Kalifornje bestiet út ferskate, sterk útinoar rinnende lânskippen. Yn 'e midden fan 'e steat leit de fruchtbere Sintrale Delling, dy't oarspronklik oerdutsen wie mei prêrje, mar no in lânboukrite is. Oan 'e eastkant wurdt dat gebiet omsletten troch de Sierra Nevada oan 'e grins mei Nevada, wylst oan 'e westkant it Pasifysk Kustberchtme opriist. Oan 'e noardkant wurdt de Sintrale Delling begrinzge troch de Cascades, dy't it noarden fan Kalifornje grutdiels behearskje, wylst yn it suden it Tehachapiberchtme de ôffreding fan 'e delling is. De Sintrale Delling sels bestiet út twa dielen, de noardlike Sacramento-delling, it streamgebiet fan 'e rivier de Sacramento, en de súdlike San Joaquin-delling, it streamgebiet fan 'e rivier de San Joaquin. Troch se út te baggerjen binne dy beide rivieren djippernôch dat ferskate stêden yn it binnenlân as seehaven fungearje kinne.
It suden fan 'e steat wurdt fierhinne dominearre troch woastyngebieten, yn it bysûnder de Mojavewoastyn tsjin 'e grins mei Nevada en Arizona oan en de Sonoarawoastyn tsjin 'e grins mei Meksiko en Arizona oan. Noardwestlik fan 'e Mojavewoastyn leit Death Valley, mei dêryn it Badwater Basin, dat mei 85 m ûnder seenivo it leechste (en hjitste) punt fan 'e steat en fan hiel Noard-Amearika is. It súdlike binnenlân fan Kalifornje stiet bekend ûnder de namme fan Inland Empire, it "Binnenlânske Ryk". De súdeastlike grins mei Arizona wurdt foarme troch de rivier de Kolorado, dêr't Kalifornje likernôch de helte fan syn drinkwetter út hellet. De steat makket diel út fan 'e saneamde Ring fan Fjoer, in bân fan fulkanysk en tektoanysk aktive gebieten dy't hielendal om 'e Stille Oseaan hinne rint. Sadwaande is Kalifornje kwetsber foar ierdbevings (en de dêrtroch feroarsake tsûnamys), fral yn 'e Baaikrite, dy't boppe-op 'e San Andréasbrek leit.
Skiednis
Prehistoarje
Kalifornje waard fanôf teminsten 10.000 jier lyn kolonisearre troch ferskate Yndiaanske fêstigingsweagen efterinoar, mei as gefolch ien fan 'e kultureel en linguïstysk meast ferskate gebieten fan Noard-Amearika. Skattings oangeande it ynwennertal fan Kalifornje foarôfgeande oan 'e komst fan 'e blanken rinne útinoar fan 100.000 oant 300.000 minsken.
Nei't it suden fan it gebiet yn 1769-1770 yngeander ferkend wie troch de ekspedysje fan Gaspar de Portolà, begûnen Spaanske misjonarissen dêr mei it opsetten fan 'e 21 Kalifornyske Missyposten. Yn dyselde snuorje kaam der mei de bou fan ferskate presidios (forten) foar it earst in Spaanske militêre oanwêzichheid yn it gebiet. Underwilens waard de kust fan Noardlik Kalifornje ferkend troch Russyskeûntdekkingsreizgers, dy't dêr yn 'e iere njoggentjinde iuw oan 'e Baai fan San Francisco in eigen fêsting bouden.
Tusken 1831 en 1836 fûn der yn Kalifornje in rige opstannen plak fan Californios en Amerikaanske kolonisten tsjin it Meksikaanske bewâld, dy't kulminearre yn 'e Kalifornyske Opstân fan 1836, ûnder lieding fan Juan Bautista Alvarado. It Meksikaanske regear loste de swierrichheden op troch Alvarado gûverneur fan Kalifornje te meitsjen. Ien fan 'e grutste feeboeren fan Kalifornje wie yn dyselde snuorje John Marsh. Doe't dy te lijen krige fan lândieverij fan lju dy't har gewoan parten fan syn lânerijen ta-eigenen, en de Meksikaanske rjochterlike macht him net helpe koe of woe, besleat er dat Kalifornje by de Feriene Steaten komme moast te hearren.
Marsh sette útein mei in briefkerijkampanje oan kunde en kranten yn it Easten fan 'e Feriene Steaten, wêrby't er it klimaat, de fruchtberens en oare skaaimerken fan Kalifornje oanpriizge, mei as gefolch dat der in lytse migraasjeweach fan Amerikaanske kolonisten op gong kaam. Yn 1846 kamen de Amerikaanske kolonisten yn opstân tsjin it Meksikaanske bewâld by wat de Beareflaggerebûlje neamd wurdt (de brune bear pronket noch altyd op 'e Kalifornyske flagge). De Meksikanen waarden foar in part ferdreaun, en de kolonisten rôpen de Republyk Kalifornje út, mei as presidint William B. Ide. Dy steat wie lykwols mar in koart libben beskern, mei't ûnderwilens de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch útbrutsen wie.
