Brussel is in twatalige stêd, dêr't Frânsk (85-90%) en Nederlânsk (10-15%) sprutsen wurdt. As haadstêd fan Belgje is Brussel it plak dêr't it nasjonaal regear festige is, dêr't de kening kroane wurdt en dêr't de keninklike famylje wennet.
Mei goed 180.000 ynwenners is Brussel de fyfde grutte gemeente neffens ynwennertal yn Belgje. De gemeente is ien fan de 19 gemeenten fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest, dat ornaris ek "Brussel" neamd wurdt en dy hat goed 1,2 miljoen ynwenners. Yn de Stedsregio Brussel wenje goed 1,8 miljoen minsken en is dêrmei de grutste fan Belgje.
Namme
De namme Brussel is ôflaat fan de gearstalling út it Aldnederfrankyskebruoc (broek/sompe) en sella (wenplak), dus Bruocsella (wenplak yn/by de sompe). Om 1015 hinne komt de namme yn it Latyn foar it earst foar as Brosella. Yn it Midnederlânsk evoluearre de namme ta ''Bruesele en Brussele. De namme soe yn it moderne Nederlânsk winliken Broekzele wêze moatte, dochs is stadichoan feroare ta Brussel. It FrânskeBruxelles stiet noch tichteby de oarspronklike namme.
Skiednis
Iere skiednis
Yn it Soaniënwâld súdeastlik fan de hjoeddeistige stêd Brussel binne fynsten fan bewenning út it Neolitikum weromfûn. Yn de brûnstiid en izertiid wie der bewenning yn de delling fan de meänderjende rivier de Senne, dêr't benammen lânbouwers libben. Yn de Romeinske tiid waarden der filla's oan wjerskanten fan de Senne boud. Ut dy tiid komme ek twa grêfheuvels. Yn de Merovingyske tiid, yn de sechde en sande iuw, ûntstiene op de hegere grûn om de Senne hinne ferskate doarpen. Op de legere grûn om de Senne hinne wiene in stikmannich sompen, dêr't dus de namme "wenplak by de sompe" nei wiist.
Midsiuwen
Yn de njoggende iuw woeksen de doarpen oaninoar fêst en waard in boarch op ien fan de trije eilannen yn de Senne boud. De stêd waard in merkplak fan de lânbou yn de omkriten. Troch de lizzing oan de Senne, dy't yn de Dijle útmûnet en dy't op syn bar yn de Skelde útmûnet krige Brussel in ferbing mei de see en kaam op in hannelsrûte fan de âldere stêden Brugge nei Keulen te lizzen. Hannelers en hânwurklju fêstigen harren yn Brussel dy't part fan de twadde ferstedsking fan Noardwest-Jeropa yn de midsiuwen wie.
Bestjoerlik lei Brussel yn de Brabângoa en it bisdom Kamerryk yn it hartochdom Nederloataringen. De goa Brabân bestie út fjouwer greefskippen, dêr't it greefskip Brussel de mmeast eastlike fan wie. Justjes foar it jier 1000 kaam it Brussel yn it besit fan de greef fan Leuven, dy't mooglik in kastiel op de Koudenberg hie.
De greven fan Leuven en Brussel waarden oan de ein fan de alfde iuw lângreven fan Brabân. Yn 1106 waarden se hartoch fan Nederloataringen en oan de ein fan de tolfde iuw waarden se yn it lângreefskip Brabân ferheft ta hartoch fan Brabân. Brussel waard yn dy snuorje hieltyd wichtiger yn it neidiel fan Leuven. Beide stêden woeksen lykwols troch it opbloeien fan de hannel yn dy tiid.
Yn 1229 krige Brussel stedsrjochten fan hartoch Hindrik I fan Brabân. De stêd krige doe de earste stiennen stedsmuorre. Dy waard fjouwer kilometer lang en krige sân stedspoarten. De tekstylsektor kaam yn dy snuorje fluch op. De Lekkengilde, dy't yn de trettjinde iuw ûntstie, hie in grutte ynfloed op dy yndustry. De skieppetylt om Brussel hinne koe de fraach net mear beneikomme. In soad wol en oare grûnstoffen waarden ymportearre. Lekken waard fier oer de grinzen eksportearre. De beginen, dy't om 1250 in grut Begynhôf stiften, foarmen in wichtich part fan dy sektor.
Yn 1236 en 1276 wiene der grutte stedsbrannen yn Brussel. Yn de fjirtjinde iuw rekke de lekkenyndustry op syn hichtepunt. De stêd woeks tige by tige en doe wie der in nije stedsmuorre nedich. Dy waard yn 1357 boud en waard wol acht kilometer lang. Doe krige it hjoeddeistige sintrum fan Brussel syn fiifhoekige foarm. Brussel woeks fan 80 oant 509 bunder. Yn dy snuorje waard it grutte Stedhûs fan Brussel oan de Grutte Merk boud, dy't it ekonomysk sintrum fan de stêd wie.
