Dizze side giet oer de militêre ienheid peloton. Foar oare betsjuttings, sjoch: peloton (betsjuttingsside).
In peloton is in lytseftige militêre ienheid. It wurd is yn 'e santjinde iuw yn in protte Jeropeesketalen opnommen as in lienwurd út it Frânsk. It komt fan peloton (mei deselde betsjutting), dat ôflaat is fan pelote, in beneaming foar in lytse bal. It efterheaksel-on kin yn it Frânsk in fermearderjende betsjutting hawwe, mar oan 'e oare kant is it ek in ferlytsingsfoarm yn wurden dy't mei bisten te krijen hawwe (lykas in bal makke fan lear?), dat de oarspronklike bedoeling fan 'e gearstalling fan peloton is ûndúdlik. Wol is dúdlik dat it wurd pelote komt fan it fulgêr Latynskepilotta, in ferlytsingsfoarm op basis fan it eardere Latynske wurd pila ("bal").