In planeet, fan it Aldgryksk ἀστήρ πλανήτης, astēr planētēs ("swalkjende stjer") is in himellichem dat yn in fêste baan om in stjer hinne draait.
Definysje
Neffens de kriteariums fan de Ynternasjonale Astronomyske Uny is in planeet in himellichem dat in gong om in stjer hat mei in frije baan, en dat safolle swiertekrêft hat dat it dêrtroch rûn wurden is. It wurd komt fan it Latynske "planeta" dat wer kaam fan it Aldgrykske wurd foar "swalker".
Fan guon oare stjerren kin waarnaam wurde dat dy ek planeten hawwe. Teleskopen binne net sa gefoelich dat dy by steat binne om in foarm sjen te litten, mar út ljochtôfwikings fan de stjerren binne de planeten ôf te lieden.