26 septimber - Yn Skotlân ûntstiet in regearingskrisis as troch it ferstjerren fan 'e jonge keninginne Margareta it Hûs Canmore útstjert. Der binne net minder as 13 ûnderskate troanpretendinten, mei as wichtichsten Robert V fan Bruce en Jan fan Balliol. De troan bliuwt foarearst leech, en it lân wurdt regearre troch saneamde beskermhearen.