Hoewol't Missoery gjin offisjele bynamme hat, wurdt de oantsjutting Show Me State ("Lit My Sjen Steat") rûnom as sadanich brûkt. Men giet der wol fan út dat dy term ûntliend is oan in taspraak fan it Amerikaanske KongreslidWillard Vandiver út 1899, wêryn't er sei: "Ik kom út in steat dy't stynske weet en katoen, stikelnuten en Demokraten produsearret, en frivoale wolsprekkendheid oertsjûget my net, noch lit ik my dermei ôfpoeierje. Ik kom út Missoery, en jo moatte it my sjen litte." Dizze útspraak borduerret fuort op 'e siswize "Ik kom út Missoery", dat safolle sizze wol as: "Ik bin skeptysk en lit my net maklik dingen oanprate."
Neffens saakkundigen dy't der ûndersyk nei dien hawwe, waard de oantsjutting Show Me State lykwols al foàr de 1890-er jierren brûkt. In oar ferhaal wol hawwe dat it in bynamme wie foar stakingsbrekkers út Missoery dy't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw nei Leadville, yn Kolorado, ta helle waarden om dêr yn 'e minen te wurkjen. Om't se sok wurk noch nea earder dien hiene, moast alles har útlein wurde. Oare ynformele bynammen fan Missoery binne de Lead State ("Leadsteat"), de Bullion State ("Steat fan Unbewurke Goud"), de Ozark State (ferwizend nei it Ozarkberchtme), de Mother of the West ("Mem fan it Westen", ferwizend nei de rol dy't Missoery spile by de kolonisaasje fan it Wylde Westen) en de Cave State ("Grottesteat", om't der mear as 6.000 grotten binne).
Hoewol't Missoery tsjintwurdich oer it algemien beskôge wurdt as ûnderdiel fan it Amerikaanske Midwesten, hearde it histoarysk ta it Suden, benammen fanwegen de kolonisaasje fan it gebiet troch lju út oare Súdlike steaten en it feit dat Missoery foarôfgeande oan 'e Amerikaanske Boargeroarloch in slavesteat wie. De krite dy't wol Little Dixie (Dixieland is in oare namme foar it Amerikaanske Suden) neamd waard, bestie út countys by de rivier de Missoery lâns yn it sintrale diel fan 'e steat, dêr't de grutste konsintraasje fan Súdlike kolonisten mei harren slaven him fêstige hie.
Yn it uterste súdeasten fan Missoery stekt in lyts diel fan it grûngebiet fan 'e steat by de igge fan 'e Mississippy lâns nei it suden ta út. Dy krite wurdt wol de Hakke fan Missoery neamd. Dat gebiet makket diel út fan 'e alluviale flakte fan 'e Mississippy, en is it leechst leine, platste, waarmste en wietste diel fan Missoery. It is ek ien fan 'e earmste parten fan 'e steat, mei in ekonomy dy't frijwol folslein agrarysk is. Wol is de grûn yn 'e Hakke fan Missoery tige fruchtber, sadat der in protte rys en katoenferboud wurdt. De Hakke wie it episintrum fan 'e fjouwer Ierdbevings fan New Madrid (1811-1812).
De iere Amerikaanske kolonisten fan Missoery sels kamen foar it meastepart út it noardlike diel fan it Amerikaanske Suden, út steaten as Arkansas, Tennessee, Kentucky en Noard-Karolina. Hja brochten har negerslaven en dêrmei it ynstitút fan 'e slavernij yn Missoery, wat in probleem opsmiet om't ôfpraat wie dat yn 'e Feriene Steaten benoarden de saneamde Mason-Dixonline gjin slavernij bestean mocht. Yn 1820 waard lykwols it Missoerykompromis sletten, dat by wize fan útsûndering op 'e regel slavernij yn Missoery tastie, yn ruil foar it opjaan fan it Súdlike protest tsjin 'e foarming fan 'e Noardlike steat Maine út gebieten dy't earder ta Massachusetts heard hiene. Sadwaande waard Missoery op 10 augustus1821 as 24e steat (en as in slavesteat) ta de Amerikaanske Uny talitten, mei as tydlike haadstêdSt. Charles. Yn 1826 waard de haadstêd ferpleatst nei it sintraal leine Jefferson City.
