Ingelân tanket syn namme oan 'e Angelen, ien fan 'e Germaanskefolken dêr't de Angelsaksen út fuortkamen. De Angelsaksen neamden harsels Engle of Angelcynn, en harren lân neamden se Engla land, wat safolle betsjutte as "it lân fan 'e Angelsaksen". Geandewei de Midsiuwen waard Engla land fia Engle land en Engelandferbastere ta England. Tsjin 'e fjirtjinde iuw wie dat de namme fan it lân wurden. Yn 'e Frânske beneaming Angleterre, letterlik: "grûn(gebiet) fan 'e Angelen", komt de oarsprong fan de namme "Ingelân" noch dúdlik nei foarren. Hoe en wêrom oft de Angelen en net de Saksen harren namme oan Ingelân joegen, krekt as oft it iene folk wichtiger wie as it oare (wat net sa wie), is ûnbekend. Yn dit ferbân is it nijsgjirrich dat yn guon Keltyske talen Ingelân net nei de Angelen, mar nei de Saksen ferneamd is: yn it Welsk sprekt men fan Saesneg, en yn it Skotsk-Gaelysk fan Sasunn.
Yn it bûtenlân wurdt de namme Ingelân yn 'e folksmûle ek wol by wize fan pars pro toto brûkt as oantsjutting foar it hiele Feriene Keninkryk. (Dat is in flater fan itselde soarte as wannear't men "Hollân" seit as men "Nederlân" bedoelt.) Yn it Feriene Keninkryk sil soks nea dien wurde, om't men dêr wol better wit. Boppedat wurdt soks yn Skotlân en Wales opfetten as in mislediging.
De wichtichste rivieren fan Ingelân binne de Teems, de Mersey, de Tyne en de Severn. Oan 'e mûnings fan dy streamen lizze de grutte stêdenLonden, Liverpool, Newcastle-upon-Tyne, resp. Bristol. De langste rivier, mei in lingte fan 350 km, is de Severn, dy't ûntspringt yn Wales en útmûnet yn it Kanaal fan Bristol. De langste rivier dy't oer de folle lingte troch Ingelân streamt, is lykwols de Teems, mei in lingte fan 346 km. De grutste mar fan Ingelân is de Windermere, dy't yn 'e skildereftige Marrekrite fan Kumbria leit, yn it uterste noardwesten fan it lân.
It ierste bewiis fan minsklike bewenning yn Ingelân datearret fan 780.000 jier tebek, doe't de iere minskeftigeHomo antecessor der libbe. De moderne minske fêstige him yn it iere Paleolitikum yn Ingelân, hoewol't it gebiet troch de lêste iistiid wer folslein ûntfolke rekke. Doe't de gletsjers har likernôch 11.000 jier lyn werom begûnen te lûken, waard Ingelân werbefolke troch lju út Jeropa, dy't der gewoan rinnendewei komme koene mei't Grut-Brittanje doe troch in lânbrêge mei it kontinint ferbûn wie om't der sa'n soad seewetter yn it iis fêstholden waard dat de seespegel folle leger wie as no. Genetysk ûndersyk wiist derop dat dizze iere bewenners fan Ingelân ôfkomstich wiene fan it Ibearysk Skiereilân (en net út Frankryk, sa't men earder ferwachtsje soe). Doe't troch it ranen fan it lâniis de seespegel wer begûn te stiigjen, waard Grut-Brittanje omtrint 10.000 jier lyn skaat fan it eilân Ierlân, en likernôch 8.000 jier lyn fan Jeraazje.
De Romeinske weromlûking liet Ingelân sûnder beskerming efter, mei as gefolch dat har yn 'e rin fan 'e fyfde iuw, ûnder it Grutte Folkeferfarren, hiele folksstammen fan it Jeropeeske fêstelân yn Ingelân fêstigen. Dêrby gie it om 'e Saksen, Angelen en yn mindere mjitte ek Jutten en guon Friezen, dat allegear Germaanskefolken fan 'e Noardseekust út Noardwest-Jeropa wiene. De Keltyske befolking fan Ingelân fersette him dêr út alle macht tsjin, en de Germaanske opmars waard inkele desennia tsjinkeard troch de Keltyske oerwinning yn 'e Slach by Mount Badon. Yn dy snuorje waard de grûnslach lein foar de lettere Arthurleginden, dy't weromgiene op kening Arthur, dat in Keltyske lieder west hawwe soe dy't Brittanje beskerme tsjin 'e ynfallen fan 'e Angelen en de Saksen. (Yn wurklikheid is it mar tige de fraach oft Arthur wol basearre is op in histoaryske persoan.)
Uteinlik, lykwols, waarden de Kelten ferslein, en wisten se tsjin 'e ein fan 'e sechsde iuw allinnich yn 'e Skotske Heechlannen, de Hebriden, súdwestlik Skotlân, Kumbria, Wales, Cornwall en Devon selsstannige rykjes te behâlden. Lang waard derfan útgien dat de Kelten út 'e ferovere gebieten ferdreaun of útmoarde waarden, mar resint genetysk ûndersyk wiist derop dat wierskynlik inkeld de Keltyske hegerein de wyk nimme moast, wylst it sljochtwei folk him deljoech ûnder it nije bewâld en meitiid de Germaanske kultuer en taal oernaam en
assimilearre waard.
Hoewol't it kristendom ferdwûn wêr't de heidenske Germanen it foar it sizzen krigen, waard dy religy dêr fan 597 ôf reyntrodusearre troch in weach misjonarissen ûnder lieding fan Augustinus fan Canterbury. Underwilens kaam der in proses fan etnyske sawol as bestjoerlikekonsolidaasje op gong. De ûnderskate Germaanske stammen ferraanden dêrby ta ien folk: de Angelsaksen. En bestjoerlik kloften de tsientallen keninkrykjes yn it Ingelân fan fuort nei de Angelsaksyske ynvaazje gear ta sân gruttere riken, dy't mei-inoar bekend kamen te stean as de Heptargy: East-Anglia, Mersia, Noardumbrje, Kent, Esseks, Susseks en Wesseks.
De folgjende iuwen hold dy bestjoerlike konsoldidaasje oan. Yn 'e sânde iuw fûn der in slepende wrakseling om 'e hegemony yn noardlik Ingelân plak tusken Mersia en Noardumbrje, dy't yn 'e achtste iuw plakmakke foar Mersiaanske oerhearskippij. De ynfallen fan de Wytsingen diene yn 'e njoggende iuw it lange tiid beholden lykwicht binnen de Heptargy teneate, mei as gefolch dat Wesseks de oare leden fan 'e Heptargy oermânsk waard. Yn 825 waarden Kent en Susseks troch Wesseks anneksearre, en yn 827 ûnderwurp Egbert fan Wesseks boppedat ek noch Noardumbrje, sadat er, sij it foar koarte tiid, de earste kening wie dy't oer in feriene Ingelân regearre.
Nei in nije, grutskalige ynvaazje troch de Wytsingen waarden de Angelsaksyske keninkriken Noardumbrje, Mersia en East-Anglia oerweldige en ûnder de Deenskewet brocht yn in gebiet dat sadwaande de Danelaw neamd waard. Wesseks bleau doe oer as it iennichste frije Angelsaksyske keninkryk. Yn 886 wist de sterke Westsaksyske kening Alfred de GrutteLonden te weroverjen. Dat wurdt wol beskôge as de stifting fan in feriene Ingelân, mar dat wie it feitliks net. Neitiid waard Noardumbrje ferskate kearen troch de keningen fan Wesseks 'befrijd' en wer beset troch de Noaren, oant it yn 954 foargoed ferovere waard troch kening Edred fan Ingelân. Om dyselde tiid hinne gie Lothian, dat altyd diel útmakke hie fan Noardumbrje, foargoed ferlern oan it Keninkryk Skotlân. Op 12 july927 kamen alle Angelsaksyske keningen gear te Eamont, yn Kumbria, dêr't se Atelstan erkenden as kening fan 'e Ingelsen. Dat wie it slútstik fan in ferieningsproses dat mear as in iuw duorre hie, en it kin beskôge wurde as de wiere stifting fan it Keninkryk Ingelân.