Doe't hartoch Filips I fan Brabân yn 1430 ferstoar gie it hartochdom Brabân oer ta syn neef Filips de Goede fan Boergonje. Dêrtroch kaam Brussel ûnder de Boergonjers te fallen. Itselde jiers waard úteinset mei de útwreiding fan it kastiel op Koudenberg dy't waard winliken in wier paleis waard. Brussel waard troch it foltôgjen fan it kastiel yn 1459 de haadresidinsje fan hartoch Filips en dus it bestjoerlike sintrum fan it Boergondyske Ryk.
De ekonomy bleau yn dy snuorje trochwaaksen, alhoewol't de lekkenyndustry syn bêste jierren hân hie. De Brusselske wântapiten en retabels kamen dêrfoar yn plak. Ek de Brusselske skilderskoalle waard wichtich en produsearre guon grutte skilders, lykas Lucas Achtschellinck, dochs soe net útgroeie ta it nivo fan dy fan Brugge en Antwerpen. De krêft fan Brussel lei yn spesialisearre lúkse-yndustryen. Hartoginne Marije fan Boergonje joech tastimming fan it graven fan in kanaal fan Brussel nei de Dijle sa't it steapelrjocht fan Mechelen op de Senne te mid wurde koe. Om't it Boergondysk Hof yn Brussel fêstige wie en syn belied sintralistysk wie, woeks de foarstlike macht yn it neidiel fan de stedske autonomy sa't dy oanwêzich wie yn stêden lykas Antwerpen en Leuven. Dat late wol gauris ta ûntefredenens by de boargers en benammen de patrysjers, benammen doe't Marije fan Boergonje mei Maksimiliaan fan Habsburch boaske. De befolking fan Brussel, allyk dy fan Flaanderen, fertrouden him net. Doe't Marije yn 1482 op jonge jierren ferstoar, ûntstie der in foele striid om it regintskip fan har minderjierrige soantsje Filips de Skiene. Hja woene de hearskippij fan Maksimiliaan net erkenne. Dy liet lykwols twa Brusselske ôffeardigen ûnthalzgje. Yn 1486 waard er keizer fan it Hillige Roomske Ryk en kaam nei Brussel om syn residinsje te belûken. Syn Dútske soldaten waarden troch de stedsmilysjes oanfallen. Dêrnei rekke der in bloedige kriich út tusken Brussel en de Flaamske opstannelingen tsjin de Habsburgers en Boergonjers. In jier letter koe Albrecht fan Saksen Brussel foar Maksimiliaan oermasterje. Doe't Filips de Skiene folwoeksen waard boaske er Jehanna de Sljochtsinnige fan Kastylje. Filips ferstoar yn 1506 en waard opfolge troch syn soan Karel V fan Habsburch. Yn 1516 waard Karel yn de Brusselske Sint-Michieltsjerke kroane ta kening fan Spanje en yn 1519 folge er syn pake Maksimiliaan op as aartshartoch fan de Eastenrykske erflannen en keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Under it bestjoer fan Karel berikte Brussel syn grutste bloei en waard it sintrum fan syn wrâldryk.
Iermoderne tiid
Under it bestjoer fan Karel kaam it protestantisme op. Hy moast der neat fan hawwe en ûnder syn bewâld waard de ynkwisysje organisearre en besocht er it opkommend protestantisme foel te bestriden, benammen troch ketterferbaarnen. Yn 1555 stapte Karel V op ta geunst fan syn soan Filips II, dy't de ynkwisysjepolityk fuortsette. Yn 1559 ferfear Filips nei Spanje en liet de polityk yn hannen fan syn healsuster, lânfâdesse Margareta fan Parma. It kalvinisme waard reedlik populêr yn de stêd en omkriten en ek de geuzen namen stêden yn de buert yn fan de Spanjerts. Filips stjoerde yn 1567 de hartoch fan Alva nei de Nederlannen om de opstân del te bêdzjen. Dat slagge him net, de byldestoarm kaam ek yn Brussel en de kalvinisten krigen de macht yn hannen yn de stêd. Brussel sleat him ynearsten by de Uny fan Utert oan en der ûntstie in Brusselske Republyk. Lykwols in soad stêden yn de omkriten foelen wer yn Spaanske hannen en dêrtroch ferhuzen de Steaten-Generaal earst nei Antwerpen en letter nei Middelburch. It kalvinisme wie noch sterk yn de stêd, dochs Brussel rekke hieltyd mear isolearre fan de protestantske Nederlannen. Yn 1584 sette it Belis fan Brussel troch de Spaanske lânfâd Aleksander Farnese útein en yn 1585 joech de stêd him oer. Brussel waard de haadstêd fan de Spaanske Nederlannen, dêr't tenei de kontrareformaasje hearske. De protestanten moasten ferfarre of nei it katolike leauwe weromgean en dat late ta it kommen fan de jezuïten (1586) en augustinen (1601) en ek de definitive skieding tusken de protestantske Noardlike en katolike Súdlike Nederlannen. In soad flechten nei de Noardlike Nederlannen.
