Mei de kryst fan 1955 lêst professor Trevor Bruttenholm oan syn oannommen soan, de jonge demonHellboy, in ferhaal foar oer in fergetten, oerâlde oarloch tusken de minsken en de ierdgeasten. Doe't de ierdgeasten troch de nûmerike oermacht fan 'e minsklike legers almar fierder tebek dreaun waarden, bea in smid fan 'e eardsken oan Balor, de kening fan 'e elven, oan om in ûnferwoastber meganysk leger te bouwen. Dêrta oanfitere troch syn soan, prins Nuada, naam Balor dat oanbod oan. De smid boude doe it Goudene Leger fan santich kear santich oarlochsmasinen, dy't nea wurch waarden, nea hoegden te iten en nea gjin begrutsjen fielden.
Dat kearde it tij sa yngeand, dat de minsken op in hier nei útrûge waarden. Mar Balor krige wroeging oer syn hastige beslissing en sleat in wapenstilstân mei de minsken op basis fan 'e ôfspraak dat de minsken yn harren stêden en doarpen bliuwe soene, en de wyldernis oan 'e ierdgeasten oerlitte soene. Syn kroan, dêr't it Goudene Leger mei behearske waard en dy't inkeld troch immen fan keninklik bloed droegen wurde koe, briek Balor yn trije stikken. Twa dêrfan hold er sels, wylst er ien oan 'e minsken joech as symboalyske tasizzing fan syn goede wil. Prins Nuada wie it mei dizze hiele gong fan saken net iens en ferliet it keninklike hof fan 'e elven om yn selsopleine ballingskip te gean.
Tûzenen jierren letter, yn 'e tsjintwurdige tiid, dûkt prins Nuada op yn New York, dêr't er mei syn tsjinstfeint, de trol Wink, in feiling yn in sjyk feilinghûs ûnderbrekt. Dêr wurdt nammentlik it part fan syn heite kroan dat oan 'e minsken jûn is en wêrfan't de wearde en betsjutting troch de iuwen hinne ferdizene is, by opbod ferkocht. Nuada nimt it stik fan 'e kroan werom en lit dan in swaarm saneamde toskefeeën op 'e oanwêzigen los: lytse fleanende úthongere wêzens, dy't de minsken dêre libben fersline en inkeld de tosken efterlitte om't dy har te hurd binne. Neitiid bejout Nuada him nei it hof fan syn heit, dêr't er, nei in konfrontaasje mei de keninklike liifwachten, kening Balor deadet en it twadde stik fan 'e kroan stelt. Syn twillingsuster, prinsesse Nuala, ûntsnapt lykwols mei it trêde stik fan 'e kroan.
Underwilens ûnderfynt Hellboy yn it haadkertier fan it Buro foar Paranormaal Undersyk en Ferwar (BPRD), dat in topgeheime ôfdieling fan 'e FBI is, húslike swierrichheden. Syn freondinne Liz Sherman, mei wa't er sûnt likernôch in jier in romantyskerelaasje hat, fynt him loai en sloarderich, wat troch opkroppe argewaasje ta heechoprinnend spul liedt. Sels hat Hellboy der problemen mei dat it BPRD altyd yn it geheim operearje moat, om't idelheid him net frjemd is en hy graach de bewûndering fan 'e Amerikaanske befolking hawwe wolle soe.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
De help fan it BPRD wurdt ynroppen by it ûndersyk nei it bloedbad yn it feilinghûs, dêr't Hellboy, Liz, harren amfibyskehumanoïde freon Abe Sapien en in espel ûnderstypjende spesjaal aginten fan 'e FBI oanfallen wurde troch de toskefeeën. As dúdlik wurdt dat der gjin krûd woeksen is tsjin 'e roppige lytse fretters, baarnt Liz de hiele swaarm dea mei har pyrokinetyske fermogen. Dêrby giet Hellboy mei opset sin foar in finster stean, sadat er troch de skokweach fan 'e hommels fjoersee nei bûten ta blaasd wurdt en foar it each fan it omsteand laach en de kamera's fan 'e gearklofte media boppe-op in auto delkomt. Dan is it foargoed dien mei de heimsinnigens om it BPRD hinne. Yn alle kommoasje ûntdekt de heldersjende Abe dat Liz swier rekke is fan Hellboy, mar hja beswart him om har geheim stil te hâlden.
