De Hongaarske taal yn Midden-Jeropa
Hongaarsk (Hongaarsk: magyar nyelv; letterlik: Hongaarske taal ) is in taal mei sa'n fyftjin miljoen sprekkers. It is de offisjele taal fan Hongarije , en dêrmei ien fan de talen fan de Jeropeeske Uny .
Sprekkers
Eastenryk : minderheidstaal, erkend - 14.000 sprekkers
Hongarije : offisjele taal - 8.734.000 sprekkers
Israel : minderheidstaal, erkend - 70.000 sprekkers
Kanada : minderheidstaal, erkend - 75.555 sprekkers
Kroaasje : minderheidstaal, erkend - 20.000 sprekkers
Oekraïne : minderheidstaal, erkend - 187.000 sprekkers
Roemeenje : minderheidstaal, erkend - 2.000.000 sprekkers
Servje : minderheidstaal, erkend; ien fan 'e offisjele talen yn 'e provinsje Woiwodina , njonken it Servysk - 420.000 sprekkers
Sloveenje : minderheidstaal, erkend - 9.000 sprekkers
Slowakije : minderheidstaal, erkend - 600.000 sprekkers
USA : minderheidstaal, erkend - 117.973 sprekkers
Sibskip
Hongaarsk heart by de Oegryske talen fan de Finsk-Oegryske taalfamylje. Hongaarsk is dêrmei besibbe oan it Finsk en it Estysk .