Underwilens wurdt Rotta, de jonge soan fan 'e ynfloedrike gangsterJabba de Hutt, ûntfierd troch ûnbekenden, en Jabba freget de Jedi Oarder om help. Grutmaster Yoda en master Mace Windu twifelje oer it beskie dat se op dat fersyk jaan moatte, mar kânselierPalpatine wiist derop dat de Republyk net sûnder de goede wil fan 'e Hutts kin om't dyselden de hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel behearskje. Dit is neffens him in útlêzen kâns om dy goede wil te bemachtigjen. Der wurdt besletten dat Obi-Wan en Anakin stjoerd wurde sille, mei't (foar safier't men op Coruscant wit) de striid op Christophsis yn it foardiel fan 'e Republyk besljochte is. Der wurdt in boadskipper stjoerd om 'e nije opdracht oer te bringen.
Dy boadskipper is Ahsoka Tano, in jonge Togruta, dy't troch Yoda útornearre is om 'e earste padawan fan Anakin te wurden. As sy op Christophsis arrivearret, is de sitewaasje dêre bot oanboaze. Generaal Loathsom hat in enerzjyskyld boppe syn leger aktivearre, sadat de swiere laserkanonnen fan it Leger fan 'e Republyk syn troepen net mear treffe kinne. De Jedi witte einlings foar in lyts hoartsje kontakt te krijen mei har haadkertier, wêrnei't Yoda daliks mei fersterkings ôfset nei Christophsis. Wylst Obi-Wan him by wize fan mûklist oerjout oan generaal Loathsom en besiket tiid te rekken, ynfiltrearje Anakin, dy't syn nije padawan mar mei tsjinnichheid akseptearre hat, en Ahsoka, dy't graach bewize wol dat se âld genôch is om padawan te wurden, it fijannige haadkertier en sabotearje it enerzjyskyld. As Loathsom Obi-Wan finzen nimme lit en mei de deabedriget, skeakelet Obi-Wan mei gemak de liifwachten fan 'e fijannige kommandant út en nimt dan Loathsom sels finzen. Tsjin 'e tiid dat Yoda mei de fersterkings arrivearret, hat Loathsom syn leger oerjûn, wylst Ahsoka it respekt fan Anakin wûn hat.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Neitiid kriget Obi-Wan fan Yoda opdracht om nei Tatooine te gean om mei Jabba de Hutt te ûnderhanneljen oer in mooglik ferdrach tusken de Hutts en de Galaktyske Republyk, en om út te sykjen wa't der efter de ûntfiering fan Rotta sit. Underwilens moatte Anakin en Ahsoka der tegearre foar soargje dat it jonkje mei syn heit weriene wurdt. It docht al rillegau bliken dat de ûntfiering út 'e koker komt fan 'e boasaardigeSith-masterDarth Sidious (dy't yn it geheim it alter ego is fan 'e freonlike kânselier Palpatine). De ûntfiering is in middel om 'e Hutts tsjin 'e Jedi op te stokeljen en sa it Grutte Leger fan 'e Republyk it gebrûk fan 'e hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel te ûntsizzen. Sidious syn trewant greve Dooku hat de ûntfiering beävensearre en stiet yn kontakt mei Jabba de Hutt, dy't er besiket te manipulearjen.
Anakin, Ahsoka en de robot R2-D2 folgje it spoar fan 'e ûntfierders nei de planeet Teth, dêr't se by in ferlitten kleaster yn in mûklaach rinne fan in kloft oarlochsandroïden. Dy wurde oanfierd troch de tsjustere JediAsajj Ventress, in hiermoardneresse yn 'e tsjinst fan greve Dooku, dy't teffens Dooku syn ynformele Sith-learlinge is. Anakin, Ahsoka en R2-D2 witte út 'e fâle te ûntkommen mei de jonge Rotta, en kape in rynkrank transportromteskip, dêr't se mei nei Tatooine reizgje. Obi-Wan, dy't gjin dien wurk meitsje kin oangeande de oerienkomst mei Jabba salang't dy syn soan net rêden is, hastiget him efter Anakin-en-dy oan nei Teth, dêr't er in kloft kloansoldaten helpt by de ferovering fan it kleaster en Ventress ferslacht yn in duël mei de ljochtsabel. Hoewol't it har slagget en ûntkom, is har misje fierhinne op in mislearring útrûn. Wol hat se lykwols opnamen witten te meitsjen fan Anakin en Ahsoka mei de lytse Rotta, wêrby't it bûten de kontekst om krekt liket as binne de Jedi ferantwurdlik foar de ûntfiering. Anakin syn fersuchting op krekt dat momint, dat er in grouwéligen hekel oan Hutts hat, makket it plaatsje kompleet dat greve Dooku oan Jabba toane wol. De gangster lûkt de bedoelde konklúzjes en jout syn trewanten opdracht om 'e Jedi te fermoardzjen.