Underwilens lâne Willem de Oermasterder lykwols op 'e Ingelske súdkust, by wat bekend kaam te stean as de Normandyske Ynvaazje. Nei in forsearre mars werom nei it suden waard it útputte Ingelske leger op 14 oktober yn 'e Slach by Hastings ferslein troch de Normandiërs. Harold Godwins en syn beide bruorren sneuvelen dêrby, mei as gefolch dat Willem de Oermasterder de nije kening fan Ingelân waard. Nei de Normandyske Ynvaazje bestie der iuwenlang in twadieling yn 'e Ingelske maatskippij wêrby't de adel út Normandiërs bestie en Anglo-Normandysk spriek, wylst it sljochtwei folk foarme waard troch Angelsaksen en Ingelsktalich wie.
Underwilens wie it Prinsdom Wales altyd noch in ûnôfhinklik gebiet, hoewol't de Welske hearkers út en troch de oerhearskippij fan 'e kening fan Ingelân erkenden. Sûnt de Normandyske Ynvaazje hiene Normandyske eallju lykwols dielen fan súdlik Wales en de grinsgebieten ferovere, wêrnei't se bekend kamen te stean as de 'markhearen'. De oanhâldende konflikten dy't dêrút fuortkamen, laten yn 'e twadde helte fan 'e trettjinde iuw ta de ûnmeilydsume Ferovering fan Wales troch Edwert I fan Ingelân, dy't yn 1282 foltôge waard mei de dea fan 'e Welske prinsLlywelyn ap Gruffudd.
Edwert III, dy't yn 1327 op 'e Ingelske troan kaam, makke nei de dea sûnder manlike neikommelingen fan syn pakeFilips IV fan Frankryk fia syn memIsabella oanspraak op 'e troan fan it Keninkryk Frankryk. Syn neistribjen fan dy oanspraken late yn 1337 ta it útbrekken fan 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk, wêrfoar't fiif keningen fan Ingelân efterinoar in grut diel fan harren eigen enerzjy en tiid, en fan it jild en de mankrêft fan harren lân opbrûke soene ear't Ingelân úteinlik yn 1453 einlings en te'n lêsten de striid opjaan moast. Hoewol't de Ingelsen yn dy snuorje ferskate grutte oerwinnings boekten, koene se úteinlik net tsjin 'e nûmerike oermacht fan 'e Frânsen op. Akwitaanje gie yn dizze oarloch ferlern, en Ingelân behold op 'e kust fan it Jeropeeskefêstelân mar ien inkeld brêgehaad, besteande út 'e stêdKalês.
It wie ûnder de Hûndertjierrige Oarloch dat der foar it earst in feriene Ingelske identiteit ûntstie dy't sawol de Anglo-Normandyske adel as it Angelsaksyske sljochtwei folk omfieme. Dat wie it gefolch fan 'e oanhâldende fijânskip mei de almar mear nasjonalistysker Frânsen, fan wa't de lieders de eigen ûntjouwing fan 'e Frânske identiteit brûkten om it lân te ferienjen yn 'e striid tsjin 'e Ingelsen. Sadwaande waarden de Anglo-Normandiërs, dy't har oarspronklik mear identifisearre hiene mei de Frânsen as mei harren eigen Angelsaksyske ûnderdienen, bûtensletten troch de Frânsen.
