De lokaasje fan Tatooine oan 'e wetteleaze râne fan it Stjerrestelsel hat derfoar soarge dat it in ûnderûntwikkele planeet bleaun is, dêr't de organisearre misdie foar master opslacht. De Keizerlike stoarmtroepers dy't der legere binne, sjogge faak de oare kant út as it giet om 'e hanthavening fan 'e wet. Tatooine wurdt bewenne troch ferskate yntelligintelibbensfoarmen, wêrfan't minskenkolonisten binne dy't har relatyf resint op 'e planeet fêstige hawwe. In protte minsken besykje yn 'e woastyn in bestean op te bouwen as 'fochtboer', troch it opfangen fan wetterdamp. Omreden fan it ûnherberchsume klimaat libje hja ornaris yn ûndergrûnske wenten.