De Amerikaanske Marine besette de kust fan 'e Baai fan Monterey en sette dêrwei it binnenlân yn. Wat der noch oer wie fan 'e Meksikanen yn Moardlik Kalifornje kapitulearre doe binnen in moanne. Yn it suden fochten de Meksikanen in rige definsive fjildslaggen tsjin it Amerikaanske Leger út, oant yn jannewaris1847 it Ferdrach fan Cahuenga sletten waard tusken it Amerikaanske regear en de Californios (wêrby't dy it Amerikaansk steatsboargerskip betongen). Behalven Kalifornje feroveren de Amerikanen yn 'e oarloch it hiele Súdwesten, en by it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, yn 1848, moast Meksiko formeel ôfstân dwaan fan in ûnbidich grut gebiet, dêr't neitiid de Amerikaanske steaten Kalifornje, Arizona, Nij-Meksiko, Utah, Nevada en Kolorado út foarme waarden.
De Kalifornyske Goudkoarts
Yn 1846, twa jier foar't it yn Amerikaanske hannen foel, wennen der yn Kalifornje likernôch 10.000 (meast Spaansktalige) blanken. In pear hûndert útlanners, wêrûnder guon Amerikanen (mar relatyf sjoen ek in protte Russen) libben benammen yn 'e noardlike úthoeken, lykas oan 'e natuerlike haven fan San Francisco, dat doedestiden 500 ynwenners hie. Koart nei ôfrin fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch waard der goud ûntdutsen yn it gebiet, wat late ta de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849. Tûzenen saneamde forty-niners sylden om Kaap Hoarn hinne, of teagen troch de fan sykten optillende jungles fan Panama, of kamen gewoan geandefoets út it Easten wei opsetten mei de dream om har fortún te meitsjen mei goudsykjen. Yn 1852 hie Kalifornje mear as 200.000 blanke ynwenners. Hoewol't de libbensomstannichheden yn 'e goudfjilden alderprimityfst wiene, hiene de goudsikers yn Kalifornje teminsten te krijen mei in geunstich klimaat, eat dat se foar hiene op 'e lettere Goudkoarts fan Klondike, yn Alaska.
De goudkoarts feroare de Kalifornyske ekonomy radikaal, benammentlik mei't net inkeld goudsikers dertroch oanlutsen waarden, mar ek (nei alle gedachten ferstanniger) lju, dy't net fan it goud, mar fan 'e goudsikers libje woene, lykas keaplju, kleanmakkers, skuonmakkers, smidden, bakkers, slachters, sjippesieders, dokters, abbekaten, kroechútbaters, gokkers en prostituees. De Kalifornyske Goudkoarts duorre fan 1848 oant 1854, en yn dy tiid fûnen sa'n 250.000 goudsikers mei-inoar mear as $200 miljoen oan goud. De measten, lykwols, fûnen nea wat, of mar sa'n bytsje dat it harren kosten net iens diek, en einigen teloarsteld, út 'e liken en alhiel ferearmoede.
Kalifornje as steat
Op 9 septimber1850 waard Kalifornje as in folweardige steat (de 31e) ta de Amerikaanske Uny talitten. Dat waard beävensearre as ûnderdiel fan it Kompromis fan 1850, wêrby't de slavehâldendeAmerikaanske steaten útwreiding nei de kust fan 'e Stille Oseaan ûntsein waard. Hoewol't Kalifornje dus yn namme gjin slavernij hie, waard de lânseigen Yndiaanske befolking troch de blanke kolonisten op ûnmeilydsume wize fan har eigen lân ferdreaun, wylst "omstippende Yndianen" en Yndiaanske weesbern oant 1853 gewoan ta slaaf makke wurde mochten. Der fûnen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw in stikmannich slachtparijen yn Kalifornje plak, wêrby't ferskate Yndianestammen folslein útrûge waarden, wylst oaren desimearre rekken. Hûnderten Yndianen waarden kâldwei fermoarde, sterker noch, tusken 1850 en 1860 betelle it regear fan Kalifornje $1,5 miljoen út (wêrfan't $250.000 fergoede waard troch it federale regear) oan milysjes dy't yn teory ta doel hiene om 'e blanke boargerbefolking te beskermjen tsjin oanfallen fan Yndianen, mar dy't yn 'e praktyk bedoeld wiene om safolle mooglik Yndianen út 'e wei te romjen. Nei 1860 waarden de ûnderskate Kalifornyske stammen fêstset yn lytse en ornaris isolearre reservaten, dêr't se net genôch natuerlike helpboarnen hiene en likemin genôch stipe fan 'e oerheid krigen om oerlibje te kinnen. Ferskate histoarisy hawwe yn resinte jierren fêststeld dat dit allegear mei-inoar delkaam op genoside, en yn dat ramt wurdt no spesifyk sprutsen fan 'e Kalifornyske Genoside.
Fan 1850 oant 1851 wie San Jose de haadstêd fan Kalifornje, as ferfanging foar Monterey, dat de haadstêd yn 'e Spaanske en Meksikaanske perioaden west hie. Neitiid wie Vallejo fan 1852 oant 1853 de haadstêd, en doe Benicia fan 1853 oant 1854. Sûnt 1854 hat de haadstêd altyd Sacramento west, al moast it regear yn 1861 fanwegen wettersneed koarte tiid nei San Francisco útwike. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) stie Kalifornje oan 'e kant fan it Noarden, mar oan 'e westkust murk men net in protte fan 'e oarloch, en it neiste (marzjinale) oarlochstoaniel wie yn Nij-Meksiko.
Yn 't earstoan wie it dreech en gefaarlik om út it Easten nei Kalifornje te reizgjen of oarsom, mar nei't yn 1869 it Earste Transkontinintale Spoar reekaam, waard dat folle makliker. Dêrtroch begûn it ynwennertal fan 'e nije steat flink te groeien. Yn 1850 hie Kalifornje krapoan 93.000 ynwenners; yn 1860 380.000; yn 1880 865.000; en yn 1900 1.485.000. De nije ynwenners ûntdieken dat it lân yn Kalifornje tige gaadlik wie foar túnbou, salang't it yn 'e drûge simmermoannen mar adekwaat yrrigearre waard. Behalven fruit (benammen sitrusfruchten en druven) waard yn Kalifornje ek in protte weet en oar nôt, grienten, katoen en nuten ferboud. De druveteelt yn 'e Napa-delling feroare yn 'e 1960-er jierren fan konsumpsjetylt yn wyntylt, wat in grut súkses waard, benammen troch de ynspannings fan de bruorren Gallo.
Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw gie de migraasje nei Kalifornje noch hurder om't doe ferskate transkontinintale autodiken oanlein waarden, lykas de Lincoln Highway en de ferneamde Route 66. Tusken 1900 en 1970 woeks de befolking fan 'e steat oan fan oardel miljoen oant 20 miljoen minsken. De Ierdbeving fan San Francisco, fan 18 april1906, koste tûzenen minsken it libben, mar koe de migraasjestream net ôfskrikke. Yn 'e tritiger jierren berikte de migraasje in piik doe't boeren út 'e drûge midden fan it lân massaal nei it westen teagen. Nei 1945 folge in nij hichtepunt doe't militêren dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn Kalifornje stasjonearre west hiene, har yn grutte oantallen yn 'e steat nei wenjen setten. Om alle nije ynwenners drage te kinnen, waarden grutte ynfrastrukturele projekten foltôge, wêrûnder it Akwadukt fan Los Angeles, de Oroville- en Shasta-keardammen en de Golden Gate Brêge.
Underwilens wiene oan it begjin fan 'e iuw yn Súdlik Kalifornje, mei syn (doe noch) goedkeape lân en syn mylde klimaat, de earste filmmakkers delstrutsen. Hja kloften gear te Hollywood, dat him yn 'e 1920-er jierren ûntjoech ta it wrâldwide sintrum fan 'e filmyndustry. Under de Twadde Wrâldoarloch waard fan alle munysje en oarlochsmaterieel foar de Amerikaanske Striidkrêften 8,7% yn Kalifornje makke, wêrmei't de steat op dat de grutste produsint wie nei New York en Michigan. Nei de Twadde Wrâldoarloch groeide de Kalifornyske ekonomy danich troch de definsje- en de romtefeartyndustry ûnder de Kâlde Oarloch. Under ynfloed fan 'e Universiteit fan Stanford ûntwikkle him yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw boppedat in sintrum fan kompjûtertechnology yn in gebiet by San Jose dat bekend kommen is te stean as Silicon Valley.
