Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Idaho. Foar oare betsjuttings, sjoch: Idaho (betsjuttingsside).
Idaho (Ingelsk: Idaho; útspr.: ['aidəhoʊ], likernôch "aidehoo"), offisjeel de Steat Idaho (Ingelsk: State of Idaho), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Idaho, byneamd de Gem State (de "Ealstiennesteat"), leit yn it noarden fan it lân, tsjin 'e Kanadeeske grins oan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Noardwesten. De haadstêd is Boise, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 1,6 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 44e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Idaho mei krapoan 217.000 km² de 39e steat. Idaho is in lanlike gebiet, dat benammen bekendstiet om syn natoerskientme.
Etymology
It is ûndúdlik wêr't de namme 'Idaho' krekt weikomt. Doe't it Amerikaanske regear yn 'e 1860-er jierren in namme socht foar in nij territoarium yn 'e Rocky Mountains, kaam de eksintrike lobbyist George M. Willing mei de namme 'Idaho' op 'e lapen, dy't, sa sei er doe, yn it Sjosjoansk, in Yndiaansketaal, "de sinne komt út 'e bergen" of "fûnkelstien fan 'e bergen" betsjutte. Letter bewearde Willing lykwols dat er 'Idaho' gewoan sels optocht hie. Hoe dan ek, it regear keas foar de namme Kolorado-territoarium, en dêrmei hie it ferhaal út wêze moatten.
Guon ûndernimmende kolonisten yn it nije territoarium, dy't derop gokten dat it Idaho komme soe te hjitten, hiene tsjin dy tiid lykwols harren delsetting al Idaho Springs neamd, en yn 1861 waard yn it eastlike part fan it Washington-territoarium in county stifte dy't Idaho County neamd waard. Uteinlik krige it hiele eastlike part fan it Washington-territoarium (ynkl. Idaho County) yn 1863 de namme 'Idaho' taparte. Nettsjinsteande Willing syn letter bekentenis, werhellen withoefolle skoalboeken oant fier yn 'e tweintichste iuw syn eardere ferhaal oer de Sjosjoanske oarsprong fan 'e namme.
Oare teoryen oer de namme 'Idaho' binne dat it ôflaat is fan it Flakte-Apachske wurd ídaahę́ , dat "fijân" betsjut, en dat ek as lienwurd yn it Komantsjysk foarkaam. Om't de Sjosjoanen út Idaho de tradisjonele fijannen fan dy folken wiene, soe de namme troch oerdracht fan 'e bewenners op it lân kommen wêze kinne te slaan. Yn Idaho sels wurdt fierders gauris ferteld dat de namme fan 'e steat út 'e Nez Persé-taal komt en "lân fan mannich rivier" betsjut.
Idaho waard as bestjoerlike ienheid skepen doe't presidintAbraham Lincoln op 4 july1863 de wet ûndertekene wêrmei't it Idaho-territoarium stifte waard. Yn 't earstoan omfieme dat trouwens ek Montana en in grut diel fan it hjoeddeistige Wyoming. De earste permaninte, organisearre blanke delsetting yn Idaho wie Lewiston, dat yn 1860 stifte waard en yn 1861stedsrjochten krige. Yn 1863 hie Idaho noch mar sa'n 17.000 ynwenners, want hoewol't it gebiet oan it ferneamde Oregon Trail nei de westkust lei, en in protte kolonisten der sadwaande trochhinne teagen, setten mar in bytsje har der nei wenjen.
De 1860-er oant en mei de 1880-er jierren wiene in ûnlijige tiid foar Idaho, û.m. troch de gaoatysk ferrinnende ferhuzing fan 'e haadstêd fan Lewiston nei Boise, de ferbittere striid tusken Demokraten en de Republikeinen en de ûntnimming fan it stimrjocht oan mormoanen, dy't troch dyselden foar de rjochter oanfochten waard, mar wêrby't it Amerikaansk Heechgerjochtshôf Idaho yn 1877 yn it gelyk stelde. Fierders waard fanút Washington, D.C. besocht om Idaho op te spjalten tusken Washington, dat yn 1889 de status fan steat krige, en Nevada, dat al yn 1864 in steat wurden wie. Dat plan rûn lykwols op 'e non, en op 3 july1890 waard Idaho as de 43e steat ta de Amerikaanske Uny talitten. Op dat stuit hie de Idaho 88.548 ynwenners.
Oarspronklik wie fral de mynbou fan belang foar de ekonomy fan Idaho, mei't der yn 1866 by it plak Piercegoud ûntdutsen waard, wat in beheinde goudkoarts feroarsake. Boppedat bliek Idaho oer grutte foarrieden sulver te beskikken. Letter waard de lânbou lykwols folle wichtiger, en fan gefolgen waard Idaho ûnder de Grutte Depresje it swierst troffen fan alle steaten yn it Amerikaanske Noardwesten. Foar Idahooske boeren giene de ynkomsten yn dy snuorje omleech fan $686 jiers yn 1929 nei $250 jiers yn 1932. Resint hat Idaho war dien 'e ekonomy fan 'e steat te diversifiëarjen, troch mear yn te setten op it toerisme en de ynformaasjetechnology.
Bestjoer
Idaho bestiet (sûnt 1919) bestjoerlik út 44 countys. De steatshaadstêd, Boise, leit yn Ada County, yn it súdwestlike part fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Idaho bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatskongres fan Idaho, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 35 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 70 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Idaho, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Idaho fanwegen syn relatyf lytse befolking ek mar 2 sitten.
It politike lânskip fan Idaho wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Oarspronklik wiene yn Idaho de Demokraten fierwei yn 'e mearderheid, om't har der nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch in protte Demokraten út it Suden en Midwesten nei wenjen setten. Tagelyk waarden de territoriale gûverneurs yn dy snuorje beneamd troch Republikeinske presidinten, sadat se sels yn 'e regel ek Republikeinen wiene. Dy tsjinstelling late ta ferbittere botsings, wêrûnder in ôffredingsoarloch wêrby't de Demokraten de skiephoeders en de Republikeinen de koweboeren stipen. Fan likernôch 1890 ôf hawwe de Republikeinen ornaris de grutste oanhing hân yn Idaho.
Ekonomy
It bruto steatsprodukt fan Idaho bedroech yn 2012 $58,2 miljard, wat omrekkene per lid fan 'e befolking útkomt op $36.472. De ekonomy fan Idaho stipet foar in grut part op 'e lânbousektor, en de steat produsearret likernôch in trêde fan alle jirpels dy't yn 'e Feriene Steaten ferboud wurde. Oare wichtige agraryske produkten binne weet en tsiis. Fierders is de boskbou yn Idaho fan grut belang, en teffens de dêrmei gearhingjende houtferwurkjende en papieryndustry. Yn 'e Idahooske yndustry wurde fierders ek masinery, gemyske produkten en elektroanika makke.
De steat stiet bekend as de Gem State ("Ealstiennesteat") om't hast eltse bekende soarte ealstien der yn 'e grûn sit; sadwaande is ek de mynbou wichtich, wêrby't teffens nei sulver dold wurdt. De haven fan Lewiston, op it plak dêr't de rivier de Clearwater gearfloeit mei de Snake, is it fierste plak yn it Amerikaanske binnenlân dat troch skippen fan 'e Stille Oseaan ôf te berikken is. Sûnt de 1990-er jierren hat men besocht en wreidzje de Idahooske ekonomy út op it mêd fan toerisme en ynformaasjetechnology. De elektrisiteit fan Idaho wurdt foar 75% opwekke troch wetterkrêftsintrales.
De offisjele taal fan Idaho is it Ingelsk, dat troch it oergrutte part fan 'e befolking as memmetaal sprutsen wurdt. De op ien nei grutste taal is it Spaansk, dat yn Idaho as memmetaal sprutsen wurdt troch likernôch 10% fan 'e befolking.
Idaho hat in lânklimaat, dat yn 'e hegere dielen fan 'e Rocky Mountains oergiet yn in heechberchtmeklimaat. Hoewol't de steat 560 km fan 'e kust fan 'e Stille Oseaan ôf leit, kin de timperjende ynfloed fan 'e see yn Idaho noch altyd dúdlik fernommen wurde, mei't it klimaat der net sa kâld is as men yn in noardlike en bercheftige steat ferwachtsje soe. It westen fan Idaho hat drûgere simmers en wietere winters, wylst dat yn it easten krektoarsom is. It easten is trouwen in stik drûger, mei't it mear yn it reinskaad fan 'e Rocky Mountains leit. Simmerdeis kinne de temperatueren oerdeis oprinne oant boppe de 30 °C, wylst it kwik by 't winter maklik sakje kin oant fier ûnder it friespunt, mar yn 'e regel net foar langere perioaden. Rekôrtemperatueren wiene 48 °C, op 28 july1934 yn Orofino, en –51 °C op 18 jannewaris1943 op 'e Island Park-keardaam.