De siel is in begryp dat meastal in godstsjinstige betsjutting hat dy't wer nei godstsjinst ferskille kin. Al sûnt de klassike âldheid wurdt de siel sjoen as it prinsipe fan it libben. Neffens guon betsjuttings soe in minske troch de heechste foarm fan de siel tagong hawwe ta it godlike.