McCain komt út in famylje mei militêre eftergrûn. Sawol syn pake as heit wienen admiraal by de Amerikaanske marine. McCain studearre ôf oan de United States Naval Academy yn 1958 mei in BS.
McCain wie militêr piloat en waard yn 1967 delsketten boppe Fietnam. Hy rekke dêrby slim ferwûne en waard finzen nommen troch de Fietkong. De Fietkong hold him fiif jier kriichsfinzen. Doe't oan it ljocht kaam dat hy de soan fan Admiraal McCain wie, woe de Fietkong him frijlitte. De drystmoedige McCain wegere, of it moast sa wêze dat der ek oare kriichsfinzenen frijlitte wurde soene. Yn dy fiif jier finzenskip waard er troch de Fietkong slim tamtearre en waard frijlitten yn 1973.[1]