Tauntauns hawwe kwa lichemsfoarm wol wat wei fan reuseftige kangoeroes, hoewol't de foarm fan 'e efterpoaten folslein oars is. Se binne oerdutsen mei in tichte witepels en hawwe in tsjûke ûnderhûdske fetlaach, wêrmei't se goed oanpast binne oan it ekstreem kâldeklimaat op Hoth. Nettsjinsteande dat oerlibje se it net as se de nacht yn 'e iepen loft trochbringe moatte. Tauntauns hawwe omleech wizende hoarnen, fjouwer noasters en in stjonkende lichemsrook, feroarsake troch in oaljige stof dy't ôfjûn wurdt troch har hûd.