: Detours is in animearreparodysearje fan Star Wars, dy't makke waard troch de betinkers fan 'e satiryske tekenfilmrige Robot Chicken. De produksje begûn yn 2012, doe't de filmstudioLucasfilm noch selsstannich wie. Der waarden 39 ôfleverings makke en senario's skreaun foar noch 62 oaren. Nei de oername fan Lucasfilm troch Disney, letter yn 2012, foel it projekt lykwols yn ûngenede. By Disney seach men der neat yn, dat yn 2013 waard it foar ûnbeskate tiid stillein. De al makke ôfleverings waarden nea útstjoerd.
Sjoch foar in folsleine en byholden list fan alle strips, dy't yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise útbrocht binne, dizze side yn 'e Ingelske Wikipedy.
Yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise binne ek gâns fideospultsjes ferskynd, neffens in telling út 2017 mear as hûndert. Sjoch foar in folsleine en byholden list fan alle Star Wars-fideospultsjes dizze side yn 'e Ingelske Wikipedy.
Rollespullen
Yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise binne ferskate rollespullen útbrocht. De wichtichsten binne:
Star Wars: The High Republic (fan 2020 ôf) is krekt sa'n multymediaprojekt. It spilet yn it tiidrek fan 'e Hege Republyk, likernôch 200 jier foar de foarfallen yn 'e films fan 'e Skywalker Saga, en is ferdield yn trije fazen: Light of the Jedi (2020-2022), Quest of the Jedi (fan 2022 ôf) en Trials of the Jedi (tiid noch ûnbekend). In subprojekt fan Star Wars: The High Republic is Star Wars: The Great Disaster, oer de ynfal yn 'e Galaktyske Republyk fan 'e antagonistyske "romte-Wytsingen" de Nihil, en it regaad meitsjen troch de Jedi. Star Wars: The High Republic omfettet romans, koarte ferhalen, strips, lústerboeken en fideospultsjes.
Star Wars Insider hat in protte ferskillende útjouwers hân, mar sûnt de midden fan 'e 2000-er jierren wurdt it blêd útbrocht troch Titan Magazines. Behalven yn 'e Feriene Steaten en oare Ingelsktalige lannen, lykas Kanada en Austraalje, wurdt Star Wars Insider ek troch Star Wars-fans yn oare lannen en territoaria lêzen, mar net yn Dútslân, dat syn eigen offisjele Star Wars-blêd hat: Star Wars: Das offizielle Magazin. Yn it Feriene Keninkryk bestie foarhinne ek in selsstannich blêd, Star Wars Magazine, mar dat gie yn 2007 op yn Star Wars Insider.
It súkses fan 'e films fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy hie as gefolch dat Star Wars al yn 'e 1980-er jierren ien fan 'e meast kommersjalisearre mediafranchises yn 'e wrâld waard. It bliek in geniale set te wêzen fan Star Wars-betinker George Lucas om by de produksje fan 'e orizjinele film yn 1977 yn te stimmen mei in hap fan $500.000 út syn eigen salaris om yn ruil dêrfoar it folsleine eignerskip fan 'e merchandisingrjochten op 'e franchise yn 'e hannen te krijen. Mear as alle opbringsten fan films en tillefyzjesearjes hat dat him smoarryk makke. Yn 1987 wie der mei de merchandising fan 'e oarspronklike filmtrilogy al $2,6 miljard fertsjinne; tsjin 2012 hie de merchandising om 'e earste seis films fan 'e Skywalker Saga hinne al $20 miljard opbrocht.
De popkes ("action figures") mei tabehear, dy't sûnt 1977 produsearre waarden troch Kenner Products, wiene tige populêr (foar in list, sjoch hjirre). Tsjintwurdich binne de ierste edysjes fan dy popkes, mitsdat se noch yn 'e oarspronklike ferpakking sitte dy't nea iepenmakke is, tige weardefolle collector's items. Sûnt de 1990-er jierren is de lisinsje foar de produksje fan Star Wars-action figures yn 'e hannen fan boartersguodprodusint Hasbro.
It earste boerdspul yn it ramt fan Star Wars wie Star Wars: Escape from the Death Star, dat yn 1977 tagelyk mei de earste film útbrocht waard. Ferzjes fan Monopoly, Trivial Pursuit en Battleship mei in Star Wars-tema waarden yn 1997 op 'e merk brocht. It bekende boerdspul Risk is troch produsint Hasbro twaris ta in Star Wars-tema adaptearre: Star Wars Risk: The Clone Wars Edition, út 2005, en Risk: Star Wars Original Trilogy Edition (2006).
