Rhode Island (Ingelsk: Rhode Island; útspr.: [ɹoʊd a:i̭lənd], likernôch "rood aailund"), offisjeel de Steat Rhode Island (Ingelsk: State of Rhode Island), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Rhode Island, byneamd de Ocean State, leit yn it noardeastlike part fan it lân, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio Nij-Ingelân. De haadstêd is Providence, dat ek de grutste stêd is. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 1,1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 43e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Rhode Island mei 3.140 km² de 50e en lytste steat.
Etymology
Nettsjinsteande de oantsjutting island ("eilân") yn 'e namme fan 'e steat, leit Rhode Island foar it oergrutte part op it fêstelân fan Noard-Amearika. De offisjele namme is 'Steat fan de Rhode Island- en Providence-plantaazjes', en tsjut op twa ferskillende gebieten, dy't oarspronklik aparte Britskekoloanjes (mei in âlde oantsjutting: 'plantaazjes') wiene. It eigentlike 'Rhode Island' wie in koloanje op in lyts eilân yn 'e Narragansettbaai, foar de kust fan 'e hjoeddeistige steat, dat tsjintwurdich bekend stiet ûnder de namme Aquidneck. It (folle gruttere) diel fan 'e steat op it fêstelân foarme oarspronklik de koloanje Providence. De namme 'Rhode Island' is wierskynlik in ferbastering fan 'e iere Nederlânske namme foar Aquidneck, Rood Eiland.
Om't de lange namme fan 'e steat yn it deistich spraakgebrûk ôfkoarte wurdt ta 'Rhode Island', libbet bûten de Feriene Steaten by in protte lju it misferstân dat de hiele steat op in eilân leit. Yn 2010 waard der yn Rhode Island in referindum holden oer de fraach oft de lange steatsnamme feroare wurde moast yn koartwei 'Steat Rhode Island'. Dat útstel waard lykwols mei 78% tsjin 22% fuortstimd. De bynamme fan Rhode Island is de Ocean State, om't de steat oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan leit. De ynwenners neame harren steat ek wol the Biggest Little State ("de Grutste Lytse Steat").
Nettsjinsteande syn behindige oerflak hat Rhode Island in kustline fan 618 km oan 'e Atlantyske Oseaan en de Narragansettbaai. De grutste mar fan 'e steat is de Scituate-opslachmar. Rhode Island hat net in protte reliëf. It heechste punt yn 'e steat is Jerimoth Hill, op 247 m boppe seenivo, en it leechste punt is it strân oan 'e Atlantyske kust, dat op seenivo leit. Rhode Island hat twa geografyske regio's: it leechlân fan 'e Narragansettbaai yn it easten en oan 'e Atlantyske kust yn it suden, en de lege heuvels yn it noardwesten.
Nei oerlis mei Williams setten har yn 1638 oare kolonisten dy't yn Massachusetts net wolkom wiene nei wenjen op it eilân Aquidneck. Yn 't earstoan wiene Providence (stifte troch Williams) en Portsmouth en Newport, beide op Aquidneck, allegear selsstannige koloanjes, mar yn 1644 waarden se gearfoege ta de koloanje Rhode Island en Providence. Under de saneamde Oarloch fan Kening Filips (1675-1676), tusken de Ingelske kolonisten fan 'e Nijingelânske koloanjes oan 'e iene kant, en de Wampanoäch-Yndianen oan 'e oare kant, foel in legerke fan kolonisten út Massachusetts en Konettikut noardlik Rhode Island binnen, dêr't se op 19 desimber1675 in fortifisearre Narraganset-doarp ynnamen en mei de grûn lyk makken, en in bloedbad ûnder de ynwenners oanrjochten. Ut wraak foel de Wampanoäch-lieder Metacomet, dy't troch de kolonisten oantsjut waard as 'Kening Filips', ferskate blanke delsettings yn Rhode Island oan, dy't er platbaarnde. Ek Providence sels waard twaris oanfallen.
