It publyk (gjin meartalsfoarm) is in term dy't ornaris ferwiisd nei alle persoanen dy't nei in barren of evenemintsjogge of harkje. Dêrfoar hoecht men der net fysyk by oanwêzich te wêzen, want yn 'e bredere sin hearre lju dy't thús nei de tillefyzje sjogge, ek ta it publyk fan in tillefyzjeprogramma. In publykspriis is in priis dy't útrikt wurdt op basis fan in stimming ûnder de leden fan it publyk (yn tsjinstelling ta de kar fan in faksjuery). De winner fan sa'n priis wurdt wol de publyksfavoryt neamd.