The New York Times, soms ôfkoarte ta NYT en lange tiid byneamd The Gray Lady ("De Grize Dame"), is in Amerikaanskdeiblêd dat mear as oardel iuw oanhâldend fêstige west hat en útjûn is yn 'e stêdNew York. Dizze krante waard yn 1851 oprjochte troch Henry Jarvis Raymond en George Jones, en wurdt hjoed de dei publisearre troch de New York Times Company. De New York Times komt sân dagen yn 'e wike út en wurdt op snein oanfolle troch ferskate kulturele taheakken. De New York Times hie yn 2014 in oplaach fan 1.379.806 eksimplaren, en is dêrmei ien fan 'e trije Amerikaanske kranten mei de grutste fersprieding, yn 'e mande mei de Wall Street Journal en USA Today. Sûnt syn oprjochting hat de New York Times 117 Pulitzerprizen wûn. Om utens is it nei alle gedachten de bekendste Amerikaanske krante.
In krúsjaal barren yn 'e skiednis fan 'e New York Times foel foar yn 1870-1871, doe't de krante mei in rige iepenbierings oer William Magear Tweed, de lieder fan 'e Demokratyske Partij yn 'e stêd New York, in grut korrupsjeskandaal oan it ljocht brocht, dêr't de oerhearsking fan 'e stedspolityk troch Tweed en syn trewanten mei beëinige waard. Nei't de New York Times oarspronklik op 'e hân west hie fan 'e Republikeinske Partij, makke de krante yn 'e 1880-er jierren in oergongsperioade nei in neutralere posysje troch. Hoewol't it deiblêd dêr Republikeinsk oriïntearre lêzers mei ferlear, wist it oare lêzers oan te lûken mei in stadichoan wûne reputaasje fan earlike en akkurate ferslachjouwing. Dat barde fral yn 'e 1890-er jierren, doe't Adolph Ochs earst haadredakteur en letter eigner fan 'e krante waard. Dyselde stelde yn 1897 it biedwurd fan 'e New York Times yn: All the News That's Fit to Print, "Al it Nijs Dat it Wurdich Is om Printe te Wurden". Dat wie in stek ûnder wetter nei konkurrearjende útjeften lykas de New York World fan Joseph Pulitzer en de New York Journal fan William Randolph Hearst, dy't bekend stiene om harren sensasjonalistyske trant fan ferslachjouwing.
Hjoed de dei wurdt de New York Times publisearre troch de New York Times Company, dy't yn besit is fan 'e erven fan Adolph Ochs, yn haadsaak de Sulzberger-famylje. Njonken it haadkertier fan 'e krante yn New York, beskikt de New York Times oer 10 nijsburo's yn 'e regio New York, 11 regionale nijsburo's yn 'e rest fan 'e Feriene Steaten en 26 nijsburo's yn it bûtenlân.