Yn 1686, doe't de Ingelske kening Jakobus II besocht om syn gesach oer de autonome koloanjes yn Noard-Amearika fuort te sterkjen, gie Rhode Island op yn it dominionNij-Ingelân. Nei't Jakobus yn 1688 by de Glorieuze Revolúsje ôfset wie, wûn Rhode Island syn selsbestjoer wer werom. Yn dyselde snuorje waarden foar it earst negerslaven yn 'e koloanje yntrodusearre, en neitiid fear Rhode Island wol by de slavehannel.
Ek nei de foarming fan 'e Feriene Steaten wie Rhode Island noch ferskate jierren djip behelle yn 'e slavehannel, oant de slavernij der yn 1784 ôfskaft waard. Neitiid lei de steat him ta op yndustrialisaasje, wêrby't op in protte plakken de katoenferwurking en oare tekstylfabriken tige wichtich waarden. Lange tiid hiene yn Rhode Island inkeld blankemanlju dy't foar mear as $134 oan grûn besieten it stimrjocht. Geandewei de earste helte fan 'e njoggentjinde iuw kaam dêr almar mear ferset tsjin, mar de rike elite kearde foarstellen ta útwreiding fan it stimrjocht stiiffêst tsjin. Yn 1842 late dat ta it ûntstean fan in parallel steatsregear dat keazen waard by yllegale ferkiezings ûnder blanke manlju dy't gjin stimrjocht hiene. Under lieding fan Thomas W. Dorr kaam it ûnder de oanhingers fan it parallelle regear ta in wapene opstân (de Dorr-rebûlje) tsjin 'e fêstige oarder. Dorr waard úteinlik oppakt en foar ferrie tsjin 'e steat yn it tichthûs smiten, mar it Steatskongres fan Rhode Island wie al even goed kjel wurden, en datselde jiers noch waard it stimrjocht útwreide.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wie Rhode Island de earste Noardlike steat dy't troepen stjoerde om tsjin 'e SúdlikeKonfederaasje te fjochtsjen, dy't him fan 'e Feriene Steaten ôfskiede woe. Yn totaal tsjinnen 25.236 Rhode Islanders yn 'e oarloch, wêrfan't 1.685 kamen te sneuveljen. Fuort nei de oarloch, yn 1866, skafte Rhode Island de rassesegregaasje yn it ûnderwiis ôf.
Rhode Island bestiet út 5 countys, dy't as bestjoerlike oerheidsynstânsjes opheft binne, mar as statistyske gebieten fuortbesteane. De steatshaadstêd is Providence, dat yn it sintrale part fan 'e steat leit. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Rhode Island bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Algemiene Assimblee fan Rhode Island, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 38 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 75 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Rhode Island, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Rhode Island ek twa sitten.
It politike lânskip fan Rhode Island wurdt, lykas yn 'e measte Amerikaanske steaten it gefal is, folslein behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Dêrby is Rhode Island sûnt de Grutte Depresje yn 'e jierren tritich in Demokratysk bolwurk, dêr't de Demokratyske Partij fiif kear safolle leden hat as de Republikeinske Partij. De steat is foar Amerikaanske begripen progressyf; sa wie Rhode Island de twadde Amerikaanske steat dy't de deastraf ôfskafte en fierde it syn lêste deastraf út yn 'e 1840-er jierren. Oant novimber2011 wie prostitúsje yn Rhode Island legaal salang't it binnendoar barde. Yn 2013 wie Rhode Island de achtste Amerikaanske steat dy't it homohoulik ynfierde.
Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Rhode Island yn 2014 1.055.173 ynwenners, wat in groei fan 0,3% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 388 minsken de km², wat it ta de op ien nei tichtstbefolke steat makke. De grutste stêd fan 'e steat is Providence, mei 178.000 ynwenners yn 2010. Oare gruttere stêden binne: Warwick (83.000), Cranston (80.000), Pawtucket (71.000), East Providence (47.000) en Woonsocket (40.000). Fan 'e befolking fan Rhode Island wie yn 2010 58,7% berne yn 'e steat sels, wylst 26,2% berne wie yn in oare Amerikaanske steat, 2,0% yn Porto Riko of oare Amerikaanske territoaria, en 12,6% yn it bûtenlân.