Sisylje is benammen bekend fanwege it grutte tal ymmigranten dy't emigrearre binne nei de Feriene Steaten, de oarsprong fan de maffia, it tanimmende toerisme en de noch hieltyd tige aktive fulkaan de Etna.
Taal
Op Sisylje wurdt njonken it Italjaansk ek Sisyljaansk sprutsen, dat besibbe is oan it dialekt fan Kalaabrje. It Sisyljaansk wurdt as in eigen taal beskôge.
Geografy
Yn it easten, tichteby Catania, leit de fulkaan de Etna, dy't as in grutte bult yn it lânskip tige opfalt. Dêromhinne leit in frij flak gebiet. Dêr wurdt in soad fruit ferboud. Yn West- en Sintraal-Sisylje wurdt it lânskip dominearre troch heuvels. Wat opfalt is de drûchte dy't simmers hieltyd oanwêzich is en de goudbrune kleur yn de heuvels feroarsaket, útsein troch de folle sitroen- en sinaasappelplantaazjes, dêr't befloeiïng oanwêzich is.
Yn it noarden fan it eilân lizze grutte griene wâlden.
Krekt yn it midden fan Sisylje leit it in grut aaifoarmich mar, it Lago Pergusa (1x1,5 km), mei dêr omhinne it Autodromo di Pergusa, in sirkwy foar autoraces.
Utsein de Etna, hat Sisylje yn de neite ek noch de relatyf lytse, mar tige aktive fulkaan Stromboli, it noardlikste fan de Liparyske of Eolyske Eilannen.
Bestjoerlike yndieling
Sisylje bestiet út trije metropolitane stêden en seis provinsjes: