De Egadyske Eilannen (Italjaansk: Isole Egadi; Sisyljaansk: Ìsuli Ègadi, Latyn: Aegates Insulae; Gryksk: Aἰγάται Νῆσοι, betsjut. 'de eilannen fan de geiten') binne in nustje fan fiif bercheftige eilannen yn de Middellânske See oan de noardwestkust fan Sisylje by de stêden Trapani en Marsala, mei in totaal oerflak fan 37,45 km².
It eilân Favignana (Aegusa) is de grutste en leit 16 km besúdwesten Trapani. Levanzo (Phorbantia) leit 13 km en Marettimo (Hiero Nesos) leit 24 km bewesten Trapani. Der binne ek twa lytse eilannen, Formica en Maraone, dy't tusken Levanzo en de kust fan Sisylje lizze. De eilannen foarmje meiïnoar de gemeente Favignana yn de provinsje Trapani
De befolking yn 2017 wie 4.292. Winterfroast en delslach is leech. De wichtichste boarne fan ynkommen fan de befolking is it fiskjen.
Skiednis
Der binne rotstekeningen út it Neolitikum en Paleolitikum yn grotten op Levanzo en Favignana fûn.