Dr. Trevor Bruttenholm, de paranormaal adviseur fan 'e AmerikaanskepresidintFranklin D. Roosevelt, hat lykwols lucht krigen fan 'e operaasje en ynfiltrearret it eilân mei in pelotonsoldaten fan it Amerikaanske Leger. De Amerikanen falle de nazys oan en deadzje harren, en witte de poarte te sluten. Raspûtin wurdt troch de poarte skuord nei it parallel universum, wylst Haupstein en Krönen ûntkomme. Bruttenholm en de Amerikaanske soldaten ûntdekke dat der fan 'e oare kant ôf in jonge demon troch de poarte kommen is, in readhûdich wêzen mei in sturt, ien hân fan gewoane grutte en ien hân dy't oergrut en fan stien is. Bruttenholm lokket it wêzen, dat troch de soldaten "Hellboy" ("Hellejonge") neamd wurdt, nei him ta mei iten. Hy nimt it mei werom nei de Feriene Steaten, dêr't er it grutbringt as wie it syn soan.
Om dyselde tiid hinne wurdt John T. Myers, in jonge spesjaal agint fan 'e FBI, oerpleatst nei in ekstreem geheime ôfdieling fan 'e FBI, dy't it Buro foar Paranormaal Undersyk en Ferwar (BPRD) hjit. It docht bliken dat dy oerpleatsting beävensearre is op fersyk fan 'e ûnderwilens op jierren rekke Bruttenholm, dy't nei de oarloch it BPRD oprjochte hat. De âldman is siik en fielt syn dea neieroan kommen. Hy hat dêrom Myers útsocht út in lange list mei gadingmakkers om syn plak yn te nimmen. By it BPRD yn Newark komt Myers earst yn 'e kunde mei de heldersjendeamfibyskehumanoïdeAbe Sapien en letter ek mei Hellboy. De reade demon is no in reus fan ûnbidige krêft mei hoarnen op 'e foarholle dy't er ôfseage hat en geregeld byfilet. Hy hat in noartske manear fan omgong en in leafde foar katten.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Op syn earste misje beselskippet Myers Hellboy en de oare leden fan it BPRD nei in museum, dêr't in demon dy't Samael hjit, útbrutsen is út in âld hilligebyld dat hol bliek te wêzen. Abe lit Bruttenholm sjen dat de demon net út himsels ûntsnapt is, mar frijlitten is troch Raspûtin, Haupstein en Krönen. Hellboy giet de konfrontaasje mei de demon oan en nei in lange striid slagget it him om it wêzen te deadzjen. Neitiid ûntkomt Hellboy oan syn begelieders om in besyk te bringen oan it psychiatrysk sikehûs dêr't syn grutte leafde Liz Sherman, in earder lid fan it BPRD, harsels opnimme litten hat. Reden dêrfoar is har ynstabile pyrokinetyske fermogen, wêrmei't se op ûnbewekke mominten ûnbewust alles om har hinne yn 'e brân stekt. Underwilens ûntdekt Abe dat Raspûtin oan Samael it fermogen tabeskikt hat ta reynkarnaasje en ta spjalting fan himsels, sadat der eltse kear as er deade wurdt, twa fan syn aaien útkomme en yn inkele sekonden útgroeie ta nije ferzjes fan 'e demon.
It BPRD spoart de aaien op yn it rioel ûnder de metrotunnels dêr't Hellboy Samael foar de earste kear deade hat. Hellboy, Abe, Myers en ferskate FBI-aginten, ûnder wa Hellboy syn freon Clay, geane derop út om 'e aaien te ferneatigjen. Wylst Hellboy him efter ien fan 'e Samaels oan lokje lit, rekket Abe yn in derûnder strûpt diel fan it rioel ferwûne by in oanfal fan 'e oare Samael. Krönen en in Samael deadzje Clay en de measte oare FBI-mannen. Neitiid beart Krönen, waans skeinde lichem troch meganyske ûnderdielen oandreaun wurdt, dat er troch Clay ferslein wie en set er himsels út. Hy wurdt nei it haadkertier fan it BPRD brocht om ûndersocht te wurden.
