In auto, eins koart foar automobyl (fan it Grykske αὐτός, autós, "sels", en it Latynskemobile, "bewegend"), is in selsstannich bewegend rydtúch om minsken, foarwerpen en/of bisten te ferfieren. It begryp 'auto' kin op ferskate manearen definiëarre wurde, mar almeast wurdt útgien fan 'e persoane-auto of lúkse auto. Yn dy (inge) sin is in auto in selsridend fiertúch dat him foar it meastepart op wegen fuortbeweecht, fjouwer tsjillen hat, dêr't ien oant acht minsken yn passe, en dêr't yn it foarste plak minsken mei ferfierd wurde ynstee fan foarwerpen of bisten. Yn bredere sin kinne ek ôfwikende foarmen ûnder it begryp 'auto' beflapt wurde, lykas de bestelauto, it bestelbuske en de frachtwein (dy't benammen bedoeld binne om foarwerpen of bisten te ferfieren) en de autobus (dy't folle mear as acht persoanen ferfiere kin). Yn 2014 waard rûsd dat der wrâldwiid mear as 1,25 miljard auto's op 'e dyk wiene, wat delkomt op mear as in ferdûbeling yn ferhâlding mei de 500 miljoen fan 1986. It oantal auto's giet noch altyd hurd omheech, benammen yn Sina, Yndia en oare nije yndustrylannen.
Yn 1801 boude Richard Trevithick yn it Feriene Keninkryk syn Puffing Devil, in saneamde 'weilokomotyf'. Dat wie nei alle gedachten de earste demonstraasje fan in mei steam oandreaun fiertúch dat him oer de wei ferpleatste, mar it koe de steamdruk net oer langere perioaden behâlde, en it hie sadwaande amper praktysk nut. Itselde soarte problemen hie in grut ferskaat oan fehikels op steamkrêft dy't letter yn 'e njoggentjinde iuw produsearre waarden. Der wie ferlet fan in hiel nij oandriuwingssysteem om wat oan sokke fiertugen te hawwen, en de earste oanset dêrta kaam doe't Nicéphore Niépce en syn broerClaude yn 1807 wrâlds earste ferbrâningsmotor bouden (dy't se trouwens ynstallearren op in boat). It duorre noch tsientallen jierren ear't de nije technology geskikt wie om foar selsridende fiertugen brûkt te wurden.
Mei de earste massaproduksje fan auto's waard yn 1901 yn Lansing (Michigan) úteinset troch Ransom Olds yn syn Oldsmobile-fabryk. Henry Ford begûn yn 1913 mei in rinnende bân yn syn fabriken. As gefolch dêrfan kaam der eltse fyftjin minuten in nije Ford ree, wat in ferachtfâldiging fan 'e arbeidsproduktiviteit wie yn ferhâlding ta eardere arbeidsmetoaden. Tagelyk waard it tal manoeren dat oan 'e produksje fan in auto bestege waard, weromkrongen fan 12½ oere oant 1 oere en 33 minuten. De rinnende bân wie sa'n súksesfolle ynnovaasje dat it fervjen fan 'e auto's in flessehals waard dy't de boel ophold. Allinnich swarteferve woe fluch genôch drûgje, sadat Ford twongen waard om it ferskaat oan kleuren dat foar 1913 beskikber wie, ôf te skaffen. It late ek ta Henry Ford syn (apokrife) opmerking dat er auto's yn eltse kleur leverje koe, salang't it mar swart wie.
Auto's kinne ride trochdat se harsels fuortbewege mei in eigen ferbrâningsmotor, mar der binne ek tal fan oare funksjes ynboud. Sa hawwe auto's in rem, in hanrem, in fersnellingsbak, lampen oan 'e foar- en efterkant, lampkes dy't oanjouwe as men fan rjochting feroarje wol, ensfh. Troch de desennia hinne binne ek hieltyd mear tafoegings wetlik ferplichte wurden dy't de feilichheid fan 'e bestjoerder (de automobilist) en de passazjier(s) fergrutsje moat. Men kin dan bgl. tinke oan feilichheidsgurlen en airbags. Oare foarbylden fan tafoegings dy't geandewei ynboargere rekke binne (of reitsje), binne autoradio, airconditioning, navigaasjesysteem en ynboude kamera's, dy't it parkearjen makliker meitsje moatte. De betsjinning fan in auto is dêrtroch stadichoan ek navenant yngewikkelder wurden.
De measte auto's rûnen foarhinne op 'e ferbrâning fan fossile brânstoffen yn 'e ferbrâningsmotor, wat yn 'e regel delkaam op benzine of disel, of soms op autogas. Mei't it ferbrâningsproses fan sokke stoffen foar luchtfersmoarging soarget en ien fan 'e oarsaken is fan klimaatferoaring en it broeikaseffekt, is men sûnt de 1990-er jierren dwaande om alternativen te betinken. Ien dêrfan is de elektryske auto, mar it beswier dêrtsjin is dat dy (noch) gjin grut berik hat, dat it opladen lang duorret en dat der fierstente min oplaadpunten binne. Nettsjinsteande dat kamen de earste elektryske auto's kommersjeel beskikber yn 2008. In oar alternatyf is de hybride auto, dy't op elektrisiteit riidt, mar as de elektrisiteit oprekket, oerskeakelet op benzine. Ek is men oan it ûndersykjen oft wetterstof net in better alternatyf foar fossile brânstoffen is.
Foardielen fan autobesit binne in noflike, altyd beskikbere foarm fan transport, en grutte mobiliteit en ûnôfhinklikheid. Foar de maatskippij binne der ek foardielen, lykas de kreaasje fan banen yn 'e auto-yndustry, it bestean fan in oer it algemien betroubere foarm fan transport foar wurknimmers fan en nei it wurk, it maatskiplik wolwêzen dat fuortkomt út 'e frije tiid (gjin wachttiden foar it iepenbier ferfier) en de mooglikheden ta reizgjen dy't de auto biedt, en de ynkomsten fan belestings op auto's en autogebrûk dêr't oare foarsjennings fan betelle wurde kinne. It fermogen fan minsken om har op fleksibele wize fan it iene nei it oare plak te bejaan, hat fierrikkende ymplikaasjes foar de struktuer fan in maatskippij.