Ingelân wie noch net iens útpûst nei de ein fan 'e Hûndertjierrige Oarloch doe't yn 1455 in boargeroarloch útbriek tusken de HuzenYork en Lancaster, dy't beide ôfstammen fan Edwert III. Dat konflikt kaam (folle letter) bekend te stean as de Roaze-oarloggen, om't it wapen fan it Hûs York in wite roas wie, en dat fan it Hûs Lancaster in reade roas. De beide dynastyen tsierden oanhâldend om it besit fan 'e Ingelske troan, wat oanlieding joech ta in rige bloedige konflikten dy't mei tuskenskoften oanholden oant 1487. Uteinlik kaam yn 1485 it Hûs Tudor op 'e troan yn 'e persoan fan Hindrik VII, in ôfstammeling fan in oerwûn lid fan it Hûs Lancaster, dy't troud wie mei Elizabeth fan York, in lid fan it Hûs York.
Hindrik VIII wie ek ferantwurdlik foar oare wichtige feroarings. Nei de ferovering troch Edwert I hie Wales syn eigen wetten en bestjoer beholden, mar ûnder Hindrik VIII waard mei de Wetten op de Welske Wetjouwing tusken 1535 en 1542 it Welske rjocht ôfskaft. Neitiid waard de Ingelske wetjouwing yn Wales fan krêft, en teffens waard Wales yn Ingelân ynkorporearre, sadat it neitiid fertsjintwurdige wie yn Parlemint fan Ingelân. Fierders rôp Hindrik himsels yn 1541 út ta kening fan kening fan Ierlân, wêrmei't dat keninkryk yn in personele uny mei Ingelân ferbûn waard.
Nei Hindrik syn dea, yn 1547, waard er opfolge troch syn syklikesoanEdwert VI, dy't yn 1553 ek stoar. Dêrnei kaam Hindrik syn dochterMarije de Bloedige op 'e troan, in roomse dy't fel op 'e Reformaasje tsjin wie, en besocht om dy werom te draaien, mei in bloedige godstsjinststriid ta gefolch. Under Marije har regear gie yn 1558 fierders Kalês ferlern oan Frankryk. Nei har dea, yn 1558, waard se opfolge troch har healsusterElizabeth I, byneamd de Virgin Queen, om't hja nea troude. Under har bewâld, dat bekend kaam te stean as de Elizabetaanske Tiid, kaam de Ingelske kultuer ta grutte bloei, mei as wichtichste fertsjintwurdiger de wiidferneamde toanielskriuwer en dichterWilliam Shakespeare. Elizabeth wie fan betinken dat Ingelân, as eilânnaasje, in sterke marine hawwe moast, en stiek dêr in protte jild yn. Tsjin 1588 wie de Ingelske marine sadwaande mânskernôch dat er mei help fan 'e Steatskefloat ôfweve koe mei de Spaanske Armada, dy't troch de roomske Filips II fan Spanje stjoerd wie om 'e protestantske Elizabeth fan 'e troan te stjitten.
It tiidrek fan 'e Stuarts
It Hûs Tudor stoar yn 1603 út mei de dea fan Elizabeth I. Der ûntstie lykwols gjin opfolgingskrisis, mei't hja foartiid har efterneef, de Skotske keningJakobus VI, al oanwiisd hie as har erfgenamt. Sadwaande waard dy doe ek kening fan Ingelân ûnder de namme Jakobus I. Dêrmei kaam it Hûs Stuart op 'e Ingelske troan, en teffens ûntstie der sa in personele uny tusken Ingelân en Skotlân, hoewol't dy beide keninkriken fierders folslein apart faninoar bestjoerd waarden.
Karel II waard yn 1685 opfolge troch syn jongere broer Jakobus II, dy't roomske sympatyen hie, en inkeld dulde waard om't er sels opfolge wurde soe troch syn protestantsksinnige dochter Marije II. Doe't Jakobus lykwols op syn âlde dei noch in manlike kroanprins produsearre (Jakobus III), dy't sûnder mis roomsk grutbrocht wurde soe, kaam it folk yn opstân. Marije en har man, de HollânskesteedhâlderWillem III fan Oranje-Nassau, waarden útnûge om oer te kommen, en lânen mei in ynvaazjeleger op 'e Súdingelske kust. Dêrnei waard Jakobus II by de Glorieuze Revolúsje troch syn dochter en skoansoan oan 'e kant set en yn ballingskip jage. Neitiid regearren Willem en Marije tegearre oer Ingelân oant har dea 1694, wêrnei't hy allinnich kening waard. Doe't hy yn 1702 sûnder bern ferstoar, waard er opfolge troch Marije har suster Anne.