Tom Manning, de tsjin demoanen (lykas Hellboy) befoaroardieledirekteur fan it BPRD, is poerrazen oer de domdrystens fan Hellboy, dy't trije spesjaal aginten it libben koste hat. Raspûtin kringt by nacht de keamer fan Liz yn it psychiatrysk sikehûs binnen en beynfloedet har ûnderbewuste om yn har sliep it sikehûs plat te brânen. De oare deis biedt Myers himsels oan om te besykjen en bepraat har om werom te kommen by it BPRD. Myers nimt Liz letter mei om in kopke kofje te drinken. Hy fielt him ta har oanlutsen, mar tagelyk besiket er in goed wurdsje foar Hellboy te dwaan. Hellboy, dy't dat net foar it ferstân hat, is jaloersk en folget it twatal temûk om te witten te kommen wat der tusken harren spilet.
Sadwaande lit er it BPRD ûnbewekke efter. Krönen reänimearret himsels en Raspûtin ferskynt yn 'e keamer fan professor Bruttenholm, oan wa't er in fizioen fan 'e takomst sjen lit dêr't út blykt dat Hellboy de ferneatiging fan 'e wrâld mooglik meitsje sil. Raspûtin freget oft Bruttenholm de wiere namme fan Hellboy witte wol, mar de professor antwurdet fan net om't er him altyd "soan" neame sil. Dêrop jout Raspûtin, nei't er seit út tankberens dat Bruttenholm Hellboy grutbrocht hat, opdracht oan Krönen om 'e eksekúsje fan 'e professor sa fluch en pineleas mooglik te meitsjen. Bruttenholm ferstjert mei syn roazekrâns yn 'e hân.
It BPRD lokalisearret it mausoleum fan Raspûtin yn in âld tsjerkhôf op it plattelân bûten Moskou. In team besteande út û.o. Hellboy, Liz en Myers giet dêrhinne om regaad te meitsjen. De operaasje stiet ûnder de persoanlike lieding fan Manning. Under it mausoleum blykt in reuseftich stelsel fan tunnels en keamers beskûl te gean, dêr't de teamleden inoar al rillegau kwytreitsje. Hellboy en Manning ûntdekke de fertrekken fan Krönen, dy't se tegearre definityf út 'e wei romje. De gearwurking smeit in bân tusken de beide mannen, dy't harren fijânskip no farre litte. Underwilens fine Myers en Liz de hoale fan Samael, dêr't no tsientallen identike demoanen omspringe. Hellboy komt harren te help, mar de nûmerike oermacht is te grut. Liz freget Myers om har te slaan, wat er mei tsjinnichheid docht. Dêrtroch slagget it har om har pyrokinetyske fermogen oan 'e gong te krijen, wêrmei't se de demoanen en alle aaien tagelyk ta jiske brânt, wylst Myers efter in rotsblok beskutting siket. Foar Hellboy, dy't fjoer net deare kin, binne Liz har fermogens ûngefaarlik.
De skokweach fan Liz har flammen is lykwols sa grut dat sy, Hellboy en Myers alle trije bewusteleas reitsje. As Myers en Hellboy wer by besleur komme, binne se finzen nommen troch Raspûtin en Haupstein. Raspûtin sûcht Liz har siel út har lichem en easket dan fan Hellboy, as er har siel weromhawwe wol, dat er in poarte iepenet dêr't de Ogdru Jahad troch op 'e Ierde komme kinne. Hellboy makket syn demoanyske krêften wekker troch syn wiere namme Anung un Rama te akseptearjen, wat derfoar soarget dat syn hoarnen útgroeie ta har folle lingte en dat der in flamme op syn holle begjint te baarnen. Hy brûkt syn stiennen hân, dy't eins in kaai is, om útein te setten mei de frijlitting fan 'e Ogdru Jahad.