Yn deselde snuorje dat eastlik Missoery yn 'e ban fan 'e rivierhannel wie, foarme westlik Missoery de 'Poarte ta it Westen'. St. Charles, by St. Louis, wie yn 1804 en 1806 sawol it begjin- as it einpunt fan 'e ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark, de earste oerlânske ekspedysje nei de westkust fan 'e Feriene Steaten. Letter wie Independence, yn westlik Missoery, fan 1811 ôf it begjinpunt fan it ferneamde Oregon Trail, in 3.500 km lange rûte dêr't in grut diel fan 'e Amerikaanske kolonisten oer nei in nij bestean oan 'e westkust of yn it Wylde Westen reizge. Ek it Santa Fe Trail, in soartgelikense, súdlike rûte dy't yn 1821 yn gebrûk nommen waard, begûn yn westlik Missoery, yn Franklin, om presys te wêzen. Sadwaande wurdt Missoery ek wol the Mother of the West neamd, "de Mem fan it Westen".
Oarspronklik wie de westgrins fan Missoery in rjochte line fan noard nei súd, mar yn 1826 waard der troch de saneamde Platte-oankeap fan beskate Yndiaanske folken yn it noardwesten in hoeke oan tafoege, sadat dêr de grins lyk kaam te fallen mei de rivier de Missoery. Yn 'e 1830-er jierren ûntstie der in grinskonflikt mei de noardlike buorsteat Iowa oer de saneamde Hunichlannen, dat noch oanboaze waard troch de tsjinstelling oangeande slavernij. Yn 1838 en 1839 rûnen de spannings sa heech op dat yn beide steaten de steatsmilysjes oproppen en nei de grins stjoerd waarden.
Tusken de 1830-er en de 1860-er jierren ferdûbele de befolking fan Missoery hast elts desennium, benammen troch ymmigraasje fan Ieren en Dútsers. Dizze nijynkommelingen wiene flechtlingen foar de Britske oerhearsking fan Ierlân en de mei dêrtroch feroarsake Ierske Hongersneed (1845-1850) of foar it delslaan fan 'e revolúsjonêreopskuor fan 1848 yn Dútslân, en koene alhiel gjin sympaty opbringe foar slavernij. Troch de religieuze ferskillen tusken de roomske ymmigranten en de protestantske oarspronklike kolonisten boaze de twaspjalt yn Missoery noch fierder oan. Tsjin it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch wiene de slavehâlders fierhinne konsintrearre yn 'e Little Dixie-krite, dy't yn it sintrale diel fan 'e steat oan 'e rivier de Missoery lei. Súdlik dêrfan, yn it Ozarkberchtme wennen ek lju út it Suden, mar dêr liende it terrein him net foar de oanlis fan plantaazjes, en dêr bestie de befolking sadwaande út earme blanke komelkers en gerniers. De noardlike helte fan Missoery waard fierhinne bewenne troch resinte ymmigranten. Negerslaven makken minder as 10% út fan 'e doetiidske befolking fan 1.182.000 minsken.
De Amerikaanske Boargeroarloch
Oan 'e foarjûn fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) skaten alve Súdlike steaten har fan 'e Feriene Steaten ôf om 'e Konfederearre Steaten fan Amearika te foarmjen. Dêrûnder wiene twa buorsteaten fan Missoery: Arkansas en Tennessee, wylst ek it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) ta de Konfederaasje hearde. De Algemiene Assimblee fan Missoery rôp koart nei de oprjochting fan 'e Konfederaasje, yn begjin 1861, in spesjale kovinsje gear, dy't tsjin 'e ôfskieding fan Missoery fan 'e Feriene Steaten stimde. De pro-Súdlike gûverneurClaiborne F. Jackson rôp dêrop de mobilisaasje fan 'e steatsmilysje fan Missoery út, wêrfan't in pear hûndert leden op dat stuit yn in treningskamp by St. Louis legere wiene.
Noardlike troepen ûnder generaalNathaniel Lyon besingelen dat kamp en twongen de Missoerianen ta oerjefte. Dêrnei liet Lyon syn soldaten, dat foar it meastepart Dútske ymmigranten wiene dy't gjin Ingelsk sprieken, harren kriichsfinzenen yn in soarte fan triomftocht troch St. Louis marsjearje. It spul rûn hielendal mis doe't de soldaten, dy't har bedrige fielden troch de lulke kliber folk dy't gearkaam, it fjoer iepenen op ûnwapene boargers en kriichsfinzenen. By dat Bloedbad fan St. Louis kamen net inkeld manlju, mar ek froulju en bern om, en dêrtroch waard de anty-Noardlike hâlding yn 'e súdlike helte fan Missoery konsolidearre.