Anne wie de lêste monarch fan it Keninkryk Ingelân, mei't dat lân yn 1707 ophold te bestean doe't mei de oanname fan 'e beide (Ingelske en Skotske) Wetten op de Uny it feriene Keninkryk Grut-Brittanje skepen waard. Dat hie ien parlemint en ien regear, beide fêstige yn 'e Ingelske haadstêdLonden. Dy saneamde Uny fan 1707 kaam ta stân nei it jammerdearlik ferrûne besykjen om in Skotske koloanje te stiftsjen yn wat no Panama is, dêr't nei't sein wurdt frijwol alle grûnbesitters yn Skotlân jild yn stutsen hiene. It bankrot fan 'e Skotske elite, dat dêr it gefolch fan wie, die in protte om sokken derfan te oertsjûgjen dat de uny mei Ingelân in goed ding wie (foar de miening fan it gewoane folk hie doedestiden nimmen belangstelling), en Ingelske drigeminten dat der oarloch komme soe as de Skotten net omlyk woene, beklonken de kwestje. Nei't Anne yn 1714 sûnder bern ferstoar, kaam mei George I it DútskeHûs fan Hannover op 'e Britske troan. Oant 1837 bestie der sadwaande in personele uny mei earst it Karfoarstedom Hannover en letter it Keninkryk Hannover.
Underwilens foarme yn Ingelân sels de Yndustriële Revolúsje in perioade fan grutte sosjaal-ekonomyske feroarings, dy't resultearre yn it ûntstean fan 'e yndustry en yn in fiergeande modernisearring fan 'e lânbou en de mynbou. Benammen it sintralisearjen fan yndustriële produksje yn fabriken soarge fierders foar in sterke urbanisaasje, wêrby't û.m. Manchester en Birmingham tige oan ynwenners oanwoeksen. Om 'e Yndustriële Revolúsje mooglik te meitsjen waarden der yn dy tiid ek nije wegen en kanalen oanlein en kamen de earste spoarwegen ta stân.
Yn 'e njoggentjinde iuw begûn yn 1837, doe't keninginne Fiktoaria op 'e Britske troan kaam, de nei har ferneamde Fiktoriaanske Tiid. Dat wie in snuorje fan nea earder sjoene Britske hegemony, wêryn't it Britske Ryk û.m. yn Afrika, Súdeast-Aazje en Oseaanje útwreide waard oant it wierlik in ryk wie dêr't de sinne nea ûnder gie, sa't de siswize hawwe wol. Binnenlânsk bestie der yn dy tiid politike ûnrêst, dy't feroarsake waard troch radikalen lykas de suffrazjettes, dy't krewearren foar frouljuskiesrjocht. Teffens wie der sprake fan in djippe kleau tusken de riken en de earmen, dy't dúdlik sprekt út 'e ferneamde romans fan Charles Dickens.
