In binde is in groep bekenden, freonen of famyljeleden mei in dúdlike lieder en in ynterne organisaasjestruktuer, dy't him skuldich makket oan kriminele aktiviteiten. Dêrby kin it gean om dingen lykas dieverij, ynbraken, drugshannel, drugssmokkel, eksploitaasje fan prostitúsje, ferkrêfting, moard, ensfh. In soad bindes claime in beskaat territoarium binnen in mienskip (lykas in stêd), en ferdigenje dat mei geweld tsjin ynkringing troch oare bindes, en soms ek tsjin 'e autoriteiten. Konflikten tusken bindes kinne liede ta in saneamde binde-oarloch, wêrfan't gauris ek ûnskuldige omstanners it slachtoffer wurde. Yn guon bindes moatte nije leden in inisjaasjerite ôflizze; faak hat dat te krijen mei geweld fan 'e oare bindeleden yn 'e rjochting fan it nije lid (dat dan 'troch de spitsroeden rinne' moat). It kin der ek op delkomme dat it nije lid him bewize moat troch geweld te dwaan tsjin in lid fan in oare binde of tsjin in oare oanwiisde persoan.
Skiednis
De AmerikaanskehistoarikusBarrington Moore jr. hat bindefoarming omskreaun as "in foarm fan selshelp dy't oaren ta slachtoffer makket." Neffens him komt soks benammen foar yn maatskippijen en dielen fan maatskippijen dêr't sterke krêften op it mêd fan hanthavening fan 'e wet en de iepenbiere oarder ûntbrekke. Yn dat ramt suggerearret er dat it Jeropeeskefeodale systeem út 'e Midsiuwen "foar it meastepart in bindefoarmingsproses" wie, dat sa ynfloedryk wurden wie dat it de hiele maatskippij oernommen hie "en respektabel wurden wie troch de ideeën oer ridderlikheid."
Under de Drûchlizzing, yn 'e 1920-er jierren, doe't de smokkel en ferkeap fan alkohol de organisearre misdieryk makke, wiene der allinne yn 'e stêd Chicago al mear as tûzen bindes aktyf. Iere bindes wiene belutsen by withoefolle kriminele aktiviteiten, mar se koene pas profitearje fan drugshannel nei't drugs yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw yllegaal makke waarden. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren waard drugshannel de wichtichste aktiviteit fan in protte kriminele organisaasjes, hoewol't oare bindes der noch altyd minimale belutsenens by hawwe. Yn 2011 wiene der neffens de FBI 1,4 miljoen aktive bindeleden yn 'e Feriene Steaten.