Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Delaware. Foar oare betsjuttings, sjoch: Delaware (betsjuttingsside).
Delaware (útspr.: ['dɛləwɛ:ɹ], likernôch "della-û-êr"), offisjeel de Steat Delaware (Ingelsk: State of Delaware), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Delaware, byneamd de Diamond State (of ek wol de First State), leit yn it easten fan it lân, op it Delmarva-skiereilân, dat útstekt yn 'e Atlantyske Oseaan. Formeel heart de steat ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Dover, mar de grutste stêd is Wilmington. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 936.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 45ste steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Delaware mei noch gjin 6.500 km² de op ien nei lytste steat.
Delaware heart ta de Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4). De steat hat in oerflak fan 6.452 km², wêrfan't 21,5% út wetter bestiet. Mei 5.060 km² lân is it op Rhode Island nei lytste steat fan 'e Feriene Steaten. Delaware mjit 154 km fan noard nei súd en tusken de 14 en de 56 km fan east nei west. Yn 'e mande mei de Eastlike Kust fan Marylân en twa countys fan Firginia leit Delaware op it Delmarva-skiereilân, dat nei it suden ta útstekt yn 'e Atlantyske Oseaan en oan 'e westkant troch de Chesapeakebaai fan it Amerikaanske fêstelân skaat wurdt. Delaware beslacht it noardeastlike fearn fan it skiereilân, en hat allinnich oan 'e eastkant in kustline.
De steat grinzget yn it uterste noarden oan Pennsylvania, wylst yn it uterste noardeasten de rivier de Delaware de grins mei Nij-Jersey foarmet. Yn it westen en suden wurdt Delaware beswette troch Marylân, yn it súdeasten troch de iepen Atlantyske Oseaan en yn it easten en noardeasten troch de Delawarebaai, dêr't de rivier de Delaware yn útmûnet. It lânskip fan Delaware is frij flak; it heechste punt yn 'e steat leit op 136,2 m boppe seenivo by de Ebright Azimuth, en it leechste punt is it strân oan 'e Atlantyske kust, dat op seenivo leit. Delaware omfiemet gjin federale Yndianereservaten.
Nei de komst fan 'e earste Jeropeänen ûntjoegen de Unamy-Delawêr en Nantikook har al rillegau ta tuskenhannelers yn 'e pelshannel tusken de blanken en harren eigen tradisjonele fijannen, de IrokeeskeSuskehannok, yn Firginia. Doe't dy lykwols yn 'e 1670-er jierren as politike macht ferdylge waarden troch de Irokeeske Konfederaasje, en de Yndianen yn Delaware almar mear lân kwytrekken oan kolonisten, ferlieten de Delawêr dy't oan har eigen etnyske identiteit fêsthâlde woene de krite en fêstigen har yn 'e Appalachen fan wat neitiid westlik Pennsylvania wurde soe. Dejingen dy't bleaune, waarden al of net ûnder twang ta it kristendom bekeard om dêrnei mei oarsoartige kleurlingen op ien bulte smiten te wurden.
Fan 'e blanken wiene de Nederlanners de earsten dy't har yn it gebiet fan it hjoeddeistige Delaware nei wenjen setten. Yn 1631 fêstige nammentlik de Westyndyske Kompanjy fanút de koloanjeNij-Nederlân in hannelspost te Zwaanendael, deunby it tsjintwurdige Lewes. Binnen it jier waarden lykwols alle kolonisten dêr deade by in konflikt mei de lânseigen befolking. Neitiid waard de Sweedske koloanje Nij-Sweden fêstige mei de delsetting Fort Christina (no binnen de beboude kom fan Wilmington). Dy koloanje bestie santjin jier, oant er úteinlik yn 1655 troch de Westyndyske Kompanjy ferovere waard. It gebiet fan Delaware waard dêrnei anneksearre troch Nij-Nederlân.
Njoggen jier letter, yn 1664, waard Nij-Nederlân ferovere troch de Ingelsen, wêrnei't Delaware yn it besit kaam fan Jakobus Stuart, hartoch fan York (de lettere Ingelske kening Jakobus II). Dyselde ferpachte it gebiet yn 1682 oan William Penn, de stifter fan Pennsylvania, dy't de saneamde 'Nedergreefskippen' (Lower Counties) yn 't earstoan ta ûnderdiel fan syn koloanje makke. Tsjin 1704 wie Pennsylvania lykwols sa grut wurden, dat de koloniale assimblee fûn dat it gebiet wol sûnder de lestige Nedergreefskippen koe. Sadwaande ûntstiene der doe twa folksfertsjintwurdigings, hoewol't de erven Penn oant de Amerikaanske Revolúsje beide gebieten yn pacht holden en der altyd ien en deselde gûverneur foar beneamden.
