Filmyndustry

De filmyndustry beslacht de hiele sektor fan 'e wrâldekonomy dy't rjochte is op it meitsjen fan films. Dêrûnder falle filmstudio's, sinematografyske prosessen en technologyen, senarioskriuwen, alles dat te krijen hat mei de preproduksje, postproduksje en distribúsje fan films, filmfestivals, bioskopen, filmhuzen, filmakteurs, filmregisseurs, filmcrews, filmprodusinten, útfierend produsinten, senarioskriuwers en alle oare lju dy't mei it meitsjen, distribuëarjen en fertoanen fan films harren brea fertsjinje.

De kosten dy't ferbûn binne oan it meitsjen fan films hat derta laat dat filmproduksje frijwol fan it begjin ôf oan konsintrearre is yn 'e hannen fan grutte(re) filmstudio's. Troch de opkomst fan it ynternet en troch technologyske en digitale ûntwikkelings, mar ek troch de útwreiding fan 'e mooglikheden om films te finansieren (bgl. troch crowdfunding) wurde tsjintwurdich lykwols folle mear ûnôfhinklike films makke as eartiids.

De âldste konsintraasje fan filmyndustry yn 'e wrâld, en de grutste as men rekkenet neffens de hichte fan 'e winst dy't der makke wurdt, is Hollywood, yn Súdlik Kalifornje, hoewol't ûnder de beneaming 'Hollywood' ornaris ek de films beflapt wurde dy't yn 'e rest fan 'e Feriene Steaten makke wurde. De Yndiaaske filmyndustry (mei as wichtichste sintrum Bollywood, yn Bombay) is lykwols it grutst as men rekkenet neffens bioskoopkaartsjes dy't jiers ferkocht wurde (3,5 miljard tsjin 2,6 miljard ferkocht troch Hollywood).

Oare wichtige konsintraasjes fan 'e filmyndustry binne Nollywood (de Nigeriaanske filmyndustry) en fierders de filmsektors fan Sina, Japan, Frankryk, it Feriene Keninkryk, Súd-Koreä, Spanje, Dútslân, Itaalje, Kanada, Austraalje en Hongkong.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.