Walt Kowalski is in sjegrinigepinsjonearre Amerikaanske fabryksarbeider en feteraan út 'e Koreaanske Oarloch mei in etnyskPoalske eftergrûn. Nei in houlik fan mear as fyftich jier hat er koartby de frou ferlern en is er widner wurden. Syn frou wie de iennichste dy't syn ûnoanpaste sosjaalhâlden en dragen noch wat bystjoere koe, mar sûnt har ferstjerren docht er hielendal syn eigen sin. Sa komt er net mear yn tsjerke, en as pastoar Janovich, dy't noch mar krekt fan it seminaarje kommen is, him besiket te bepraten om tenei wer al nei tsjerke te gean, en – noch helte minder – him te treastgjen, seit Walt him ûngewosken it mannewaar op, wêrby't bliken docht dat er nei mear as fyftich jier noch altyd lijt ûnder syn oarlochsûnderfinings.
De buert fan 'e wykHighland Park, yn Detroit, dêr't er wennet, waard foarhinne befolke troch blankehúshâldings út 'e arbeidersklasse. Tsjintwurdich dominearje dêr lykwols de Hmong, in etnyske groep út Súdeast-Aazje, dy't yn 'e Fjetnamoarloch oan Amerikaanske kant fochten en nei de Amerikaanske nederlaach as flechtlingen de wyk nimme moasten nei de Feriene Steaten. Dat is in feroaring dy't Walt mei lede eagen oansjoen hat, mei't er omreden fan syn oarlochsferlineAziaten dochs al net lije mei, en boppedat om't kriminaliteit en bindegeweld yn 'e buert no skearing en ynslach binne. Om't er wegeret kontakt mei de nije buertbewenners te lizzen, mar ek om sels earne oars hinne te ferhúzjen, is Walt yn in isolemint rekke.
Dat wurdt noch oanboaze trochdat er ferfrjemde rekke is fan syn soannen Steve en Josh en harren gesinnen, mei wa't alle kontakt fia syn frou silger rûn. Hy hat nea in geweldige relaasje mei syn bern hân, mar sûnt it ferstjerren fan syn frou hawwe se neat mear gemien. Steve wol him nei in fersoargingstehûs hawwe om't er net mear foar himsels soargje kinne soe, mar Walt hat it derop dat syn wolwêzen Steve neat skele kin, en dat er ynstee longeret op Walt syn besittings, lykas de klassike Ford Gran Torino út 1972 dy't er yn 'e garaazje stean hat. Hy bliuwt dêrom wenjen dêr't er wennet, mei inkeld syn âlde hûn Daisy as selskip. Hy is in libbenslange smoker fan sigaretten, en de lêste tiid hoastet er út en troch bloed op, eat dat er foar eltsenien soarchfâldich geheim hâldt.
Thao, de soan fan 'e Hmong-famylje Vang Lor, dy't yn it oanbuorjende hûs wennet, wol opnommen wurde yn 'e binde fan syn neef Fong, byneamd "Spider". Dyselde twingt him om by wize fan ûntgriening Walt syn Ford Gran Torino te stellen. Thao wurdt lykwols trappearre troch Walt en naait út, wêrnei't er troch Spider en de oare bindeleden, dy't poerrazen binne oer syn falen, yninoar slein wurdt. Walt komt dêrop nei bûten ta mei syn M1 Garand-gewear út 'e Koreaanske Oarloch en jaget de binde op 'e flecht, wêrmei't er it respekt fan 'e Hmong-mienskip wint.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
By wize fan boetedwaning stjoert Thao syn mem him nei Walt ta om foar him te wurkjen. Walt, dy't dat net ferwachte hie en der eins wat mei oan is, lit him ferfelende putsjes opknappe dy't al in skoft lizzen bleaun binne. Meitiid ûntwikkelje se in ûnwillich respekt foarinoar. Thao syn suster Sue behellet Walt by de Hmong-kultuer, en skuort him heal tsjinakseljend út syn isolemint. Al rillegau binne de Vang Lors mear famylje foar Walt as syn eigen soannen en har gesinnen. Hysels wurdt in soarte fan heitefiguer foar Thao, dy't er oan in baan helpt by it fabryk dêr't er sels earder wurke hat en goerie jout oer hoe't er oan 'e faam komme kin. As syn ophoastjen fan bloed oanhâldt, besiket Walt einlings en te'n lêsten in dokter om't er yn it gefal fan syn oankommend ferstjerren noch dingen regelje moat. De dokter befêstiget dat it mis is en dat er net lang mear te libjen hat.
