Trije fan 'e ierst makke ôfleverings fûn George Lucas sa goed, dat er opdracht joech om se oaninoar de plakken en der in yn 'e bioskoop útbrochte langetekenfilm fan te meitsjen, dy't ek Star Wars: The Clone Wars hiet. Dy gie op 10 augustus2008 yn Grauman's Egyptian Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 15 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. De film fungearre as pilotôflevering foar de searje. Los fan 'e film waarden der yn totaal 133 ôfleverings fan Star Wars: The Clone Wars makke, elts mei in spyldoer fan 19 oant 26 minuten, ferdield oer 7 ûnderskate tillefyzjeseizoenen. Op 5 desimber2011 waard in trilogy fan ôfleverings út seizoen 3 as film fan spylfilmlingte útbrocht foar download fia iTunes. Dêrby gie it om 'e troch Katie Lucas skreaune, byinoar hearrende ôfleverings Nightsisters, Monster en Witches of the Mist.
Seizoen 2 omfiemet behalven op harsels steande ôfleverings foar it earst ek in pear ferhaallinen dy't twa of mear ôfleverings beslane. It seizoen leit him sterk ta op it útbouwen fan ferskate personaazjes dy't preemjejager binne. Yn ien fan 'e ferhaallinen hiert de Sith-masterDarth Sidious de preemjejager Cad Bane yn om 'e holocron te stellen út 'e Jedi-timpel op Coruscant. (Dat is soarte fan database wêryn't de Jedi, ynsafier bekend, de identiteit fan alle Krêftgefoeligebern yn it Stjerrestelsel fêstlein hawwe.) In oare ferhaalline folget de jonge Boba Fett by it begjin fan syn eigen wurkpaad as preemjejager, wêrby't er Aurra Sing as mentor oannimt. Dêrby komt ek syn syktocht nei wraak op 'e Jedi-master Mace Windu oan bod, dy't ommers yn Attack of the Clones syn heitJango Fett deade hie. Oare wichtige ferhaallinen geane oer de oanfal fan 'e Republyk op 'e oarlochsandroïdefabriken fan 'e separatisten op 'e planeet Geonosis en oer de planeet Mandalore, dy't in neutrale posysje ynnommen hat yn it konflikt. De hearskeresse fan dy wrâld, hartoginneSatine Kryze, mei wa't Obi-Wan Kenobi in yngewikkelde romantyskerelaasje ûnderhâldt, wurdt it doelwyt fan sawol de separatisten as fan in Mandaloriaansketerroristyske groep dy't de Deadewacht hjit.
Seizoen 3
Yn seizoen 3 wurdt yn guon ferhaallinen de karakterûntwikkeling fan ferskate wichtige personaazjes beljochte. Sa wurdt Anakin Skywalker mei Obi-Wan en Ahsoka Tano nei in oerâld parallel universum fan de Krêft laat, dêr't er mear leart oer it aard fan de Krêft en oer syn eigen rol as de útkarde. Ahsoka negearret de befellen fan har master Anakin om har dochs by him te jaan op in misje om 'e troch de separatisten kriichsfinzen nommen Jedi-master Even Piell te befrijen, en moat letter lieding jaan oan har eigen team fan Jedi-padawans as se opjage wurde troch Trandoshanen. Underwilens wurdt Asajj Ventressferret troch har master, greve Dooku, wêrnei't se weromkeart nei har thúswrâld Dathomir om stipe te sykjen by de saneamde Nachtsusters, dat ûntrainde froulike Krêftbeoefensters binne. Mei harren help smeit se in slûchslim plan om wraak op Dooku te nimmen troch him deadzje te litten troch syn nije learling, Savage Opress, mar úteinlik keart dy him tsjin sawol Ventress as Dooku en siket er syn eigen paad. Seizoen 3 is ek diplomatiker fan aard, mei minder aksje, om't in protte ôfleverings út 'e earste helte fan it seizoen har talizze op it yn byld bringen fan 'e rol dy't de Galaktyske Senaat, de folksfertsjintwurdiging fan 'e Republyk, yn 'e Kloane-oarloggen spilet, en teffens op 'e gefolgen fan it konflikt foar ûnderskate planeten en rassen en it krewearjen fan 'e Republyk om dyselden te helpen.
