Ahch-To is it plak dêr't de Jedi Oarder oprjochte is, 25.000 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e Skywalker Saga. Omreden fan 'e geheimen dy't dêr ferbân mei holden, waard de lokaasje fan Ahch-To foar de rest fan it Stjerrestelsel ferburgen. De planeet waard úteinlik, nei tûzenen jierren, werûntdutsen troch de Jedi-masterLuke Skywalker, mei de help fan 'e ûntdekkingsreizger Lor San Tekka. Nei it jammerdearlik mislearjen fan syn weroprjochting fan 'e Jedi Oarder loek Skywalker him yn selsopleine ballingskip op Ahch-To werom.
Yn 'e ferfolchfilmStar Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) is te sjen dat dyselde hielendal net sit te wachtsjen op besite. Hy is ferbittere rekke en wisberet om 'e Jedi Oarder útstjerre te litten. Mei muoite witte Rey-en-dy him op oare gedachten te bringen. Nettsjinsteande dat beslút er neitiid de oerâlde holle beam dy't de ierste boeken fan 'e Jedi befettet, plat te baarnen. Letter docht bliken dat Rey de boeken rêden hat. Sy keart werom nei Ahch-To yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), as se troch de dea fan Leia Organa troch skuldgefoelens tramtearre wurdt. It is har bedoeling om har dêr, krekt as Skywalker foar har, yn selsopleine ballingskip werom te lûken, mar Skywalker, dy't no in geast yn de Krêft is, praat har dat út 'e holle.