In eskarpemint is in soarte fan klif dat net foarme wurdt troch eroazje of ferwaring, mar troch de bewegings fan 'e tektoanyske platen byinoar lâns by in brekline. Ek kin sa'n soarte klif ûntstean troch in ierdferskowing. Net inkeld eskarpeminten, mar ek oare kliffen hawwe faak in bulte stienslach ûnderoan lizzen, mei't se yn 'e regel stadichoan fierder ôfkealje. Yn drûge gebieten of by hege kliffen kin sa'n bulte stienslach derút sjen as in keale púnheap, mar yn fochtiger kriten giet de stienslach faak beskûl ûnder in bedekking fan ierde en plantegroei. In protte kliffen geane mank mei wetterfallen en/of holten of ûndjippe grotten.