It politike lânskip fan Kalifornje wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Lykwols is it hiele politike spektrum yn Kalifornje in stik linkser (Amerikanen neame dat "liberaler", mar dat betsjut eins hiel wat oars) as yn 'e measte oare Amerikaanske steaten. Sa kin it wêze dat Republikeinen út Kalifornje soms progressiver binne as Demokraten út bgl. Teksas of Nebraska. Hoewol't de Kalifornyske befolking yn 'e regel (en by presidintsferkiezings altyd en yn grutte mearderheid) op Demokratyske kandidaten stimd, kinne de Republikeinen yn 'e Kalifornyske steatspolityk beslist net fuortsifere wurde. Sa wie de filmstjer en Republikein Arnold Schwarzenegger fan 2003 oant 2011 noch twa terminen gûverneur fan Kalifornje.
Ekonomy
De ekonomy fan Kalifornje is sa grut dat er ferlike wurde kin mei dy fan lannen as Ruslân, Itaalje en Kanada. Yn 2013 bedroech it bruto steatsprodukt fan Kalifornje $2,2 biljoen (oftewol $2.203.000.000.000). Yn 2010 wennen der mear as 663.000 miljonêrs yn Kalifornje, benammen yn rikeljusoarden as Beverly Hills, Malibu en de Los Anzjelynske wyk Bel Air. Oan 'e oare kant libbe datselde jiers yn Kalifornje 23,5% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins, wat it heechste persintaazje fan alle Amerikaanske steaten is.
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Kalifornje befolking doe sa: 57,6% blanken; 21,9% Latino's; 13,0% Aziaten; 6,2% swarten; 1,0% Yndianen en 0,4% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs. Dêrûnder binne ek 8,2% dy't fan mingd etnysk komôf binne. Men giet derfan út dat de Latino's tsjin 2060 50% fan 'e Kalifornyske befolking útmeitsje sille.
Kalifornje hat gjin formeel belied oangeande de erkenning fan Yndianestammen op steatsnivo. Foar guon stammen hat it Steatskongres fan Kalifornje resolúsjes oannommen dy't it Amerikaanske regear oproppe om dy stammen federale erkenning te skinken. Hoewol't soks op himsels gjin erkenning troch de steat Kalifornje ynhâldt, noch oan sokke stammen lykfol hokker rjochten jout, eigenje se har likegoed gauris de oantsjutting state recognized ("erkend troch de steat") ta.
Taal
De offisjele taal fan Kalifornje is it Ingelsk, dat neffens in skatting fan 'e Modern Language Association of America út 2010 doe foar likernôch 57% fan 'e befolking de memmetaal wie. Neffens in enkête út 2007 koe doe 73% fan 'e minsken mei in memmetaal dy't in oare taal as it Ingelsk wie, dochs goed Ingelsk prate, wylst 9,8% it Ingelsk hielendal net machtich wie. As gefolch fan it oanwaaksende befolkingsferskaat yn Kalifornje begûnen taalkundigen oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw in klankferskowing op te merken dy't útslutend yn it Ingelsk foarkaam sa't dat yn Kalifornje sprutsen waard. Dizze taalfariant (de ferskillen mei de Amerikaansk-Ingelskestanderttaal binne noch te lyts om it in dialekt te neamen) stiet bekend as Kalifornysk-Ingelsk, en karakterisearret him troch ferskate eigen fonologyske prosessen.
Yn totaal binne der yn Kalifornje 15 talen njonken it Ingelsk (dus yn totaal 16 talen) dy't troch mear as 100.000 minsken as memmetaal sprutsen wurde. Fierwei de wichtichste net-Ingelske taal is it Spaansk, dat de memmetaal is fan 28,5% fan 'e befolking (rom 11 miljoen minsken). Dêrnei folgen:
Fan 'e mear as 70 lânseigen Yndiaanske talen fan Kalifornje binne in soad al útstoarn, en alle noch sprutsen lânseigen Yndiaanske talen yn 'e steat wurde sterk yn har fuortbestean bedrige.
Kalifornje hat foar it meastepart in Mediterraanklimaat, mei oangenaam waarme simmers en tige mylde winters. Troch de grutte fan 'e steat komme der lykwols ek oare klimaatsônes foar, fan in heechberchtmeklimaat yn 'e Sierra Nevada, oant in subtropysk klimaat yn it uterste suden fan Kalifornje. Wat fierder oft men fan 'e kust (mei de matigjende ynfloed fan 'e Stille Oseaan) ôf komt, wat kâlder oft de winters binne en wat waarmer oft de simmers wurde. Yn Noardlik Kalifornje falt in stik mear rein as yn it suden, mar snie falt eins inkeld yn 'e bergen. Dy bergen skeppe trouwens ek in reinskaad, dat fierder nei it easten ta, fral yn Súdlik Kalifornje, foar in woastynklimaat soarget. Rekôrtemperatueren yn 'e steat wiene 56,7 °C, op 10 july1913 yn Death Valley (mei-iens ek de heechste temperatuer fan 'e wrâld), en –43 °C yn 1937 te Boca.