Histoarysk sjoen waard de oantsjutting "ras" yn ferbân mei de minske yn 't earstoan fral brûkt om nasjonale sibskip oan te jaan. Fan 'e santjinde iuw ôf begûn de wittenskip, yn 't bysûnder de antropology en de fysiology, mei de term de groepen oan te tsjutten dêr't men minsken op grûn fan lichaamlik ûnderskie yn ferdielde. Dy yndieling waard yn ferbân brocht mei de politike hegemony fan it jeropide (blanke) ras, wat wer keppele waard oan 'e kulturele mearweardichheid dêrfan. Yn 'e njoggentjinde iuw ûntjoech sok tinken him ta in pseudo-taksonomysk stelsel dat de superioriteit fan beskate rassen en ûnderrassen oer oaren útdroech op grûn fan genetyske skaaimerken.
Tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw wie al dúdlik dat soks nearne op basearre wie, mar likegoed holden guon wittenskippers deroan fêst, en teffens waard dit systeem opnommen yn beskate politikeideologyen, lykas it nasjonaal-sosjalisme, wêrby't it misbrûkt waard foar elektoraal gewin en politike doelen. Harren hichtepunt berikten sokke rasistyske ideologyen ûnder de Twadde Wrâldoarloch, doe't miljoenen minsken (Joaden, Sigeuners, Slaven en oaren) fermoarde waarden fanwegen harren ras.
Fanwegen dy genoside is de oantsjutting "ras", as it om minsken giet, in tige beladen en dêrtroch problematyske term wurden, en sadwaande sprekt men hjoed de dei leaver fan populaasjes, folken, etnyske groepen of mienskippen, ôfhinklik fan 'e kontekst. It tawizen fan essinsjele skaaimerken oan beskate groepen minsken, poer op basis fan harren lichaamlik oansjen wurdt no beskôge as efterhelle, en de wittenskip besiket tsjintwurdich soksoarte útlis te ûntmoedigjen. Sterker noch, men fynt dat de oantsjutting "ras" bûten wittenskiplike fermiddens brûkt wurdt op in naïve en simplistyske wize, mei't der ûnder de minske as biologyskesoarte gjin wiere taksonomyske ûnderskieden besteane: alle libbene minsken hearre ta de soarteHomo sapiens en ta de ûndersoarte (of it ras) Homo sapiens sapiens. Dat sein hawwende, wurdt de yndieling yn rassen noch allegeduerigen brûkt, en net inkeld yn ûnoffisjele omstannichheden, lykas yn it spraakgebrûk, mar ek yn offisjeel ferbân, lykas by troch de oerheid útfierde folkstellings (al wurdt it wurd "ras" dan almeast omsyld troch in eufemisme te brûken, lykas "rasiale eftergrûn" of "etnyske groep").
Tradisjonele yndieling
De tradisjonele yndieling yn rassen gie poer út fan lichaamlike skaaimerken, yn 't bysûnder fan hûdskleur. Der wiene trije haadrassen, it jeropide ras (of "it blanke ras"), it mongoloïde ras (of "it giele ras") en it negroïde ras (of "it swarte ras"). It probleem wie fansels wat men dwaan moast mei alle lju dy't net of net hielendal yn ien fan dy kategoryen pasten.
Ut dizze problematyk docht fansels mei-iens bliken dat it rassestelsel eins in optochte klassifikaasje wie, dy't mar loskes op 'e wurklikheid basearre wie. It ûndeugdlike systeem dêr't men úteinlik mei op 'e lapen kaam, wie sa: