Súdwest-Alaska is in tinbefolke krite yn it súdwesten fan Alaska, dy't likernôch 800 km it binnenlân fan 'e steat yn rikt fan 'e kust fan 'e Beringsee ôf. It meastepart fan 'e befolking libbet der ferspraat yn lytse mienskippen by de kust lâns. Súdwest-Alaska omfettet de ûnbidich grutte Yukon-Kuskokwimdelta, dat ien fan 'e grutste rivierdelta's fan 'e wrâld is. Eilannen lykas Kodiak, it haadeilân fan 'e Kodiakarsjipel yn 'e Golf fan Alaska, en Nunivak en de Pribilofeilannen yn 'e Beringsee, hearre ek ta de regio, krektlyk as it grutste diel fan it Alaska-skiereilân, dat nei it súdwesten ta útstiket en de Beringsee fan de Golf fan Alaska skiedt.
De Noarderbedelte, ta einbeslút, beslacht de hiele noardkust fan Alaska noardlik fan it Brooks-berchtme, en bestiet foar it meastepart út toendra mei lytse doarpen, benammen oan 'e kust. De regio stiet bekend om syn reuseftige ûndergrûnske foarrieden ierdoalje en omfettet û.m. it bekende Oaljefjild fan Prudhoe Bay. It grutste plak fan 'e Noarderbedelte is Barrow. It noardwesten fan Alaska, mei as sintrum Kotzebue, wurdt yn 'e regel mei de Noarderbedelte op ien bulte smiten, hoewol't it der geografysk sjoen net by heart. It noardwesten omfiemet it grutte Seward-skiereilân, dat nei it westen ta útstiket en sa mei it RussyskeTsjûkotka-skiereilân de Beringstrjitte foarmet. Ek Lyts-Diomedes, yn 'e Beringstrjitte, en it grutte eilân St. Lawrence, yn 'e noardlike Beringsee, hearre by it noardwesten.
Grûnbesit fan 'e lânseigen befolking
Likernôch 180.000 km² lân (oftewol 12,2%) fan Alaska is yn it besit fan 'e tolve grutte regionale en tsientallen lytsere pleatslike korporaasjes fan 'e lânseigen befolking (Eskimo's, Aleoeten en Yndianen). Dy binne opset ûnder de Alaska Native Claims Settlement Act (ANCSA) fan 1971. De Alaskaanske lânseigen regionale korporaasjeDoyon, Limited neamt himsels yn advertinsjes en oare publikaasjes faak "de grutste private lâneigner fan Alaska". Oarspronklik omfieme de ANCSA de mooglikheid dat de korporaasjes harren lân, begjinnend yn 1991, op 'e publike merk ferkeapje koene, mar dat diel fan 'e wet waard ynlutsen ear't it fan krêft wurde koe. Dat bestjut dat de korporaasjes harren lân yn eigendom hawwe, faak alle rjochten op ûndergrûnske dylchstoffen ynbegrepen (in rjocht dêr't yndividuële boargers gjin oanspraak op meitsje kinne), mar dat se it lân net ferkeapje kinne. Yn tsjinstelling dêrmei kin yndividuële lânseigen grûn wól op 'e publike merk ferkocht wurde.
Wat de ynstelling fan reservaten oangiet, is Alaska wat in frjemde ein yn 't byt yn 'e Feriene Steaten. It reservaatstelsel sa't dat yn 'e legere 48 steaten bestiet, is yn Alaska nammentlik nea fan 'e grûn kommen, en troch de ynfiering fan 'e ANCSA en it feit dat de lânseigen korporaasjes mei harren ûnferkeapbere lân min ofte mear deselde funksje ferfolje as in reservaat, binne se ek net nedich. Sadwaande bestiet der yn hiele Alaska mar ien Yndianereservaat: it Annette Island Yndianereservaat fan 'e Metlakatla Yndianemienskip, dat 332,6 km² beslacht yn 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska. Dat bestie al foar de oanname fan 'e ANCSA en hat syn status ûnôfhinklik fan dy wet beholden.
