Harren wrâld wurdt regearre as in demokrasy mei in senaat as de wetjaande macht. It regear hat alle fersmoargjendeswiere yndustry nei oare planeten yn itselde planetestelsel ferballe, sadat de natoer op Tholoth beholden is. De Tholothianen hawwe ek beheinings oplein oan besikers fan bûten, wat oantallen oangiet, en oan ymmigranten fan bûten, dy't har hâlde moatte oan deselde ekologysk ferantwurde libbenswizen as de Tholothianen sels.
In protte Tholothianen hawwe it foar de moade en draach in tradisjoneleholbân fan brún lear. Dy rint oer in brede râne fan 'e foarholle hinne en hat útstulpings oan 'e sydkant fan 'e holle dy't beide earen bedekke. Guon fan sokke holbannen omfetsje in web fan fine keatlinkjes, dy't ta fersiering oer de rânen fan 'e holskobben rinne.