17 - Kosovo ropt de ûnôfhinklikheid út, en wurdt erkend troch in grut part fan 'e Westerske en islamityske wrâld. Servje wegeret dat te akseptearjen en hâldt deroan fêst dat it gebiet in yntegraal ûnderdiel fan Servje útmakket.
maart
2 - Nei in ynfal fan Kolombiaansketroepen op it grûngebiet fan Ekwador, dy't rjochte wie tsjin 'e guerriljastriders fan 'e FARC, rinne de spannings tusken Kolombia en syn buorlannen heech op. Ekwador en Fenezuëla stjoere troepen nei de Kolombiaanske grinzen.
3 - De sykloanNargis treft de kust fan Birma ekstreem hurd. De stoarm soarget dêr foar mear as 138.000 deaden en rjochtet foar $10 miljard oan skea oan.
28 - It parlemint fan Nepal stimt mei oerweldigjende mearderheid foar de ôfskaffing fan 'e 240 jier âlde monargy en foar de ynstelling fan in republyk.