It lânskip fan Hongarije wurdt dominearre troch de flakten fan it Karpatenbekken, dat begrinzge wurdt troc de Karpaten en yn it westen troch de Alpen. Yn it noarden by de grins lâns mei Slowakije lizze heuvels en bergen dy't it begjin foarmje fan de Karpaten. De heechste berch fan it lân, de Kékes (1014 meter) leit yn it Mátraberchtme. Fierders nei it easten begjint it Bükkberchtme. Dizze twa berchtmen wurde tegearre it Noard-Hongaarsk middelberchtme neamd.
De Donau en de Tisza binne de grutste rivieren yn Hongarije. Yn it súdeasten fan it lân leit de Hongaarske leechflakte wêrfan de poesta in unyk gebiet is omdat dêr gjin beammen waakse. De Balatonmar mei in oerflak fan 592 km² is de grutste mar yn Hongarije.
Skiednis
Yn it tiidrek 1867 — 1918 wie Hongarije in dûbelmonargy as Eastenryk-Hongarije. Nei it ferlies fan de Earste Wrâldkriich waard Hongarije twa-tredde lytser yn oerflak en rekke in trije-fjirde diel fan syn ynwenners kwyt. Mei help fan Nazi-Dútslân waarden Transylvaanje en Slowakije op 'e nij troch Hongarije beset. Yn 1944 wie it wis dat Nazi-Dútslân de kriich ferlieze soe en Hongarije besocht de diplomatyske relaasje mei de alliearden oan te heljen. Yn datselde jier waard Hongarije troch de Dútsers beset.
Hongarije wie yn 'e tiid fan de Kâlde Kriich in eastbloklân. Yn 1989 waard de folksrippeblyk opheft, en waard de Rippeblyk Hongarije stiften. Yn it tiidrek fan 1989 oant 1991 waard it lân frij fan de oerhearsking troch de Sowjetuny.
BYP per persoan is $19,300 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 5,5% lânbou, 33,3% yndustry en 61,2% tsjinsten.
Militêr
Struktuer
De Hongaarske definsje hat in lânmacht en loftmacht.
Mankracht
Yn 2005 wienen der 2.303.116 Hongaarske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 1.780.513 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2005 wienen dat der 63.847.
Budzjet
Militêr budzjet $1,1 miljard (2002).
Persintaazje fan it BYP 1,75 % (2002).
Transport
Wichtichste havens binne Budapest, Dunaujvaros, Gyor-Gonyu, Csepel, Baja en Mohacs. Budapest hat it grutste fleanfjild fan Hongarije. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.
Hongarije hat (2006):
159.568 km ferhurde dyk.
8.057 km spoardyk.
1.622 km farwetter.