It wurd 'paleis' is fan oarsprong in lienwurd út it Frânsk, fan it Aldfrânskepalais, dat ôflaat wie fan it LatynskePalatium. It wurd foar 'paleis' is yn it Latyn eins regia, mar de regia fan 'e Romeinske keizerAugustus stie op 'e Palatyn, in heuvel yn Rome, en kaam sadwaande bekend te stean as it Palatium. In protte Jeropeesketalen hawwe in korrespondearjende term dy't ek ôflaat is fan it Frânske palais, lykas it DútskePalast, it Ingelskepalace, it Nederlânskepaleis, it Italjaanskepalazzo en it Spaanskepalacio. Yn in soad fan sokke talen hat it begryp 'paleis' in bredere betsjutting as yn it Frysk, en kin der ek mei ferwiisd wurde nei lânhuzen, hearehuzen en oare filla's. Yn 'e oerdrachtlike sin wurdt de term 'paleis' fierders ek wol brûkt foar oarsoartige swiid ûntwurpen gebouwen; sa wurdt in gebou dat in rjochtbank húsfêst wol in Paleis fan Justysje neamd en sprekt men by in ornate âlde bioskoop wol fan in 'filmpaleis'.