Seizoen 4
Yn seizoen 4 beljochtet ien ferhaalline de ferrjochtings fan it 501e Legioen fan it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat ornaris oanfierd wurdt troch Anakin en Obi-Wan. De kloansoldaten fan dy militêre ienheid moatte foar it earst selsstannich operearje, sûnder Jedi's om harren befellen te jaan, as bliken docht dat harren nije befelhawwer, de Jedi-master Pong Krell, in ferrieder is dy't harren safier besiket te krijen dat se inoar fermoardzje. De kloansoldaten moatte dan mei him ôf sjen te weven en op eigen manneboet út 'e swierrichheden komme. Yn in oare ferhaalline set Obi-Wan syn eigen ferstjerren yn sêne, sadat er undercover gean kin as preemjejager om in komplot te dwerseidzjen dat rjochte is op 'e ûntfiering fan kânselierPalpatine. Nei't de androïdelegers fan generaal Grievous de Nachtsusters fan Dathomir ferneatige hawwe, jout Ventress har ambysje op om in Sith te wurden en begjint se in nije karriêre as preemjejager. En Savage Opress fynt syn deawaande broerDarth Maul werom, dy't út is op wraak op Obi-Wan om't dy him jierren lyn op Naboo ferslein en foar dea efterlitten hat.
Seizoen 5
Yn seizoen 5 komme fiif haadferhaallinen oan bod. Yn 'e earste helpe Anakin, Obi-Wan en Ahsoka in groep rebellen op 'e planeet Onderon, dy't oanfierd wurde troch Steela Gerrera en har broerSaw Gerrera, om harren wrâld fan 'e oerhearsking troch de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels te befrijen. De twadde ferhaalline folget in groep jonge Jedi-learlingen, dy't harrensels bewize moatte troch Ahsoka te rêden fan in kloft piraten. De trêde ferhaalline draait om in team fan robots dat, op in misje om in kodearre boadskip fan 'e fijân te ûnderskeppen, in kloansoldaat mei ûnthâldsferlies tsjinkomt en him helpe moat om syn ûnthâld werom te winnen sadat se mei-inoar ûntkomme kinne fan 'e planeet dêr't se strâne rekke binne.
De fjirde ferhaalline giet oer de weromkear fan Darth Maul, dy't de lapen gearsmyt mie de Mandaloriaanske Deadewacht en ferskate misdiesyndikaten om 'e macht op 'e planeet Mandalore oer te nimmen en himsels te wreekjen op Obi-Wan. Yn 'e lêste ferhaalline wurdt Ahsoka deryn luze om op te draaien foar in bomoanslach op 'e Jedi-timpel op Coruscant. Se rekket de stipe fan 'e Jedi Oarder kwyt en moat har ûnskuld bewize wylst se efterfolge wurdt troch de autoriteiten fan 'e Republyk. Hoewol't se úteinlik rehabilitearre wurdt as Anakin de wiere dieder opspoart, is se troch de hiele ûnderfining sa desyllúzjonearre rekke dat se neitiid de Jedi Oarder de rêch takeard, ta ûntsteltenis fan Anakin en de Hege Jedi Ried.
Seizoen 6
Seizoen 6 bestiet út fjouwer ferhaallinen. De kloansoldaat Fives ûndersiket de te betide aktivearring fan Oarder 66 yn it ferstân fan in oare kloansoldaat, en ûntdekt de wierheid oer de chip dy't by alle kloanen yn 'e harsens pleatst is (ntl. om troch Palpatine by syn plande steatsgreep aktivearre te wurden sadat de kloanen harren Jedi-ofsierenút 'e wei romje sille). Fives wurdt lykwols it swijen oplein troch Palpatine foar't er syn befinings trochjaan kin. Yn 'e twadde ferhaalline besiket Padmé Amidala har âlde flam Rush Clovis te helpen om 'e korrupsje yn 'e Yntergalaktyske Bankêre Groep oan it ljocht te bringen. Dat liedt ta spannings yn har geheime houlik mei Anakin as dy foar it ferstân kriget wat se by de ein hat en him dermei begjint te bemuoien. Yn 'e trêde ferhaalline rêde de GungaanJar Jar Binks en Jedi-master Mace Windu de keninginne fan Bardotta, nei't hja finzen nommen is troch in kultus dy't oanfierd wurdt troch mem Talzin, de eardere liedster fan 'e Nachtsusters fan Dathomir. En yn 'e lêste ferhaalline giet Jedi-master Yoda op in kweeste om mear oer it aard fan de Krêft oan 'e weet te kommen nei't er opsocht is troch de geast fan 'e eardere Jedi-master Qui-Gon Jinn.