Underwilens behellet kânselier Palpatine alias Darth Sidious mei opsetsin senatorPadmé Amidala fan Naboo yn 'e sitewaasje. Sy is yn it geheim mei Anakin troud, eat dêr't Palpatine fan op 'e hichte is, mar de Jedi Oarder net. As Padmé heart fan 'e nuodlike misje fan Anakin en syn nije padawan, sit se yn noed oer syn feilichheid. Dêrom beslút se kontakt op te nimmen mei Ziro de Hutt, de omke fan Jabba, dy't op Coruscant wennet. Dat is in noch walchliker figuer as Jabba sels, en hy wegeret Padmé te wurd te stean om't er, sa seit er, derfan oertsjûge is dat de Jedi foar de ûntfiering fan syn âldomkesizzer Rotta ferantwurdlik binne. Hy lit Padmé mei geweld út syn wente ferwiderje, mar Padmé is de roboatyske útsmiter te fluch ôf en giet wer nei binnen ta. Dêr trappearret se Ziro wylst dyselde mei in holografysk oanwêzige greve Dooku oerleit. Ut it petear docht sûnder romte foar misferstannen bliken dat Ziro mei Dooku-en-dy ûnder ien tekken skûlet. Syn bedoeling is om Jabba tsjin 'e Jedi op te setten, sadat er harren begjint te fermoardzjen; dêrop sille de Jedi perfoarst Jabba útskeakelje, wat it paad klearret foar de oername fan it liederskip fan harren Hutt-clan troch Ziro.
Ear't se mei dy ynformaasje ûntkomme kin, wurdt Padmé ûntdutsen en finzen nommen. Greve Dooku seit dat der lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels binne dy't har mar al te graach fan Ziro keapje wolle. Padmé manipulearret de robots dy't har sipiers binne lykwols ta it beäntwurdzjen fan in tafallige oprop fan 'e androïde C-3PO op har comlink. Dêrtroch slagget it har om in warskôging te jaan. C-3PO falt net folle letter de wente fan Ziro binnen mei in peloton kloansoldaten, dy't koarte metten meitsje mei de trewanten fan Ziro en de grouwe Hutt sels arrestearje. Ziro komt dan oan mei it ferhaal dat er inkeld oan 'e gearspanning meidien hat om't er dêrta mei deadsbedrigings twongen waard troch Dooku.
By harren oankomst by Tatooine wurdt it romteskip fan Anakin en Ahsoka delsketten troch de trewanten fan greve Dooku. Anakin, Ahsoka en R2-D2 begjinne mei Rotta geandefoets in tocht troch de woastyn nei it paleis fan Jabba. Om't se swierrichheden ferwachtsje, betinkt Anakin in mûklist, wêrby't hy en Ahsoka útinoar geane. Hy lit it foarkomme as hat hy de jonge Hutt by him, mar as Dooku him oanfalt en sy beiden in duël mei de ljochtsabel útfjochtsje, docht úteinlik bliken dat de koer op syn rêch leech is. Eins is Rotta by Ahsoka en R2-D2, mar as dyselden deun by it paleis fan Jabba binne, wurde se opwachte en oanfallen troch de trije robotliifwachten fan Dooku. Nei't Dooku him dat op selsfoldiene wize ferteld hat, stelt Anakin Dooku syn glydmotor, dêr't er him op nei it paleis fan Jabba hastiget. Hy riidt Ahsoka-en-dy lykwols straal foarby om't sy yn harren gefjocht fan it paad ôf rekke binne. Oankommen by it paleis wurdt Anakin daliks finzen nommen troch de trewanten fan Jabba.
Ahsoka wit lang om let de liifwachten fan Dooku op eigen krêft te ferslaan, ek al binne it drege tsjinstanners en hat se sels frijwol gjin ûnderfining mei sokke dingen. Se bringt de jonge Rotta nei it paleis fan Jabba, dêr't de Hutt einlings weriene wurdt mei syn soan. Nettsjinsteande dat jout Jabba befel dat Anakin en Ahsoka terjochtsteld wurde moatte foar de belutsenens fan 'e Jedi by de ûntfiering. Op dat stuit ferskynt Padmé lykwols yn holografyske foarm foar de troan fan Jabba, en bringt oan him út dat greve Dooku en syn eigen omke Ziro de wiere ferantwurdliken binne. Jabba wurdt fan har ferhaal oertsjûge as se him sels mei Ziro prate lit, dy't no ien en al triennen en berou is. Dêrop lit Jabba Anakin en Ahsoka gean en seit er ta dat Ziro, as dy oan him oerdroegen wurdt, swier straft wurde sil. Yn tankberens oan 'e Jedi, dy't net inkeld syn soan mar ek himsels rêden hawwe, stimt er yn mei in ferdrach dat de romteskippen fan 'e Jedi Oarder en it Grutte Leger fan 'e Republyk frije trochtocht jout troch de dielen fan it Stjerrestelsel dy't troch de Hutts behearske wurde. Underwilens rapportearret greve Dooku it mislearjen fan 'e gearspanning oan Darth Sidious, dy't him der lykwols fan bewissiget dat it oarlochstij noch altyd yn harren foardiel giet.
