Marketing

Marketing (út it Ingelsk, fan market, "merk" yn 'e sin fan hannelsgearkomste, en -ing, in haadwurdlike tiidwurds-suffiks) is in oerkoepeljende term foar alle aktiviteiten dy't in bedriuw útfiert om 'e ferkeap fan produkten of tsjinsten te befoarderjen, benammen troch reklame. Dêrby giet it om it opbouwen fan in relaasje mei klanten en it befredigjen fan it ferlet fan dy klanten. Om't marketing brûkt wurdt om klanten oan te lûken, is it ien fan 'e primêre ûnderdielen fan sakemanagement en hannel. De klanten kinne yn it gefal fan marketing de konsuminten wêze (B2C-marketing), mar it kin ek om oare bedriuwen gean (B2B-marketing). Mar op wa't de marketing ek rjochte is, der sil oer it algemien gebrûk makke wurde fan deselde strategyen.

As wittenskiplike dissipline is marketing om it begjin fan 'e tweintichste iuw hinne ûntstien yn 'e Amerikaanske steat Illinois, dêr't oanhâldende agraryske oerskotten makken dat der struktureel nei nije ôfsetmooglikheden socht wurde moast. Oant dy tiid waarden ruilprosessen yn it ramt fan 'e ekonomy benammen besjoen út it eachpunt fan 'e klassike en neo-klassike teory.

Tsjintwurdich spylje yn 'e measte ûntwikkele ekonomyen komsumpsjebehoeften in wichtiger rol as de oanwêzichheid fan mear oanbod as fraach. Marketing is sadwaande by útstek in helpmiddel wurden wêrby't it identifsearjen fan behoeften sintraal kommen is te stean. It stipet dêrtroch no sterk op kennis dy't ûntwikkele is yn oare fakgebieten, lykas psychology en sosjology. Troch it opstellen fan advertinsjes en it meitsjen fan reklamespotsjes oerlapet marketing foar in diel mei de kreätive keunsten. Dêrnjonken is marketing ek sels relevant foar de sosjale wittenskippen, benammen as it om statistyske analyzes giet.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.