Yn 'e iere jierren fan 'e koloanje wie Delaware ekonomysk ôfhinklik fan blanke kontraktarbeiders om 'e tabaksplantaazjes te bewurkjen. Neigeraden dat de libbensomstannichheden yn Ingelân better waarden en der sadwaande minder kontraktarbeiders te finen wiene, waarden slaven út Afrika wei op 'e plantaazjes tewurksteld. By it útbrekken fan 'e Amerikaanske Revolúsje, yn 1776, fielden de measte ynwenners fan Delaware der neat foar om mei Grut-Brittanje te brekken. Likegoed drukten de foarstanners fan ôfskieding, lykas Thomas McKean, John Dickinson en Caesar Rodney, har sin troch. Mei ien stim ferskil waard op 15 juny1776 troch de koloniale assimblee fan Delaware de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring goedkard. Dêrmei waard Delaware ien fan 'e oarspronklike trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen.
Hoewol't Delaware oant 1865 formeel in slavehâldende steat bleau, en it krekt as de buorsteaten Marylân en Firginia besuden de saneamde Mason-Dixonline lei, hiene in protte slavehâlders har slaven fuort nei de oerwinning yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch al frijlitten. Tsjin 1860 hie de grutste slavehâlder fan Delaware mar sechstjin slaven yn besit. Der wiene neffens de folkstelling fan dat jier doe yn Delaware 19.829 frije swarten en 1.798 slaven. Likegoed waarden foar 1865 wetsfoarstellen om 'e slavernij ôf te skaffen yn it Steatskongres hieltyd mei in lyts ferskil fuortstimd.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) stimde Delaware op 3 jannewaris1861 tsjin ôfskieding. Hoewol't de steat eins ta it Amerikaanske Suden hearde, focht Delaware yn 'e oarloch foar it Noarden. Guon lju út Delaware joegen har by rezjiminten út Marylân en Firginia dy't ûnderdiel útmakken fan it leger fan 'e Konfederaasje, mar Delaware is de iennichste slavesteat dy't gjin eigen rezjiminten oan dat leger bydroech. De steat befrijde syn slaven koart nei de ein fan 'e oarloch, mar wegere it Trettjinde Amendemint oan de Amerikaanske Grûnwet (de ôfskaffing fan 'e slavernij, fan boppen ôf oplein troch it federale regear) te ratifisearjen oant 12 febrewaris1901.
Bestjoer
Delaware bestiet bestjoerlik út mar 3 countys, it leechste tal fan alle Amerikaanske steaten. It binne, fan noard nei súd: New Castle, Kent en Sussex, De steatshaadstêd, Dover, leit yn Kent County, yn 'e midden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Delaware bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan de Algemien Assimblee fan Delaware, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 21 leden en it Steatshûs fan Offurdigen mei 41 leden. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Delaware, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Delaware fanwegen syn lytse befolkingsgrutte mar 1 inkele sit.
It politike lânskip fan Delaware wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Foarhinne waard Delaware beskôge as swingsteat, dêr't noris Demokratysk en dan wer Republikeinsk stimd waard. Sûnt de 1990-er jierren stimt Delaware lykwols steech Demokratysk, wat fral feroarsake wurdt troch de grutte Demokratyske oanhing yn it ferstedske New Castle County (mei û.m. Wilmington), yn it uterste noarden fan 'e steat, dêr't no 55% fan 'e befolking wennet.
de Nantikook Naasje (foarhinne de Nantikook Yndianestamme, en noch earder de Nantikook Yndiaanske Feriening)
Taal
Delaware hat gjin inkele taal by wet fêstlein as de offisjele taal fan 'e steat. Lykwols funksjonearret it Ingelsk yn 'e praktyk as de offisjele taal. Wetsfoarstellen yn sawol it Steatshûs fan Offurdigen (2006) as de Steatssenaat (2007) om it Ingelsk formeel ta de offisjele taal fan 'e steat te meitsjen, binne fuortstimd. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wie it Ingelsk doe foar 91% fan 'e befolking fan Delaware de memmetaal. De op ien nei grutste taal fan 'e steat wie it Spaansk (5%), folge troch it Frânsk (0,7%), it Sineesk (0,5%) en it Dútsk (0,5%).
Godstsjinst
Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2015 (op basis fan in enkête dêr't 9% fan 'e befolking oan wegere mei te dwaan) 66% fan 'e befolking fan Delaware út kristenen, wêrûnder 57% protestanten en 9% roomsen. De grutste protestantske substreamings wiene it metodisme (20%) en it baptisme (19%). Ateïsten en agnosten foarmen 17% fan 'e befolking. Fan 'e net-kristlike godstsjinsten wiene de islaam (2%) en it joadendom (1%) it grutst. Alle oare religyen mei-inoar besloegen 5% fan 'e steatsbefolking.
Klimaat
Delaware hat troch de ynfloed fan 'e Atlantyske Oseaan in myld seeklimaat, wêrmei't it de midden hâldt tusken it wredere lânklimaat fierder nei it noarden en it subtropysk klimaat fierder súdlik. Hoewol't de steat mar frij lyts is, besteane der oansjenlike ferskillen oangeande trochsneed temperatuer en de hoemmanichte sniefal tusken it noarden en it suden. It súdlike diel fan Delaware hat it hiele jier troch myldere temperatueren, wylst yn it noarden by 't winter folle mear snie delkomt. Rekôrtemperatueren wiene 43 °C, op 21 july1930 yn Millsboro, en –27 °C op 17 jannewaris1893, frjemd genôch ek yn Millsboro.