Poerrazen oer it hâlden en dragen fan Hellboy stjoere de superieuren fan BPRD-baas Tom Manning yn Washington, D.C. in nije burosjef om Hellboy tenei binnen de stringen te hâlden. It blykt te gean om Johann Krauss, in wittenskipper dy't troch in freeslik misbeteard eksperimint no inkeld noch út ektoplasmyskereek bestiet. Under lieding fan Krauss folget it BPRD-team it spoar fan 'e toskefeeën werom nei in geheime merk fan 'e ierdgeasten ûnder de Brooklynbrêge yn Manhattan. Dêre wurdt Abe prinsesse Nuala gewaar as hja by in kartografyskewinkel in lânkaart ophellet dy't lang ferlyn troch kening Balor oan 'e eigner fan 'e winkel yn bewarring jûn is. Wannear't Abe de prinsesse oanrekket, dy't sels ek paranormaal bejeftige is, wurdt er op slach smoarfereale op har.
Nuada syn trewant Wink besiket Nuala te ûntfieren, mar Hellboy giet de striid mei de trol oan sadat Abe de prinsesse yn feilichheid bringe kin. Wink wegeret him by syn nederlaach del te lizzen as Hellboy him op 't langelêst delslein hat, sadat Hellboy twongen is en deadzje de trol. Prins Nuada swart wraak en lit in elemintêre wâldgeast op Hellboy-en-dy los, dêr't Hellboy midden op 'e strjitte fan Manhattan mei ôfweeft. Under dat gefjocht befreget Nuada wêrom't Hellboy eins foar de minsken fjochtet en net tsjin harren, mei't se him dochs nea akseptearje sille. Hy blykt gelyk te hawwen as de plysje en de minsklike taskôgers har nei syn oerwinning op 'e wâldgeast tsjin Hellboy keare.
Werom yn it haadkertier fan it BPRD rekket Abe almar mear ûnder de tsjoen fan Nuala, wylst sy syn gefoelens liket te beäntwurdzjen. Prins Nuada folget it spoar fan syn twillingsuster, mei wa't er sa nau ferbûn is, dat se inoars wûnen diele en inoars tinzen lêze kinne. Nuala ferbaarnt de lânkaart dy't de lokaasje fan it Goudene Leger befetsje soe en ferberget har diel fan 'e kroan yn in dichtbondel fan Alfred Lord Tennyson dy't se earder mei Abe besprutsen hat. As Nuada it haadkertier fan BPRD binnenkringt, docht lykwols bliken dat de lânkaart mar in dwaalspoar wie: de lokaasje fan it Goudene Leger stiet oanjûn op 'e koker dêr't de kaart yn siet. Hellboy, dy't krekt dy jûns útkeazen hat om dronken te wurden, komt yn beskonken steat del om Nuada te befjochtsjen. Hy wurdt noch fierder behindere trochdat er Nuada net ferwûnje kin sûnder ek Nuala te ferwûnjen. Nuada, dy't sokke beheinings net hat, bringt Hellboy in ferwûning ta dy't fataal wêze sil, troch in part fan 'e punt fan syn spear yn Hellboy syn syn boarst deunby syn hert efter te litten. Hy ûntfiert Nuala en seit dat er har en Hellboy inkeld sparje sil as er it lêste stik fan syn heite kroan kriget.
Abe fynt yn 'e dichtbondel fan Tennyson it trêde stik fan 'e kroan fan Balor werom, mar hâldt dat stil. It blykt ûnmooglik om it stik spearpunt yn it boarst fan Hellboy operatyf te ferwiderjen, dat Liz, Abe en Krauss nimme Hellboy mei nei de lokaasje dy't op 'e koker fan 'e lânkaart oanjûn stiet: de Giant's Causeway yn Noard-Ierlân. Dêre moetsje se in lichaamlik beheindeeardske dy't taseit harren it plak wize te sillen dêr't it Goudene Leger opslein is, yn ruil foar de spearpunt yn it boarst fan Hellboy. Liz betinget dat er de spearpunt hawwe mei as Hellboy de ferwidering oerlibbet. Dêrom bringt de eardske Hellboy en Liz foar de deadsingel. Dyselde warskôget Liz dat Hellboy de doem fan 'e minskheid wurde sil en dat sy dêr noch it measte ûnder te lijen hawwe sil. Liz is dêr net bang foar, en as de deadsingel har freget te kiezen tusken de minskheid en Hellboy, kiest se foar Hellboy. De deadsingel hellet dêrop de spearpunt út it boarst fan Hellboy, dy't lichaamlik fuortendaliks hielendal genêzen is. Mar om syn siel werom te roppen fan 'e drompel fan 'e dea, hjit de ingel Liz om him wat te jaan om foar te libjen. Liz flústeret Hellboy dêrop yn it ear dat se swier is. Hellboy wurdt wekker.
