De útlêzing fan blu-ray bart troch middel fan in laserljocht mei in weachlingte fan 405 nm, dy't tastiet dat ynformaasje op 'e skiif yn folle gruttere tichtens opslein wurdt as dat op in dvd mooglik is. It ljocht fan 'e laser wurdt blau neamd (dêrfandinne de namme 'blu-ray', "blaustriel"), mar is eins fiolet. Standert-dvd's en cd's brûke in reade laser mei in weachlingte fan 650 nm, resp. 780 nm. Fan gefolgen is der foar it ôfspyljen fan in blu-rayskiif in spesjale blu-raydiscspiler nedich, dy't dan wer gjin dvd's of cd's ôfspylje kin.
'Gewoane' blu-rayskiven befetsje 25 GB per laach, wêrby't it standerttal lagen twa is, sadat op ien skiif 50 GB oan gegevens opslein wurde kinne. Nijere BD-XL-blu-rayskiven kinne ek trije lagen (100 GB) of fjouwer lagen (128 GB) hawwe, mar kinne net útlêzen wurde op 'gewoane' blu-raydiscspilers. High-definitionfideobylden (HD) kinne op blu-rayskiven opslein wurde mei in resolúsje oant 2160p (3840×2160 pixels) en mei oant 60 bylden per sekonde. Dvd's binne beheind ta in maksimale resolúsje fan 480p (NTSC: 720×480 pixels) of 576p (PAL: 720×576 pixels).
Allinnich net-ultra high-definition blu-ray befettet noch regiokodearring sa't dvd dat ek hat, mar dan mei trije oare kodearrings, dy't by dvd's nea foarkomme. Skiven mei in kodearring fan 'e iene regio kinne yn in blu-raydiscspiler út 'e oare regio net ôfspile wurde.