Underwilens giet de binde fan Spider troch mei it ûnder druk setten fan Thao, dy't se op 't lêst ûnderweis nei hûs fan syn wurk yninoar slane. As Walt syn ferwûnings sjocht, siket er it bindehûs op, dêr't er by wize fan warskôging ien fan harren delslacht. As ferjilding fiert de binde in drive-by shooting út op it hûs fan 'e Vang Lors, wêrby't Thao ferwûne rekket. Letter ûntfiere Spider en syn maten Sue, wêrnei't se har ferkrêftsje. Mei't der fan 'e sjitpartij en de gewelddiedigegroepsferkrêfting gjin tsjûgen binne, en de slachtoffers gjin oanjefte doare te dwaan út eangst foar de wraak fan 'e binde, stiet de plysje machteleas.
De deis nei de ferkrêfting fan syn suster siket Thao Walt op en freget syn help by it nimmen fan wraak op Spider-en-dy. Walt freget him letter dy deis werom te kommen. Yn 'e tuskentiid keapet er in nij pak, besiket er de hierknipper en giet er te bycht by pastoar Janovich. As Thao tsjin 'e jûn weromkomt, stjoert Walt him mei in ferlechje nei de kelder en slút him dêr op. Hy fertelt him hoe't er al 55 jier geastlik tramtearre wurdt troch it deadzjen fan in Noardkoreaanskesoldaat, en dat er net wol dat soks Thao syn libben lang efterfolgje sil. Hy skillet Sue op mei it boadskip dat Thao finzen sit yn syn kelder, bringt Daisy de hûn by beppe Vang Lor dy't op 'e weranda fan it oanbuorjende hûs sit, en bejout him nei it bindehûs, dêr't er by tsjuster arrivearret.
Spider en de oare leden fan 'e binde hiene him al ferwachte, en se helje fuort harren fjoerwapens foar it ljocht as se him oankommen sjogge. Mei útset lûd seit Walt harren it mannewaar op en sommet dêrby al harren misdieden op. Yn alle omlizzende huzen geane de doarren en finsters iepen, sadat de bewenners nei him harkje kinne. Walt stoppet in sigaret yn 'e mûle en rikt dan mei de rjochterhân yn 'e binnenbûse, wêrnei't er dy mei in hommelse beweging wer werom lûkt. Dêrmei makket er de bindeleden, dy't nettsjinsteande harren grutspraakbang foar him binne, sa kjel dat se it fjoer iepenje. Walt wurdt trochsingele mei kûgels, mar as er dea delfalt, blykt er inkeld in oanstekker yn 'e hân te hawwen. As Sue en Thao by it bindehûs oankomme, hat de plysje dat al ôfset as in plak delikt. Ien fan 'e plysjes, in Hmong, fertelt harren dat alle bindeleden arrestearre binne foar de moard op in ûnwapene âldman. Diskear binne der withoefolle tsjûgen, en de bindeleden sjogge allegear tsjin in lange finzenisstraf oan.
Pastoar Janovich giet foar by Walt syn begraffenis, dy't besocht wurdt troch in lyts groepke famyljeleden (syn soannen en harren gesinnen), en in grutte kloft folk út 'e Hmong-mienskip, fan wa't in protte foar de gelegenheid de tradisjonele pronk oandien hat. De oanwêzigens fan dy lju fernuveret Walt syn soannen en harren gesinnen. Letter, as by de notaris Walt syn testamint foarlêzen wurdt, blykt Walt oan syn soannen en bernsbern ta harren grutte teloarstelling neat neilitten te hawwen. Syn hûs hat er fermakke oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en de Gran Torino oan Thao, op it betingst dat er neat oan 'e auto feroarje sil. De film einiget as Thao mei Daisy yn 'e auto oer Jefferson Avenue riidt.
Schenk krige fan lju dy't bekend wiene mei de Amerikaanske filmyndustry te hearren dat in film mei in âldman yn 'e haadrol nea makke wurde soe, om't de measte lju sa'n film net sjen woene, en alhielendal net as dy âldman ek noch dingen sei dy't rasistyske opfettings suggerearren. Fia-fia wist Schenk syn senario lykwols foar te lizzen oan filmprodusintBill Gerber, dy't belangstelling hie om it te ferfilmjen, alteast as de âldman spile waard troch Clint Eastwood, want dat soe alles feroarje. Eastwood, dy't op dat stuit neat om hannen hie fanwegen fertragings mei de produksje fan syn film Invictus, hie dêr wol earen nei. Hy fûn it in "fermaaklike en útdaagjende rol" yn in "apart ferhaal". Neffens Schenk feroare Eastwood neat oan it ferhaal (útsein dat er it ferpleatste fan Minneapolis nei Detroit), wat yn 'e filmyndustry fan Hollywood tige útsûnderlik is. Eastwood sei dêroer yn in fraachpetear dat er opholden wie mei it feroarjen fan senario's nei't er yn syn besykjen om it skript fan Unforgiven oan te passen de hiele film op in hier nei "ûntmanne" hie.