De franchise linet fierders swier op 'e kweeste fan 'e held, in literêrmotyf dat al brûkt waard yn 'e Midsiuwskeridderromans. Yn 'e letterkunde waard it as in archetypysk sjabloan beskreaun troch Joseph Campbell, in saakkundige op it mêd fan 'e ferlykjende mytology. Eltse haadpersoan út 'e Skywalker Saga, te witten Luke yn 'e oarspronklike trilogy, Anakin yn 'e prequeltrilogy en Rey yn 'e ferfolchtrilogy, folget de stappen fan sa'n syklus of leit se efterstfoarst ôf om ta it kwea te ferfallen. In krúsjaal elemint is dêrby eat dat Campbell omskriuwt as "boetedwaning mei de heit". De ûntdekking fan Luke dat Darth Vader eins syn heit is, foarmet it sintrale draaipunt fan 'e hiele Skywalker Saga en wurdt beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste en meast ferrassende plotûntjouwings út 'e filmskiednis. It ferlies fan Qui-Gon Jinn, dy't in heitefiguer is foar Obi-Wan Kenobi, hat grutte ynfloed op 'e fierdere ûntwikkeling fan sawol Obi-Wan as Anakin, mei't Obi-Wan en keizer Palpatine allebeide heitefigueren binne foar Anakin. En opperste lieder Snoke fiteret Kylo Ren oan om syn heit Han Solo te fermoardzjen, wylst Kylo it feit dat Rey in wees is, brûkt om te besykjen har nei de tsjustere kant fan de Krêft oer te heljen.
Kulturele ynfloed
De Star Wars-franchise hat in oansjenlike ynfloed útoefene op 'e Amerikaanskekultuer en yndirekt ek op 'e popkultuer fan 'e hiele Westerske wrâld, dy't ommers sterk ûnder ynfloed stiet fan 'e Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood. Ferwizings nei it fiktivehielal fan Star Wars binne 45 jier nei it útkommen fan 'e earste film stevich ferankere yn it Amerikaansk-Ingelsk. Sa kaam al yn 'e 1980-er jierren it Strategic Defense Initiative, in Amerikaansk definsjeprogramma foar de ferdigening tsjin ynterkontinintale ballistyske raketten yn 'e folksmûle bekend te stean as it "Star Wars-programma". It gebrûk fan dy oantsjutting waard al rillegau sa algemien dat politisy it programma ek sa begûnen te neamen. Fierders binne frazen lykas evil empire ("ryk fan it kwea") en may the Force by with you ("mei de Krêft mei dy/jo wêze") ûnderdiel wurden fan it moderne spraakgebrûk.
De earste Star Wars-film, Star Wars: Episode IV – A New Hope, wie in kulturele ienmakker, mei't in protte minsken fan gâns ferskate eftergrûnen derfan genoaten en yn 'e wurdearring foar dy film wat hiene dat har mei-inoar ferbûn. Dyselde film wie, alteast foar in diel, ek ferantwurdlik foar de hommelse heechtijdagen dy't it sjenre fan science fiction yn 'e lette 1970-er en 1980-er jierren trochmakke. Science fiction-films, foartiid inkeld foarbeholden oan in tige beskaat diel fan it publyk, ûntjoech him yn dy tiid ta in mainstreamsjenre.
Troch it ûnbidige súkses fan Star Wars is de franchise fansels ek it doelwyt fan parodyen wurden. Bekende foarbylden dêrfan binne de film Spaceballs (1987) en Laugh It Up, Fuzzball: The Family Guy Trilogy, in trilogy fan tillefyzjespecials út 2007, 2009 en 2010 fan 'e tekenfilmsearje foar folwoeksenenFamily Guy, wêryn't de oarspronklike Star Wars-trilogy op komysk bedoelde wize neispile wurdt mei personaazjes út 'e searje. Fans fan Star Wars hawwe fierders in protte fanfiksje en ek fanfilms produsearre. Fan dy lêsten binne der safolle dat der yn 2002 sels in groep prizen foar ynsteld waard, de Official Star Wars Fan Film Awards, sponsore troch filmstudioLucasfilm. Ut noed oer ynbrek op copyright mochten dêr yn 't earstoan inkeld parodyen, mockumentarys en dokumintêres oan meidwaan, mar yn 2007 besleat Lucasfilm ek serieus bedoelde fanfilms foar de prizen meitingje te litten. De studio moediget de makkelei fan sokke films net oan, mar komt der likemin tsjin fanwegen salang't der gjin sprake is fan in winsteachmerk.