It produksjeteam brûkte foar de film en de dêropfolgjende tekenfilmsearje in animaasjestyl dy't bedoeld wie as in hommaazje oan it stilearre oansjen fan sawol Japanskeanime en manga as oan 'e BritskemarionettesearjeThunderbirds, út 'e 1960-er jierren. George Lucas sei letter yn in paneldiskusje, dy't organisearre waard troch it Cartoon Network, dat er mei opsetsin keazen hie foar in stilearre oansjen, en foar de film en de searje nea reälistyske animaasje yn omtinken nommen hie om't er socht nei in unike eigen styl. Hy besleat ek om film en searje te meitsjen út in live-actionperspektyf wei, wat betsjutte dat de bylden mear lieken op dy út live-actionfilms as op dy út oare tekenfilms.
Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: The Clone Wars oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Todd McCarthy yn it tydskriftVariety: "Dit is net Star Wars sa't we dat altyd kennen hawwe en sa't we dêr alteast soms fan holden hawwe." Guon resinsinten lieten har op hast hystearyske wize hielendal gean, lykas Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly, dy't de film omskreau as "in roboatyskanimearre losse flodder, wêryn't it Ryk fan George Lucas weromslacht… nei it publyk." (In wurdboarterij ferwizend nei de titel fan 'e Star Wars-film, The Empire Strikes Back, "It Ryk Slacht Werom".) Hy gie fierder: "Wêr't je sa wurch fan wurde, is Lucas syn ûnderdompeling yn in Star Wars-kosmology dy't sa twangneuroatyske foltroppe is mar dochs mar fan sa'n triviaal belang dat it gjin eskapisme mear neamd wurde kin; [ynstee is] dizze film […] itjinge dêr't je oan ûntsnappe wolle."
It wichtichste punt fan krityk op Star Wars: The Clone Wars wie de as goedkeap, houterich en âlderwetsk ûnderfûne animaasjestyl. Nettsjinsteande it feit dat Lucas yn 't foar mei safolle wurden sein hie dat dy styl in opsetlike hommaazje wie oan marionettesearjes út 'e 1960-er jierren lykas Thunderbirds en Fireball XL5, besochten guon resinsinten harren krityk te ûnderbouwen troch te skriuwen dat Star Wars: The Clone Wars hast wol op sokke searjes liek.
De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 11/2 fan 4 stjerren en skreau: "De personaazjes hawwe hier dat wol fan klaai makke liket te wêzen, lichems dy't wol oanhelle lykje te wêzen mei artritis, en bewegende lippen op healbeferzen gesichten: allegear tekens dat de kantsjes derôf rûn binne mei it animaasjewurk." En McCarthy skreau dat de "bewegings fan sawol personaazjes as komposysjes" der "meganysk útsjogge" en dat "de foar it meastepart fertroude personaazjes allegear de gesichtsútdrukkings hawwe fan Peaske-eilânske stânbylden." Dêrby tekene er wol oan dat de animaasjestyl "frijwat mear dramatyske komposysjes en kleurskema's" taliet.
In soad resinsinten hiene fierders krityk op 'e dialooch, dy't neffens Ebert beheind bleau ta "simplistyske útroppen". Claudia Puig fan 'e kranteUSA Today omskreau de dialooch as "ferstienne en waanwiis, wat ek in probleem is yn guon fan 'e live-action-ynkarnaasjes [fan Star Wars]". In protte kritisy fûnen ek de gefjochtssênes werheljend en sûnder spanning.
Oer de yntroduksje fan it personaazje Ahsoka Tano wiene de mienings skerp ferdield. Sa fûn Ebert har "yrritant" en skreau Michael Rechtshaffen yn The Hollywood Reporter dat de prebearsels ta humor middenmank it redendielen fan Ahsoka en Anakin Skywalker "forsearre" wiene. Oan 'e oare kant skreau bgl. Puig dat se niget oan Ahsoka hie en dat "har snedigens yn 'e petearen mei Anakin de boel opfleuret."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: The Clone Wars in leech goedkarringspersintaazje fan 18%, basearre op 172 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Meganysk [útsjende] animaasje en in net bepaald geweldich skript meitsje fan [dizze film] mar in bleek skaad fan 'e ienris sa swide mediafranchise fan George Lucas." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: The Clone Wars in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 30 resinsjes.
Resultaat
Star Wars: The Clone Wars brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$35,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $33,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $68,3 miljoen, wat it leechste totaal is fan alle Star Wars-films. Ofset tsjin it budget fan $8,5 miljoen betsjut it lykwols in winst fan $59,8 miljoen, al moatte dêr de marketingkosten noch wol ôf. Star Wars: The Clone Wars hie dêrnjonken yn 2012 allinnich al yn 'e Feriene Steaten ek nochris $23,4 miljoen opbrocht oan dvd-ferkeap.