Doe't yn 1927 fierderop oan Hollywood Boulevard Grauman's Chinese Theatre iepene waard, stribbe dat it Egyptian al rillegau yn populariteit foarby. Neitiid waarden premiêres en oare grutte eveneminten ornaris yn it Chinese holden, wylst it Egyptian in 'gewoane', sij it tige lúksueuze en winstjaande, bioskoop waard.
Nei't American Cinematheque it jild foar de renovaasje gearskrabe hie, dy't úteinlik $12,8 miljoen kostje soe, koe it gebou yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren ûnder hannen nommen wurde. Op 4 desimber1998 waard Grauman's Egyptian Theatre feestlik weriepene. Dêrnei waard de bioskoop rom 21 jier lang eksploitearre troch American Cinematheque. Yn april2019 waard bekendmakke dat streamingtsjinstNetflix belangstelling hie om Grauman's Egyptian Theatre oer te nimmen. It bedriuw woe de bioskoop brûke foar 'spesjale eveneminten'. Der waard spekulearre dat sokke spesjale eveneminten delkomme soene op eksklusive bioskoopfertoanings fan 'e troch Netflix produsearre films, sadat dy yn oanmerking komme koene foar de Oscars. Der wie gâns wjerstân tsjin 'e ferkeap, mar op 29 maaie2020 waard dy dochs in feit.
Fan 'e strjitte ôf komt men earst yn in binnenplak dat tarist is mei palmbeammen en in fontein. It is 14 m breed en 46 m lang en hat in oerflak fan 644 m². It binnenplak fungearre foarhinne teffens as de lobby fan 'e bioskoop, mei't de haadyngong oant de renovaasje fan 'e 1990-er jierren streekrjocht tagong joech ta de filmseal. It binnenplak wie spesifyk ûntwurpen foar seremoanjes mei in reade loper. Der waard gebrûk makke fan it ferneamde mylde klimaat fan Súdlik Kalifornje om dy yn 'e iepen loft te hâlden. De haadyngong wurdt ûnderstipe troch fjouwer massive pylders mei in diameter fan 1.40 m en in hichte fan 6 m.
By de renovaasje dy't foarôf gie oan 'e weriepening fan Grauman's Egyptian Theatre yn 1998 waard it eksterieur folslein restaurearre yn 'e oarspronklike steat, mar oan it ynterieur waarden ferskate grutte feroarings oanbrocht. Sa waard in (twadde) lobby yn it eigentlike gebou tafoege. Wichtiger wie dat de inkele oarspronklike filmseal, mei 1.760 sitten, opdield waard yn twa lytsere sealen, ien mei 616 sitten ferneamd nei filantroopLloyd E. Rigler, en ien mei 78 sitten ferneamd nei filmmaker Steven Spielberg. Fierders waarden projeksje, lûd, sitromte, meganyk en luchtsirkulaasje by de tiid brocht, sadat se oan ienentweintichste-iuwske easken foldiene. It hiele renovaasjeprojekt waard yn 2000 bekroane mei de Preservation Award fan 'e Amerikaanske Nasjonale Trust foar Histoaryske Preservearring.