In merk (fan it Latynskemercatus, mei fierhinne deselde betsjutting) is in gelegenheid ta keap en ferkeap yn 'e iepen loft op in strjitte of op in plein. Dêrby sette merkkeapljukreammen op dy't eigen besit of hierd wêze kinne. Ek komt it foar dat se har guod út in ferkeapwein ferkeapje. De kreammen op in merk binne faak kleurryk, en de merkkeaplju besykje harren waren faak mei útset lûd oan 'e man te bringen. Op 'e merk binne ek faak strjitmuzikanten of in draai-oargel te finen, dy't foar sfear soargje.
In wykmerk is in merk dy't ienris yn 'e wike holden wurdt, en in jiermerk wurdt mar ienris yn it jier organisearre. Fierders binne der merken dy't ferbûn binne mei beskate tiden fan it jier, lykas in krystmerk, in nijjiersmerk of in peaskemerk. In frijmerk is in merk wêrby't de keaplju gjin belesting oer harren ferkeapen hoege te beteljen; yn Nederlân wurde sokke merken op Keningsdei yn in protte plakken holden. In bazaar is in merk yn it Midden-Easten. In supermerk is, nettsjinsteande de namme, gjin merk mar in winkel.
Oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw waard foar de merk reklame makke mei de sloganOp de markt is uw gulden een daalder waard ("Op 'e merk is jo gûne in daalder wurdich"). Dêrmei woe men sizze dat de prizen fan waren op 'e merk folle leger lizze as yn 'e winkel, om't merkkeaplju folle minder kosten meitsjen as winkellju. Sa hoege se net te beteljen foar ûnderhâld oan in gebou, elektrisiteit, ferwaarming, fersekering, ensfh. Neidiel fan it net beskikken oer in gebou is dat men winterdeis yn 'e stjerrende kjeld, simmerdeis yn 'e teskroeiende hjitte en dêrtuskenyn yn 'e streamende rein bûtendoar stiet. Om harrensels en har waren tsjin it waar te beskermjen, hawwe de measte merkkeapllju dêrom merkkreammen mei in ôfdakje.