Underwilens hie de lânseigen befolking fan Alaska fan 'e ein fan 'e achttjinde iuw ôf oant de midden fan 'e njoggentjinde iuw slim te lijen ûnder útbraken fan 'e pokken, in sykte dy't de Russen meibrochten en dêr't de Aleoeten, Eskimo's en Yndianen gjin ferwar tsjin hiene. Benammen yn 'e 1830-er jierren en de 1860-er jierren wiene der ferskriklike epidemyen, wêrby't tûzenen minsken omkamen en de tribalemaatskippijen slim ûntregele waarden.
Nei't Alaska yn 1867 oergien wie yn Amerikaanske hannen, ûntstie dêrtroch it Alaskaanske Grinskonflikt, wêrby't de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk yn in slepend skeel ferwikkele rekken oer de krekte rin fan 'e grins tusken Alaska en Britsk-Kolumbia. Pas yn 1903 waard dy deilisskip yn it foardiel fan 'e Feriene Steaten oplost.
Op 27 maart1964 waard Alaska troffen troch in swiere ierdbeving, dy't letter ek wol bekend kaam te stean as de Goedfreedierdbeving. Dêrby kamen 133 minsken om en waard in protte skea oanrjochte. Ferskate doarpen en ek dielen fan guon gruttere mienskippen waarden folslein ferwoastge, benammen troch ierdferskowings en tsûnamys. Mei in krêft fan 9,2 op 'e skaal fan Richter wie it de swierste ierdbeving yn Noard-Amearika dy't ea registrearre is, en de op ien nei swierste fan 'e hiele wrâld. It tiidstip fan 'e ierdbeving (17.36 oere), de tiid fan it jier en de lokaasje fan it episintrum holpen allegear mei om derfoar te soargjen dat der sa min mooglik slachtoffers wiene, benammen yn Anchorage.
Alaska bestiet bestjoerlik út net út countys, lykas de oare Amerikaanske steaten (útsein Louisiana, dat parishes hat), mar út boroughs. Dêrfan binne der 16 yn 'e steat. Oars as de countys yn oare Amerikaanske steaten beslane de boroughs yn Alaska net it hiele grûngebiet fan 'e steat. It gebiet dat net ûnderdiel is fan lykfol hokker borough (en foar it meastepart út tinbefolke wyldernis bestiet), wurdt oantsjut as de Unorganisearre Borough. De Unorganisearre Borough wurdt streekrjocht troch it steatsregear bestjoerd.
It politike lânskip fan Alaska wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marzjinale rol. De opmerklikste ûnder dy oare partijen is de Alaskaanske Unôfhinklikheidspartij (AIP), oprjochte yn 1984, dy't foar de ôfskieding fan Alaska fan 'e Feriene Steaten stribbet. Sawol op it mêd fan 'e steatspolityk as de Amerikaanske federale polityk stipe Alaska oant de earste helte fan 'e 1970-er jierren oer it algemien de Demokraten. Sûnt hat de steat him lykwols fierhinne ûntjûn ta in Republikeinsk bolwurk. De bekendste politikus út Alaska, alteast yn it bûtenlân, is Sarah Palin, dy't yn 2008 de Republikeinske fise-presidintskandidate wie ûnder John McCain.
De lânbou is likemin in wichtige sektor, benammen om't it kâlde klimaat en it koarte groeiseizoen bou op grutte skaal suver ûnmooglik meitsje. Mei de feehâlderij leit dat justjes oars, mar likegoed is Alaska ek dêrfoar gjin ideaal plak. Oer it algemien produsearje bou en feehâlderij inkeld foar de eigen konsumpsje fan 'e befolking fan Alaska: griente, suvel, kowefleis en jongfee foar fierdere fokkerij. De fiskerij is wol goed ûntwikkele, en krab en fisk (benammen salm, kabbeljau en koalfisk) foarmje, njonken oalje en gas, de wichtichste eksportprodukten fan 'e steat. De krabbefiskerij yn 'e Beringsee út 'e haven fan Dutch Harbor wei, is wrâldwiid popularisearre troch de realitytillefyzjesearjeDeadliest Catch. Ek de boskbou hat troch de eksport fan hout in wichtich oandiel yn 'e Alaskaanske ekonomy.
Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Alaska yn 2014 736.732 ynwenners, wat in groei fan 3,7% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 0,5 minsken de km² (wetteroerflak net meirekkene). Dêrmei wie Alaska ien fan 'e tinst befolke gebieten fan 'e wrâld en fierwei de tinst befolke steat fan 'e Feriene Steaten. De op ien nei tinst befolke Amerikaanske steat wie Wyoming, yn 'e Rocky Mountains, mei 2,2 minsken de km². De grutste stêd fan Alaska is Anchorage, mei 292.000 ynwenners yn 2010. Oare gruttere stêden binne: Fairbanks (32.000), de steatshaadstêd Juneau (31.000), Badger (19.000), Knik-Fairview (15.000), College (13.000) en Sitka (9.000).
De Eskimo's wenje by de noardlike, westlik, súdwestlike en súdlike kusten fan it fêstelân lâns. Krekt as de Yndianen binne se te ferdielen yn ferskate etnyske groepen, te begjinnen mei de skieding tusken de Inûyt (Inuit), de Eskimo's fan 'e Noardlike Iissee, dy't ek yn Kanada en Grienlân wenje, en de Jûpik (Yup’ik), de Eskimo's fan 'e Beringsee en de Stille Oseaan. De Injûpiat (Iñupiat), dy't oan 'e noardlike en noardwestlike kusten fan Alaska wenje, binne in subgroep fan 'e Inûyt. De Middensibearyske Jûpik (Central Siberian Yup’ik), dy't behalven yn Sibearje ek lânseigen binne op it ta Alaska hearrende eilân St. Lawrence, yn 'e Beringsee, de Middenalaskaanske Jûpik (Central Alaskan Yup’ik) fan westlik en súdwestlik Alaska en de Alûtiik (Alutiiq) fan súdlik Alaska binne subgroepen fan 'e Jûpik.
De Aleoeten (Aleuts of Unangan), ta einbeslút, dy't de Aleoetenarsjipel en de westpunt fan it Alaska-skiereilân bewenje, binne in apart folk, dat nau besibbe is mei de Eskimo's mar dêr dochs los fan stiet.
Fan 'e befolking fan Alaska spriek yn 2011 82,4% it Ingelsk as memmetaal, wylst 3,5% it Spaansk as memmetaal hie. Fan 'e rest fan 'e befolking hie 5,2% ien fan 'e tweintich lânseigen talen as memmetaal, 4,3% spriek in Aziatyske taal en 2,2% hie in oare Yndo-Jeropeeske taal as memmetaal (lykas Frânsk, Russysk of Portegeesk).
Oer it algemien kin oer Alaska sein wurde dat it koarte simmers hat en lange, kâldewinters. Simmerdeis kinne de temperatueren yn it binnenlân oerdeis wol rom boppe de 30 °C útkomme, wylst it kwik der by 't winter sakje kin oant –50 °C. Rekôrtemperatueren foar de steat wiene 38 °C, op 27 juny1915 yn Fort Yukon, en –62 °C op 23 jannewaris1971 te Prospect Creek. Dy lêste temperatuer is mar ien graad boppe de leechste temperatuer dy't ea yn Noard-Amearika metten is (yn Snag, yn 'e Yukon).
Súdeast-Alaska is sawol it wietste as it waarmste part fan 'e steat, dat foar in grut part begroeid is mei tuskenbeiden reinwâld. De haadstêd Juneau kriget mear as 1.300 mmdelslach yn 't jier, wylst Ketchikan yn trochsneed sels mear as 3.800 mm kriget. Súdeast-Alaska is ek it iennichste diel fan 'e steat dêr't de trochsneed temperatueroerdeis by 't winter boppe it friespunt leit. Westlik Alaska tanket syn klimaat fierhinne oan 'e ynfloed fan 'e Beringsee. In gebiet dêre, dat rikt fan 'e noardkant fan it Seward-skiereilân oant de delling fan 'e Kobuk (d.w.s. de krite oan 'e Kotzebue Sound), is feitliks in woastyn, dêr't op plakken minder as 250 mm delslach yn 't jier falt.