Seizoen 7
It slotseizoen fan Star Wars: The Clone Wars bestiet út trije ferhaallinen. De earste giet oer kaptein Rex, in kloanofsier fan it 501e Legioen, dy't mei Anakin en in team fan kloansoldaten mei genetyskemutaasjes de deawaande soldaat Echo rêdt en mei dy syn help de separatisten op 'e planeet Anaxes ferslacht. De twade ferhaalline giet oer Ahsoka, dy't befreone rekket mei de susters Trace en Rafa Martez en harren helpt by in skeel mei it Pyke-misdiesyndikaat, wylst se har Krêftgefoeligens ferburgen besiket te hâlden om't de beide susters in grouwéligen hekel oan Jedi hawwe.
De trêde en lêste ferhaalline, dy't lyktidich spilet mei de foarfallen yn 'e live-actionfilmStar Wars: Episode III – Revenge of the Sith, lit it Belis fan Mandalore sjen (in wapene treffen dêr't earder al sydlings nei ferwiisd wie yn oare Star Wars-media). Ahsoka jout har mei tsjinnichheid wer by de troepen fan 'e Republyk en de Jedi Oarder om mei kaptein Rex en de Mandaloriaanske kriichsterBo-Katan Kryze in oanfal te lieden op 'e troepen fan Darth Maul, yn 'e hoop om dyselde finzen te nimmen. Wat Ahsoka net wit, is dat Maul de Fal fan 'e Galaktyske Republyk en de Grutte Suvering fan 'e Jedi al foarsjoen hat, krektlyk as de bedoeling fan syn âlde master Darth Sidious (oftewol kânselierPalpatine) om Anakin te ferlieden ta de tsjustere kant fan 'e Krêft. Hy wol besykje om dat allegear foar te kommen troch Anakin út 'e wei te romjen.
Nei't Ahsoka-en-dy Maul finzen nommen hawwe, biedt er oan om mei har gear te wurkjen by it dwerseidzjen fan 'e plannen fan Sidious/Palpatine, mar Ahsoka mient mar dat er har besiket te mislieden en stegeret syn oanbod ôf. As Sidious Oarder 66 útfurdiget, wurdt Ahsoka oanfallen troch har eigen kloansoldaten. It is har twer om harren te deadzjen, dat se besiket út alle macht sels it faaie libben derôf te rêden sûnder de kloanen bliuwend letsel ta te bringen. It slagget har om Rex syn frije wil werom te jaan, en se lit Maul frij om foar in ôfliedingsmaneuver te soargjen. Hy lit lykwols it romteskip, dêr't se op reizgje, delstoarte. Ahsoka, Rex en Maul witte allegearre ûnskansearre te ûntkommen. De alderlêste sêne fan 'e searje lit Anakin sjen, dy't no Darth Vader wurden is, as er yn 'e wrakstikken fan it delstoarte romteskip de ljochtsabel fan Ahsoka weromfynt en dêrmei sûnder in wurd te uterjen ôfset, blykber mienend dat syn eardere pupil omkommen is.
Hoewol't Star Wars: The Clone Wars yn 't earstoan mingde resinsjes krige fan 'e tillefyzjekritisy, wist de searje al rillegau in protte lof te winnen en dat oant en mei it lêste seizoen fêst te hâlden. De rige waard benammen priizge foar de orizjinaliteit fan 'e senario's, de emosjonele djipgong, de útwreiding fan it Star Wars-hielal en de prestaasjes op it mêd fan stimaktearjen. Yn The Hollywood Reporter waard Star Wars: The Clone Wars omskreaun as "wierskynlik de meast foto-reälistyske tekenfilmsearje dy't ea makke is."