Hoewol't it senario eins yn Minneapolis spile, yn Minnesota, ferpleatsten Eastwood en de oare produsinten it ferhaal nei Detroit, yn Michigan, om't se yn dy steat subsydzje foar de produksje krije koene. De opnamen setten yn july2008 útein en duorren fiif wiken. It senario wie folslein yn it Ingelsk skreaun, sadat de Hmong-akteurs sels in oersetting ymprovisearje moasten foar harren tekst yn it Hmong. De Hmong-spilers hiene net ien fan allegear ûnderfining as akteur. Eastwood gie dêr, neffens himsels, mei om troch harren lytse oanwizings te jaan en der sa'n feart yn te hâlden dat se gjin tiid hiene om nei te tinken.
Yn 'e Los Angeles Times priizge ek Kenneth Turan it aktearjen fan Eastwood. Hy skreau: "it is in film dy't jin ûnmooglik foar te stellen wêze soe sûnder de akteur yn 'e titelrol. It idee fan in 78-jierrige aksjeheld mei dan klinke as in ynterne tsjinstridichheid, mar Eastwood makket it oannimlik, ek al is syn stoerens [yn dizze film] likefolle ferbaal as fysyk. Sels mei 78 jier kin Eastwood "Gean fan myn gazon ôf" noch like driigjend klinke litte as "Toe mar, meitsje myn dei mar goed."" De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert skreau yn 'e Chicago Sun-Times dat de film giet "oer de ferlette ûntjouwing fan it bettere aard fan in man."
Net eltsenien wie lykwols mei de film ynnommen. Mark Harris, in kollumnist foar it tydskriftEntertainment Weekly omskreau Gran Torino as "fantasij dy't him foardocht as sosjaal kommentaar". Hy beskuldige de film fan "de waanfoarstelling dat sels de rasistyskebuorman ús noch wat leare kin oer heldhaftigens en selsopoffering," om dêroan ta te heakjen: "Nee, dat is net sa." It wie opfallend dat resinsinte Nicole Sperling, dy't ek yn Entertainment Weekly publisearre, de film op in folslein tsjinstelde manear opfette. Sy neamde it "in meditaasje oer tolerânsje, dy't bewuolle is yn 'e momkape fan in film mei in coole auto en in mei in gewear omrinnende Clint Eastwood."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Gran Torino in relatyf heech goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 224 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't it ien fan 'e minder wichtige films is yn it oeuvre fan Eastwood, is Gran Torino dochs in grappige, oangripende en yntrigearjende likenis yn 'e âlde styl." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Gran Torino in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 34 resinsjes.
Binnen de Hmong-mienskip yn 'e Feriene Steaten krige Gran Torino sawol lof as krityk. Haadrolspiler Bee Vang sei dat de portrettearring fan syn folk yn 'e film "oer it algemien akkuraat" is, hoewol't guon kulturele saken ûnsekuer werjûn of út 'e kontekst helle binne. Oer de film as gehiel sei Vang: "Dizze film is gjin dokumintêre. We kinne net 101 persint akkuratens ferwachtsje." Clint Eastwood syn beslissing om echte Hmong yn 'e rollen fan Hmong te casten, ynstee fan lykfol hokker akteurs mei in mongoloïde uterlik, waard yn elts gefal mei tige positive reäksjes ûntfongen.
Resultaat
Opbringst
Gran Torino brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $270 miljoen op. As men dy opbringst ôfset tsjin it budget fan $33 miljoen, betsjut dat in winst fan $237 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Gran Torino de op ien nei meast opbringende film fan Eastwood. Per 1 novimber2009 wiene al mear as 3.750.000 eksimplaren fan 'e dvd fan 'e film oer de toanbank gien, wêrmei't nochris $56,7 miljoen fertsjinne wie. (De ferkeap fan blu-ray-dvd's is dêr net by yngebrepen.)