2016
2016 is in skrikkeljier dat begjint mei in freed. (Gregoriaanske kalinder foar 2016 . )
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren .
Foarfallen
jannewaris
febrewaris
maart
april
maaie
1 -3 - In boskbrân leit it stedsje Fort McMurray , yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta , yn 'e jiske. Dat liedt ta de grutste evakuaasje yn 'e skiednis fan Kanada . Mear as 2.400 gebouwen geane yn flammen op.
9 - Der fynt in astronomysk ferskynsel plak dat bekend stiet as in Merkueriusoergong . Dêrby beweecht de planeet Merkuerius , fan 'e Ierde ôf sjoen, foar de sinne lâns.
12 - De Meksikaanske steat Jalisco fiert it homohoulik yn.
12 - It parlemint fan Brazylje set presidinte Dilma Rousseff ôf. Fise-presidint Michel Temer wurdt oansteld as pleatsferfangend presidint.
19 - It ferkearsfleantúch EgyptAir-flecht 804 fan Parys nei Kaïro ferdwynt boppe de Middellânske See . De 66 ynsittenden wurde as dea beskôge.
20 - De Meksikaanske steat Campeche fiert it homohoulik yn.
20 - Tsai Ing-wen , de liedster fan 'e opposysjonele Demokratysk-Progressive Partij , dy't yn jannewaris de ferkiezings wûn hat, wurdt ynaugurearre as de earste froulike presidint fan Taiwan .
22 - Opposysje fan 'e planeet Mars . Dat wol sizze dat de Ierde persiis tusken de sinne en Mars yn stiet.
30 - Hissène Habré , de eardere presidint fan Tsjaad , wurdt troch in ynternasjonaal tribunaal , dat ynsteld is troch de Afrikaanske Uny , feroardiele ta libbenslange finzenisstraf foar misdieden tsjin 'e minsklikheid begien ûnder syn presidintskip fan 1982 oant 1990 .
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
1 - By demokratyske presidintsferkiezings yn Gambia ferslacht opposysjekandidaat Adama Barrow de sittende presidint Yahya Jammeh . As dyselde risselwearret en lis de ferkiezingsútslach njonken him del, gripe de oare Westafrikaanske lannen yn en stjoere troepen . Jammeh bynt dan yn en giet yn ballingskip , wêrmei't in ein komt oan mear as 22 jier diktatuer yn Gambia.
15 - Gibraltar fiert it homohoulik yn.
16 - Iepening fan 'e Kening Willem-Alexandertunnel , as part fan A2 by Maastricht .
19 - By in oanslach yn 'e Dútske haadstêd Berlyn riidt in islamistyske terrorist mei in kaapte frachtwein yn op in krystmerk . Dêrby falle 12 deaden (ynkl. de oarspronklike frachtweinsjauffeur , dy't by de kaping deasketten wie) en 56 ferwûnen . De dieder, in Anis Amri , wit te ûntkommen.
19 - Andrej Karlov , de Russyske ambassadeur yn Turkije , wurdt by in oanslach yn in keunstgallery yn Ankara fermoarde .
22 - Ut in wittenskiplik ûndersyk docht bliken dat it VSV-EBOV -faksên 70% oant 100% effektiviteit hat tsjin 'e deadlike ynfeksjesykte ebola . Dêrmei wurdt dat it earste wurksume faksên tsjin dy sykte .
23 - Anis Amri , de dieder fan 'e de oanslach op 'e krystmerk yn Berlyn , wurdt by in konfontaasje mei de Italjaanske plysje yn Milaan deasketten.
23 - De Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes nimt Resolúsje 2334 oan, wêryn't de oanlis fan "Israelyske delsettings yn Palestynske gebieten beset sûnt 1967 " feroardiele wurdt.
26 - By it delstoarten fan in Russyske militêr transportfleantúch by Sotsji , yn súdlik Ruslân, komme alle 92 ynsittenden om, ûnder wa it hiele 64 leden tellende Aleksandrov Ensemble .
31 - De Feriene Steaten lûkt it meastepart fan syn troepen werom út Afganistan , hoewol't der Amerikaanske garnizoenen bliuwe yn 'e stêden Kabûl , Kandahar en Djalalabad en op 'e strategysk wichtige loftmachtbasis Bagram .
Berne
Ferstoarn
jannewaris
1 - Annie de Reuver , Nederlânsk sjongster (* 1917 )
1 - Sytse ten Hoeve , Frysk tsjerkekenner, skied- en geakundige en museumdirekteur (* 1945 )
2 - Nimr al-Nimr , Saûdysk sjiïtysk geastlike en minskerjochte-aktivist (* 1959 )
8 - Piet Steenkamp , Nederlânsk politikus (* 1925 )
10 - David Bowie , Ingelsk sjonger, songwriter en akteur (* 1947 )
14 - Alan Rickman , Ingelsk akteur (* 1946 )
20 - Thom Mercuur , Frysk keunstsamler, konservator en museumdirekteur (* 1940 )
31 - Terry Wogan , Iersk presintator (* 1938 )
febrewaris
maart
april
maaie
juny
july
augustus
septimber
oktober
novimber
desimber
5 - Gerben Abma , Frysk skiedkundige en skriuwer (* 1932 )
8 - Joop Braakhekke , Nederlânsk telefyzjekok en restauranthâlder (* 1941 )
8 - John Glenn , Amerikaansk astronaut en politikus (* 1921 )
8 - Peter van Straaten , Nederlânsk cartoonist en yllustrator (* 1935 )
16 - Alan Thicke , Kanadeesk akteur en presintator (* 1947 )
18 - Zsa Zsa Gábor , Hongaarsk-Amerikaansk aktrise (* 1917 )
23 - Hans Bakker , Nederlânsk publisist en redakteur (* 1923 )
24 - Richard Adams , Ingelsk skriuwer (* 1920 )
24 - Paula Dennis , Nederlânsk sjongeres (* 1929 )
25 - George Michael , Ingelsk sjonger (* 1963 )
27 - Carrie Fisher , Amerikaansk aktrise (* 1956 )
28 - Debbie Reynolds , Amerikaansk aktrise (* 1932 )
Literatuer
romans
novelles
koarte ferhalen
ferhalebondels
non-fiksje
Films
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 2016 fan Wikimedia Commons .