Nei it útbrekken fan 'e Boargeroarloch stelde gûverneur Jackson Sterling Price, dy't earder de konvinsje oer ôfskieding foarsitten hie, oan as kommandant fan 'e nije Steatsgarde fan Missoery. Hoewol't hy en syn oanhingers fanwegen de flugge opmars fan Lyon op 14 juny1861 de steatshaadstêd Jefferson City ûntflechtsje moasten, sette er in nij regear op yn Neosho, yn súdlik Missoery. De pro-Súdlike leden fan 'e Algemiene Assimblee fan Missoery stimden dêr foar ôfskieding fan 'e Feriene Steaten, hoewol't allinnich in steatskonvinsje dêrta it rjocht hie. Dizze ôfskieding wurdt dan ek net as rjochtmjittich sjoen, hoewol't de Konfederaasje him op 30 oktober1861 erkende.
Underwilens rôp Lyon yn Jefferson City de steatskonvinsje wer gear, dy't it amt fan gûverneur en alle sitten fan 'e Algemiene Assimblee fakant ferklearre en Hamilton Gamble as nije gûverneur ynstallearre. Dyselde waard as sadanich prompt erkend troch presidintAbraham Lincoln. It Amerikaanske federale regear makke fierders ek de wei frij om yn Missoery frijwilligers foar sawol de nije steatsmilysje as foar it Noardlike Leger oan te nimmen. Yn súdlik Missoery focht de mei nije troepen fuortsterke legermacht fan generaal Lyon neitiid inkele moannenlang mei de Steatsgarde fan Missoery ûnder Price en in Konfederearre leger besteande út Arkansanen en Teksanen ûnder lieding fan generaal Ben McCulloch. Nei iere oerwinnings yn 'e Slach by Wilson's Creek en it belis fan Lexington, litten de Súdliken ferskate nederlagen, dy't har twongen ta in weromtocht oer de grins nei Arkansas.
Yn 'e folgjende trije oarlochsjierren diene Konfederearre troepen út en troch grutskalige ynfallen yn Missoery, mar it grutste part fan 'e striid dêre bestie út in guerrilja-oarloch dy't útfochten waard troch ûngeregelde formaasjes fan 'e pro-Súdlike Bushwackers út Missoery tsjin in Noardlike besettingsmacht, stipe troch de pro-Noardlike Jayhawkers út Kansas. In kweaferneamde lieder fan 'e Bushwackers wie William Quantrill, dy't op 21 augustus1863 in wraam op Lawrence (Kansas) die, wêrby't dat stedsje yn it Bloedbad fan Lawrence fierhinne mei de grûn lyk makke waard en sa'n 200 boargers de dea fûnen. Foar dy die waard Quantrill sels troch de Konfederaasje oan 'e kant set as in oarlochsmisdiediger. In oare oanfierder fan 'e Bushwackers wie William T. Anderson. Guon Bushwackers ferfoelen oan 'e ein fan 'e oarloch ûnder druk fan ferfolging troch it Noarden ta iepentlik banditisme, lykas de ferneamde Frank en Jesse James en de bruorren Younger. Benammen Jesse James ûntjoech him ta in folksheld, in soarte fan Amerikaanske Robin Hood, en de rebûljementaliteit hold yn súdlik Missoery noch oan doe't de Boargeroaloch al lang en breed ôfrûn wie, op guon plakken sels oant yn 'e 1880-er jierren.
It politike lânskip fan Missoery wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige marzjinale rol. Hoewol't it fan âlds in suver poer Demokratyske steat wie, is Missoery yn 'e 1950-er en 1960-er jierren, doe't de Demokraten almar progressiver waarden en de (oarspronklik progressive) Republikeinen hieltyd konservativer, opskood nei de Republikeinske Partij. Dy hat it bestjoer fan 'e steat anno 2017 noch stevich yn 'e hannen, mei't der op steatsnivo mar ien keazen post is dy't beset wurdt troch in Demokraat. Under de tsien fertsjintwurdigers fan Missoery yn it Amerikaanske Kongres binne 8 Republikeinen en 2 Demokraten (1 yn 'e Senaat en 1 yn it Hûs fan Offurdigen).
Mei't Missoery ûnderdiel útmakket fan Tornado Alley, in gebiet dêr't gauris tornado's foarkomme, hat de steat geregeldwei ûnder dat natoerferskynsel te lijen. Yn 2011 makke de Tornado fan Joplin in trêdepart fan it stedsje Joplin mei de grûn lyk. Dêrby fûnen 159 lju de dea, rekken mear as 1.000 minsken ferwûne en waard foar hast $3 miljard skea oanrjochte. Dat wie de slimste tornado yn Missoery sûnt 1957 en de deadlikste yn 'e hiele Feriene Steaten sûnt 1947. Ien fan 'e slimste tornado's ea wie de Tornado fan St. Louis, dy't op 27 maaie1896 de stêd St. Louis trof.