Nei de oarloch waarden de wenpatroanen yn Ingelân yngeand feroare trochdat motorisearreferkear foar eltsenien beskikber waard. In oare wichtige fernijing wie de ynfiering fan 'e National Health Service (NHS) yn 1948, dy't alle Britten út publike middels finansierde sûnenssoarch bea. Fan 'e 1950-er jierren ôf ûntjoech Ingelân him ta ymmigraasjelân, mei't grutte oantallen lju út 'e eardere Britske koloanjes har der nei wenjen setten, yn it bysûnder út Súd-Aazje (it eardere Britsk-Ynje) wei. Sûnt de 1970-er jierren ferskode de Ingelske ekonomy fan ien dy't fierhinne basearre wie op yndustry nei ien dy't mear stipe op 'e tsjinstesektor. Yn 1973 waard it Feriene Keninkryk lid fan 'e Jeropeeske Ekonomyske Mienskip, dy't neitiid omfoarme waard ta de Jeropeeske Uny. De tagong fan Ingelske bedriuwen ta de ynterne merk fan Jeropa soarge foar grutte ekonomyske groei. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw wûnen de trije oare lânsdielen fan it Feriene Keninkryk (te witten: Skotlân, Wales en Noard-Ierlân) allegearre in beskate mjitte fan selsbestjoer, mar it bewâld oer Ingelân bleau yn 'e hannen fan it nasjonale Britske regear. Yn 2016 foarsei in oerwinning fan it ja-kamp by it referindum oangeande Brexit grutte ekonomyske feroarings foar Ingelân.
It feit dat Skotlân, Wales en Noard-Ierlân sûnt de ein fan 'e 1990-er jierren allegear in foarm fan ynterne autonomy krigen hawwe, mar Ingelân net, kin de hollen yn Ingelân noch wolris hjit krije, om't de Ingelsen har foarbyparte fiele. Oarspronklik wie it de bedoeling dat de ferskillende regio's fan Ingelân in beskate mjitte fan selsbestjoer krije soene, mar nei't dat troch de befolking fan Noardeast-Ingelân by in referindum ôfwiisd waard, is dat net trochset. Fan gefolgen binne der no beskate ûngerjochtichheden yn it Britske politike systeem ûntstien, lykas de saneamde Kwestje fan West-Lothian. Dat draait derom dat Ingelske leden fan it Britske parlemint no gjin sizzenskip mear hawwe oer beskate ynterne oangelegenheden fan 'e oare lânsdielen, wêrfoar't de ferantwurdlikheid oerhevele is nei it Parlemint fan Skotlân, de Assimblee fan Wales of it Parlemint fan Noard-Ierlân, wylst de leden fan it Britske parlemint út 'e oare lânsdielen noch wol meibeslisse kinne oer deselde oangelegenheden yn Ingelân. Yn 'e regel binne de Skotske, Welske en Noardierske folksfertsjintwurdigers dan sa fatsoenlik om har fan stimming te ûnthâlden, mar der is neat dat harren dêrta twingt.
Bestjoer
Ingelân hat in steatsstruktuer besteande út fjouwer bestjoerslagen, dy't in ferskaat oan oerheden omfiemet mei as doel om 'e befolking op pleatslik nivo te betsjinjen. De heechste bestjoerslaach ûnder it nasjonale regear wurdt foarme troch de regio's fan Ingelân, wêrfan't der njoggen binne. Dy waarden yn 1994 yn it libben roppen as oerheidskantoaren dy't in soad beliedspunten en oerheidsprogramma's regionaal ymplemintearje moasten. Bûten Londen besteane der op dit nivo lykwols gjin folksfertsjintwurdigjende lichems en yn 2011 waarden de regionale oerheidskantoaren ek opheft, mei as gefolch dat de ferdieling yn regio's net folle mear om 'e hakken hat. De njoggen regio's binne:
Under it regionale nivo is Ingelân ferdield yn 48 seremoniële greefskippen. Dy wurde yn it foarste plak brûk as geografysk referinsjeramt en hawwe har sûnt de Midsiuwen stadichoan ta har hjoeddeistige foarm ûntjûn, hoewol't guon pas yn 1974 ûntstien binne. Elts seremonieel greefskip hat in Lord Lieutenant en in High Sheriff, dêr't de Britske monarch troch fertsjintwurdige wurdt. De seremoniële greefskippen binne:
Bûten Grut-Londen en de Scilly-eilannen is Ingelân fierders ek ferdield yn 83 steds- en plattelânsgreefskippen. Dy komme oerien mei de gebieten dêr't lokale oerheden foech hawwe, en kinne út ien inkeld distrikt of út ferskate distrikten bestean. Der binne seis stedsgreefskippen yn 'e tichtstbefolke gebieten dy't gjin greefskipsried hawwe, mar dêr't ynstee de wichtichste oerheden foarme wurde troch de fertsjintwurdigjende rieën fan 'e distrikten, dy't by sokke stedsgreefskippen steds-boroughs hjitte. Grut-Londen hat in ôfwikend systeem fan lokale oerheden, dat bestiet út 'e 32 boroughs, mei dêropta de Londenskebinnenstêd, dy't bestjoerd wurdt troch de City of London Corporation. Op it alderpleatslikste nivo is Ingelân ferdield yn saneamde boargerlike parochys (civil parishes), mei har eigen fertsjintwurdigjende rieën.
Ekonomy
De ekonomy fan Ingelân is ien fan 'e grutsten fan 'e wrâld, mei trochsneed BNP per lid fan 'e befolking fan £22.907. It wurdt beskôge as in Angelsaksyske ekonomy dy't grûndearre is op 'e prinsipes fan 'e frije merk, mar dêrnjonken ek in heech ûntwikkele stelsel fan sosjale sekerheid omfiemet. Binnen it Feriene Keninkryk is de Ingelske ekonomy de grutste fan alle lânsdielen, en as Ingelân in ûnôfhinklik lân wêze soe, hie it de 18e ekonomy fan 'e wrâld west.
Der is yn Ingelân ien territoriale lânseigen etnyske minderheid, de Kornwelsen, dy't yn 2014 nei jierren fan strideraasje troch it Britske regear as sadanich erkend waard ûnder it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden fan 'e Ried fan Jeropa. Yn 2011 telde de Kornyske minderheid yn Cornwall 363.000 leden, en om utens nochris sa'n 117.000, dy't foar it meastepart yn 'e rest fan Ingelân wennen. Dêrmei makken se sa'n 0,8% fan 'e befolking fan Ingelân út. Oare lânseigen minderheden binne de Joaden (250.000) en de Roma (150.000), dy't yn it Feriene Keninkryk beide sûnt 1998, yn neifolging fan it Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden, ûnder de Wet op de Minskerjochten as minderheden erkend wurde.
Oare (net lânseigen) Britske befolkingsgroepen yn Ingelân binne de Skotten (1,5%) en de Welsen (1,1%). Fierders hat der in oansjenlike ymmigraasje út Ierlân en Noard-Ierlân wei west, mei as gefolch dat etnyske Ieren no 1,4% fan 'e Ingelske befolking útmeitsje. In oare groep dy't oerkommen is út Ierlân wurdt foarme troch de nomadyskeIerske Reizgers (25.000). Oare grutte ymmigrantemienskippen út Jeropa binne Poalen (1,1%), Dútsers (0,5%), Italjanen (0,4%) en Griken (0,3%).
Oare lânseigen talen yn Ingelân binne it Jiddysk fan 'e Asjkenazyske Joaden, dat troch sa'n 31.000 minsken sprutsen wurdt, en it Anglo-Romany fan 'e Romanitsjal (in Roma-groep), dat troch sa'n 140.000 minsken sprutsen wurdt. Noch it Welsk, noch it Jiddysk en Anglo-Romany genietsje yn Ingelân erkenning of beskerming. Fierders wurdt it útlânske Reizger-Iersk (ek wol Sjelta of Sjeldrû neamd), troch sa'n 25.000 minsken sprutsen. Troch de grutskalige ymmigraasje dy't Ingelân sûnt de 1960-er jierren ûndergien hat, binne der fierders in protte talen út oare dielen fan 'e wrâld yn Ingelân bedarre. Dêrfan hiene it Pûndjaabsk en it Oerdû foarhinne de measte sprekkers, mar by de folkstelling fan 2011 die bliken dat doe it Poalsk oanwoeksen wie ta de twadde taal fan Ingelân.
