Nij-Hampshire (Ingelsk: New Hampshire; útspr.: [nu: 'hæmpʃəɹ], likernôch "nûû hempsjur"), offisjeel de Steat Nij-Hampshire (Ingelsk: State of New Hampshire), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Nij-Hampshire, byneamd de Granite State, leit yn it noardeasten, en heart ta de regio Nij-Ingelân. De haadstêd is Concord, mar de grutste stêd is Manchester. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 1,3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 42e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Nij-Hampshire mei 24.217 km² de 46e steat. Nij-Hampshire stiet bekend om 'e New Hampshire Primary, ien fan 'e earste foarferkiezings fan 'e fjouwerjierlikse Amerikaanske presidintsferkiezingskampanje, en om syn bergen dêr't winterdeisskyd wurde kin.
Nij-Hampshire hat in oerflak fan 24.217 km², wêrfan't 4,1% út wetter bestiet. It leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), en makket ûnderdiel út fan 'e regio Nij-Ingelân. Nij-Hampshire grinzget yn it easten oan 'e Amerikaanske steatMaine, yn it westen oan 'e steat Fermont en yn it suden oan 'e steat Massachusetts. Yn it súdeasten hat Nij-Hampshire in 29 km lange kustline oan 'e Atlantyske Oseaan (de koartste kustline fan alle Amerikaanske kuststeaten), en yn it noarden in likernôch 70 km lange grins mei de KanadeeskeprovinsjeKebek. It leechste punt fan Nij-Hampshire is it strân oan 'e Atlantyske kust, dat op seenivo leit.
Yn it midnoardlike diel fan Nij-Hampshire strekke har de Wite Bergen út, in sydsprantel fan 'e Appalachen. De berch de Mount Washington makket dêr diel fan út en is mei in hichte fan 1.917 m it heechste punt fan 'e steat (en fan 'e hiele noardeastlike Feriene Steaten). Oare hege bergen binne dêrsanne de Mount Madison en de Mount Adams. Alletrije binne ferneamd nei eardere Amerikaanske presidinten. De wichtichste rivieren fan 'e steat binne de Merrimack, dy't dwers troch it súdlike part fan 'e Nij-Hampshire streamt, de Konettikut, dy't de (súd)grins mei Massachusetts foarmet, en de Piscataqua, dy't de (súdeast)grins mei Maine foarmet. De grutste mar fan 'e steat is de Winnipesaukee-mar, mei in oerflak fan 184 km².
In grut part fan Nij-Hampshire wurdt noch altyd oerdutsen troch ûnoantaaste wâlden, wêrby't it yn it súdlike, leger leine diel fan 'e steat giet om leafwâld, en yn 'e hegere, noardliker dielen om mingd wâld. Hegerop yn 'e Wite Bergen komt ek nullewâld foar. It noardlike trêdepart fan Nij-Hampshire stiet bekend as it 'noardlân' of 'benoarden de ynkepings' (north of the notches), nei de passen troch de Wite Bergen, dy't alle ferkear mei dat part fan 'e steat behearskje. Nij-Hampshire omfiemet gjin federale Yndianereservaten.
Geandewei de njoggentjinde iuw waard einlings it noarden fan 'e steat kolonisearre. Yn it noarden ûntstie yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw in florearjende hout- en papieryndustry, en nei de Twadde Wrâldoarloch kaam ek it toerisme as boarne fan ynkomsten op. Nei 1960 stoarte de tekstylyndustry alhiel yn, mar de steatsekonomy klaude wer by de wâl op troch him ta te lizzen op 'e produksje fan technology en op 'e tsjinstesektor.
Bestjoer
Nij-Hampshire bestiet bestjoerlik út 10 countys. De steatshaadstêd, Concord, leit yn Merrimack County, yn it súdlike part fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Nij-Hampshire bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Algemien Hof fan Nij-Hampshire (New Hampshire General Court), dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 24 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei mar leafst 400 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Nij-Hampshire, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Nij-Hampshire ek twa sitten.
It politike lânskip fan Nij-Hampshire wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Gjin inkele oare partij is yn Nij-Hampshire as sadanich registrearre. Lykwol bestiet it meastepart fan 'e kiezers út saneamde 'ûnôfhinkliken', dy't oan sawol Demokratyske as Republikeinske foarferkiezings meidwaan meie. Yn it ramt fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings komt Nij-Hampshire eltse fjouwer jier wrâldwiid yn it nijs troch de New Hampshire Primary, dy't foar it earst holden waard yn 1952. Dat is ien fan 'e earste foarferkiezings (om 'e Demokratyske en Republikeinske presidintskandidaten oan te wizen), nei de Iowa Caucus.
Yn Nij-Hampshire hat de steat it monopoalje op 'e ferkeap fan alkohol. Dêrtroch floeit jiers $100 miljoen oan ynkomsten nei de steatskas. Nij-Hampshire is fierders de iennichste Amerikaanske steat dêr't it net ferplichte is om ûnder it autoriden in feilichheidsgurdle om te hawwen. Yn 2010 wie Nij-Hampshire de fyfde Amerikaanske steat dy't it homohoulik ynfierde.
Op steats- en lokaal nivo wurdt yn Nij-Hampshire gjin BTW en gjin ynkomstebelesting heft. Oan 'e oare kant hat de steat de heechste belestings op ûnreplik goed fan 'e hiele Feriene Steaten. Mei 8,7% fan 'e befolking dy't ûnder de earmoedegrins libbe hie Nij-Hampshire yn 2013 fierders it leechste steatsearmoedesifer fan 'e Feriene Steaten.
Demografy
Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Nij-Hampshire yn 2014 1.326.813 ynwenners, wat in groei fan 0,8% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 56,8 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Manchester, mei 110.000 ynwenners yn 2014. Portsmouth (21.000), oan 'e mûning fan 'e rivier de Piscataqua, is de wichtichste seehaven. Oare gruttere stêden binne: Nashua (87.000), de steatshaadstêd Concord (43.000) en Rochester (30.000). Berlin (10.000) is it grutste plak yn it noarden fan Nij-Hampshire.
De offisjele taal fan Nij-Hampshire is it Ingelsk, dat foar de grutte mearderheid fan 'e befolking de memmetaal is. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 hie doe 3,4% fan 'e befolking fan Nij-Hampshire (en 16% fan 'e befolking fan it noardlike Coös County) it Frânsk as memmetaal. Op it trêde plak kaam it Spaansk, dat foar 1,6% fan 'e befolking de memmetaal wie.