De eardske liedt Hellboy, Liz, Ab en Krauss nei de ferlitten ruïnes fan in ûndergrûnske stêd fan 'e ierdgeasten, dêr't se yndie it Goudene Leger oantreffe. Prins Nuada wachtet harren dêr op en easket it trêde stik fan 'e kroan yn ruil foar syn suster Nuala. Ta ôfgriis fan Hellboy, Liz en Krauss langet Abe it stik kroan oer. Dêrop makket Nuada de kroan wer hiel, set dy op syn holle, aktivearret it Goudene Leger, en jout de oarlochsmasines opdracht om Hellboy-en-dy te deadzjen. Hellboy en syn freonen begjinne de masines yn heech tempo te ferneatigjen, mar it docht bliken dat se selsreparearjend en dêrtroch yndie ûnferwoastber binne. It sjocht der min út foar Hellboy-en-dy, mar yn in lêste wanhoopsdie daget Hellboy prins Nuada út ta in duël om 'e hearskippij oer it Goudene Leger. Nuada besiket dat wei te wiuwen troch te sizzen dat inkeld lju fan keninklik bloed dêrfoar yn oanmerking komme, mar syn suster Nuala wiist derop dat Hellboy eins Anung un Rama is, de "soan fan 'e Fallene", sadat Nuada de útdaging wol oannimme moat.
Yn 'e twakamp blike Nuada mei syn faasje en milennia fan training, en Hellboy, mei syn ûnbidige krêft, goed oaninoar weage te wêzen. Lang om let ferslacht Hellboy syn tsjinstanner, mar hy sparret it libben fan 'e elveprins om't er mei him ek syn suster Nuala deadzje soe. Nuada, dy't Hellboy warskôge hie dat er him (Nuada) deadzje moast om't hy simpelwei net ophâlde kin, besiket om Hellboy yn 'e rêch te stekken. Mar dan falt er der ynienen hinne wylst der him op 'e búk in bloedplak yn 'e klean ferskynt. It docht bliken dat prinsesse Nuala harsels delstutsen hat om har broer tsjin te kearen. De stjerrende Nuada seit tsjin Hellboy dat er yn 'e takomst kieze moatte sil om foar of tsjin 'e minskheid te fjochtsjen. Abe hâldt de stjerrende Nuala yn syn earms en dielt syn gefoelens mei har foar't se weirekket. Liz brûkt har pyrokinetyske fermogen om 'e kroan fan Balor om te smelten ta in plaske goud op 'e flier, wat ta de deäktivearring fan it Goudene Leger liedt.
Neitiid nimme Hellboy, Liz en Abe ûntslach by it BPRD. Wylst se by in ferbjustere Manning weirinne, lit Hellboy syn takomst yn him omgean as heit fan syn poppe mei Liz. Dêrop korrizjearret Liz him troch te sizzen dat it "poppen" wêze moat, mei't se swier is fan in twilling.
Fan 'e filmkritisy krige Hellboy II: The Golden Army oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy neamde Hellboy II: The Golden Army "op 'e nij in fiering fan ['e] leafde [fan regisseurGuillermo del Toro] foar bizarre fantasy en duvelske masines". Yn it tydskriftThe Hollywood Reporter sleat Michael Rechtshaffen him dêrby oan troch te stellen dat de film "in kompromisleaze fisy fan Del Toro syn ferbylding" wie. John Anderson fan Variety priizge Del Toro syn "klokmakkersobsesje foar details".
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Hellboy II: The Golden Army in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 251 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Guillermo del Toro makket in geweldige stripferfolchfilm, mei bylden dy't like fantasijryk binne as de personaazjes ynnimlik binne." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Hellboy II: The Golden Army in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 36 resinsjes. Bioskoopgongers dy't oer harren sjochûnderfining befrege waarden troch CinemaScore, joegen Hellboy II: The Golden Army in 8 op in skaal fan 1 oant 10.
Hoewol't Hellboy II: The Golden Armywinstjaand wie, slagge it regisseur Guillermo del Toro net om neitiid it trêde diel fan syn filmtrilogy oer Hellboy finansierd te krijen. Yn in fraachpetear út 2015 seid er dêr sels oer dat der foar de trêde film in budget fan $120 miljoen nedich wie "en se slane by ús de doar net yn om ús dat te jaan. It is ek net wat dat je mei crowdfunding byinoar krije kinne." Yn febrewaris2017 makke er fia Twitter bekend dat Hellboy III "100% net barre sil". Ynstee waard der yn 2019 in reboot fan 'e Hellboy-rige makke yn 'e foarm fan 'e film Hellboy, mei David Harbour yn 'e titelrol en Neil Marshall as regisseur.