De Tsjerke fan Ingelân hat (yn Ingelân) likernôch 26 miljoen doopleden, of 47,5% fan 'e Ingelske befolking, mar de oergrutte mearderheid dêrfan bestiet út lju dy't nea of mar komselden yn tsjerke komme. It op ien nei grutste tsjerkgenoatskip fan Ingelân is de Roomsk-Katolike Tsjerke, mei sa'n 4,3 miljoen leden, oftewol 7,8% fan 'e befolking. Likernôch 1,8 miljoen ynwenners fan Ingelân (3,4%) hingje in oare protestantske denominaasje as de Tsjerke fan Ingelân oan. Dêrby giet it bgl. om metodisten, baptisten, kongregasjonalisten, unitariërs, mormoanen, Jehova's tsjûgen, quakers en leden fan it Leger des Heils. Fierders binne der noch sa'n 400.000 eastersk-otterdoksen (0,7%).
Ateïsten en agnosten makken yn 2011 mei 24,7% krekt gjin fjirdepart fan 'e befolking út. Fierders wiene der 2.740.000 moslims (5,0%), 860.000 hindoes (1,6%), 500.000 sikhs (0,9%), 170.000 boedisten (0,3%) en 6.000 bahaïsten, dy't foar de oergrutte mearderheid konsintrearre wiene yn 'e gruttere stêden. Ta einbeslút moatte de oanhingers fan it moderne heidendom noch neamd wurde, wêrfan't der neffens de folkstelling fan 2011 rom 75.000 yn Ingelân wiene, mei dêrûnder 11.000 oanhingers fan 'e wikka. Oare grutte streamings binnen dy groep wiene it neo-druïdisme en it moderne Germaanske heidendom. Om't it heidendom noch altyd in beskaat stigma meidraacht, geane objektive waarnimmers der trouwens fan út dat it wiere oantal heidens yn Ingelân oanmerklik heger leit.
It Ingelske wapen bestiet út in read fjild mei dêrop ûnderinoar trije geande wache liuwen fan goud. ('Geand' wol sizze dat se op alle fjouwer poaten rinne, en 'wach' betsjut dat se it gesicht nei de taskôger ta draaid hawwe.) Dit wapen waard yn 1198 oannommen troch kening Richard Liuwehert, mar giet tebek op it wapen fan it Hartochdom Normanje, dat in read fjild mei twa fan sokke liuwen hat. It biedwurd fan Ingelân is it FrânskeDieu et mon droit, dat troch kening Hindrik V (1386-1422) formeel oannommen waard. In oar wichtich nasjonaal symboal fan Ingelân is de Tudorroas, de offisjele blom fan Ingelân, dy't tebekgiet oant de Roaze-oarloggen, doe't it ynfierd waard as in fredessymboal, mei't hjiryn de wite roas fan it Hûs York en de reade roas fan it Hûs Lancaster kombinearre waarden.
Ingelân hat in tuskenbeiden seeklimaat, mei koele oant waarme simmers, wannear't de temperatuer net faak en folle boppe de 32 °C útkomt, en relatyf mylde winters, wêrby't it kwik mar komselden oant ûnder it friespunt sakket. It waar is it hiele jier yn 't rûn fochtich en wikselfallich en wurdt sterk beynfloede troch de neite fan 'e Atlantyske Oseaan en de ferwaarming dêrfan troch de Golfstream, dy't ôfkomstich is út it Karibysk Gebiet. De meast skrouske moannen fan 't jier binne jannewaris en febrewaris, as it fral oan 'e kust gemien kâld wêze kin. July is ornaris de waarmste moanne. Fan maaie oant oktober kin men yn Ingelân myld oant waarm waar ferwachtsje. Rekôrtemperatueren yn Ingelân wiene 38,5 °C op 10 augustus2003 yn Brogdale, yn Kent, en –26,1 °C op 10 jannewaris1982 yn Edgmond, yn Shropshire. Delslachhoemannichten binne frij gelyk oer it jier en oer it hiele lân ferdield, hoewol't it westen, en yn 't bysûnder de Marrekrite fan Kumbria, mear rein kriget as de rest fan Ingelân.