Netflix (offisjeel: Netflix, Inc.) is in Amerikaanskestreamingtsjinst foar video-on-demand, dy't ek aktyf is as film- en tillefyzjestudio en as distributeur. It bedriuw, dat yn 1997 oprjochte waard, jout abonnees fia it ynternet tagong ta in digitale bibleteek fan films en tillefyzjesearjes dy't wannear't en wêr't men mar wol besjoen wurde kinne. Ek is der ynteraktive ynhâld, lykas fideospultsjes, al is wol ferlet fan 'e ynstallaasje fan spesjale software om dêrfan gebrûk te meitsjen. Sûnt 2010, doe't Netflix him foar it earst útwreide bûten de grinzen fan 'e Feriene Steaten, is it bedriuw útwoeksen ta de bekendste, ynfloedrykske en meast universeel beskikbere streamingtsjinst fan 'e wrâld.
Op 'e Consumer Electronics Show yn Las Vegas kundige Netflix yn jannewaris2016 oan dat de streamingtsjinst fan it bedriuw no sa goed as wrâldwiid beskikber wie. De wichtichste útsûndering dêrop wie de Folksrepublyk Sina. Yn april2017 berikte Netflix in oerienkomst mei IQiyi, in Sineeske streamingtsjinst dy't eigendom is fan Baidu, om ûnder lisinsje orizjinele Netflix-ynhâld yn Sina beskikber te meitsjen.
Sûnt 2012 hat Netflix himsels in aktivere rol oanmetten op it mêd fan 'e produksje fan 'e eigen ynhâld. Foartiid fungearre de streamingtsjinst by wize fan sprekken inkeld as in trochjoulûk, mar yn 2013 ferskynde mei de dramasearjeHouse of Cards foar it earst in produksje dy't troch Netflix besteld en finansierd wie. Teffens is it bedriuw sûnt dy tiid aktyf op it mêd fan distribúsje fan 'e eigen produksjes. Netflix is lid fan 'e Amerikaanske Motion Picture Association (MPA), in koepelorganisaasje fan filmstudio's.
Netflix hat ferskate dochterûndernimmings, dy't foar it meastepart de aktiviteiten yn in beskaat lân beheare, lykas Netflix Streaming Services International B.V., de dochterûndernimming dy't yn Nederlân fêstige is. Dêrnjonken is Netflix ek eigner fan: