Guon foarmen fan diskriminaasje hawwe har eigen namme, lykas rasisme (diskriminaasje op basis fan ras) en seksisme (diskriminaasje op basis fan geslacht). Antysemitisme is diskriminaasje op basis fan religy of ras tsjin Joaden, en islamofoby is diskriminaasje op basis fan religy tsjin moslims. Homofoby en transfoby binne diskriminaasjefoarmen op basis fan seksuele oriïntaasje tsjin homo's en lesbiënnes, resp. tsjin transseksuelen. Ksenofoby, ta einbeslút, is eangst foar en dêrtroch feroarsake diskriminaasje fan bûtenlanners.
Yn Nederlân is diskriminaasje yllegaal ûnder kêst 1 fan 'e Nederlânske Grûnwet, dêr't stiet: "Eltsenien dy't him yn Nederlân befynt, wurdt yn gelikense gefallen gelikens behannele. Diskriminaasje omreden fan godstsjinst, libbensoertsjûging, politike foarkar, ras, geslacht of om lykfol hokker reden is net tastien."