Mar Myers wit ien fan syn hannen los te krijen, skeakelet Haupstein tydlik út en bringt Hellboy yn 't sin dat er him fersette kin tsjin syn lotsbestimming. Hy smyt him de roazekrâns fan professor Bruttenholm ta, en as it krúske in groede yn syn hân brânt, beseft Hellboy dat er op in ferkeard spoar rekke is. Hy brekt syn eigen hoarnen ôf en fersegelet dêrmei op 'e nij it tichthûs fan 'e Ogdru Jahad. Dêrnei brûkt er ien fan 'e ôfbrutsen hoarnen om Raspûtin mei del te stekken. Raspûtin wurdt lykwols beset troch in oktopuseftigebehemot, in ôfstammeling fan 'e Ogdru Jahad, dy't op dat stuit út syn lichem barst en ta reuseftige grutte útgroeit. It meunster ferpletteret Raspûtin en Haupstein, dat se it bestjerre. Mar Hellboy manipulearret de behemot om himsels troch te slokken, yn 'e mande mei in granaatgurdle dy't troch Myers rêden is. Troch dy ôfgean te litten, ferneatiget er it meunster fan binnenút.
As er weromkomt op it plak dêr't er it lichem fan Liz ûnder beskerming fan Myers efterlitten hat, flústeret Hellboy har wat yn it ear. Fuort dêrop begjint Liz wer te sykheljen en komt se by. Se seit dat se yn it tsjuster syn stim hearde, en freget wat er sei. Hy antwurdet dat er sei: "Hee, jimme dêr oan 'e oare kant! Lit har gean, want foar har kom ik oer dêrhinne, en dan sil it jim berouje!" Dêrop wikselje Liz en Hellboy in ynlike tút út.
Regisseur Guillermo del Toro hie earder mei akteurRon Perlman gearwurke, en wist dêrom út ûnderfining dat er gaadlik wie foar de titelrol. It wichtichste kritearium wie oft er in aktearprestaasje mei subtilens en nuânse delsette koe wylst er beskûlgie ûnder in tsjûke laach make-up. David Hyde Pierce (bekend út 'e komeedzjesearjeFrasier) waard oanlutsen om 'e stim fan Abe Sapien yn te sprekken, hoewol't dat personaazje fierders spile waard troch Doug Jones. Reden dêrfoar wie dat Pierce in "gruttere namme" wie as Jones en in "werkenberder stimlûd" hie. Pierce wegere lykwols in fermelding op 'e ôftiteling en woe likemin dielnimme oan parsekonferinsjes en oare promoasje fan 'e film. Hy bleau sels wei by de premiêre fan 'e film, allegearre út respekt foar Jones, waans aktearjen oars neffens Pierce ûndersnije soe.
Owen Gleiberman fan it tydskriftEntertainment Weekly parte oan Hellboy in 8 op in skaal fan 1 oant 10 ta. Hy skreau: "Popkulturele pretinsjes kinne net in elemintêre tsjinstelling ûngedien meitsje: dat ús heldmetafysyskkwea bestriidt mei klearebare, fleizige spierkrêft. Hellboy is ûnderhâldend, mar der sit folle mear 'jonge' yn as 'hel'." Yn 'e krante USA Today wie Claudia Puig net botte fan 'e film ûnder de yndruk. Hja skreau: "De special effects yn Hellboy biede net folle nijs, oan 'e fiersochte plot koe noch wol wat byskaafd wurde en der sit mear as genôch yn dat planút nearne op slacht. Dyjingen dy't net op 'e hichte binne fan 'e strip, soene skoan ris ferbjustere en harsenskraabjend de bioskoop ferlitte kinne."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Hellboy in heech goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 204 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei fernimstigens, humor en de fantasyske bylden fan Guillermo del Toro oerstiget it fermaaklikeHellboy it ôflate aard fan it sjenre." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Hellboy in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 37 resinsjes.