Yn 1595 waard Filips II syn neef Albrecht fan Eastenryk oansteld as lânfâd fan de Súdlike Nederlannen. Yn 1599 boaske er mei Filip syn dochter Isabella, dy't yn jier dêrfoar de Spaanske Nederlannen urven hie. Under harren bestjoer bloeide Brussel op as haadstêd. Nei it ferstjerren fan Isabella yn 1633 en om't hja gjin bern hiene, kamen de Súdlike Nederlannen werom yn Spaanske hannen. It gebiet, mei Brussel as haadstêd kaam stadichoan hieltyd mear ûnder druk te stean fan it ekspansionisme fan de Frânske kening Loadewyk XIV.
Dat late ta ferskate krigen tusken de Spanjerts en de Frânsken. Yn augustus 1695 waard Brussel ferwoastgjend besketten yn de Njoggenjierrige Kriich tusken Frankryk en de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dêr't Spanje ek by belusten rekke. Likernôch 4.000 huzen rekken skeind en ek it Stedhûs rekke skansearre, dêr't in soad keunstwurken by ferlern giene. Nei't de Frânsken harren weromlutsen waard Brussel weropboud en krige de Grutte Merk syn hjoeddeistich oansjen.
Nei de Spaanske Súksesjekriich kamen de Súdlike Nederlannen fannijs ûnder Eastenryksk bestjoer. Keizerinne Maria Teresa stelde Karel Aleksander fan Loataringen oan as lânfâd yn de Súdlike Nederlannen. Der bruts in tiid fan frede út en ferskate urbanisaasjeplannen yn de stêd waarden útfierd. Nei in tal herfoarmings dy't keizer Joazef II oan de ein fan de achttjinde iuw besocht troch te fieren kaam er op wjerstân te mjitte. Ferskate protesten brutsen út yn Brussel en oare stêden. De Feriene Nederlânske Steaten rôp syn ûnôfhinklikens út yn 1790.Yn 1794 kamen de Frânsken fannijs en ferdreaune de Eastenrikers oer de Ryn hinne. Dêrtroch kaam Brussel yn hannen fan de Earste Frânske Republyk.
Moderne tiid
Njoggentjinde iuw
Nei de delgong fan Napoleon waard by it Kongres fan Wenen yn 1815 bepaald dat de Súdlike Nederlannen part wurde soe fan it nije Feriene keninkryk fan de Nederlannen mei Willem I fan Oranje as kening. Brussel waard, tegearre mei Amsterdam de haadstêd fan it nije keninkryk. Yn 1820 waard úteinset mei it ferbouwen fan twa amtresidinsjes ta it Keninklik Paleis fan Brussel. Doe't itselde jers it Paleis fan de Steaten-Generaal ôfbaarnde, waard op itselde plak in nij gebou boud, dy't hjoed-de-dei it Paleis fan de Naasje, it sit fan it Belgysk parlemint is. It belied fan kening Willem wie it stribjen en meitsje Nederlânsk de offisjele taal. Dat late ta ferset fan de Frânsktaligen en de katoliken tsjin dy ûnderwiispolityk en der ûntstie suver in skoalstriid. Nei 1825 sleaten liberalen en katoliken byinoar oan en yn 1828 kaam de Uny fan katolike en liberale opposysje fan 'e grûn. Ynearsten stribbe dy Uny gjin ûnôfhinklikens nei mar late lang om let ta de Belgyske Revolúsje. Under ynfloed fan de minne ekonomyske tastân en de Julyrevolúsje yn Frankryk brutsen der op 25 augustus1830 lytse rebûljes út yn Brussel. Jûns rûn it út 'e hân. Huzen fan rike Nederlanners waarden yn 'e brân stutsen. De oardertsjinsten koene de sitewaasje net de baas en de folgjende dei hie de Brusselske boargerij sels ek noed slachtoffer te wurden. Hja besleaten in boargerwacht op te rjochtsjen. Op 23 septimber luts prins Freark mei it leger Brussel yn, dochs moast nei tefolle ferset fan de seperatisten de stêd wer ferlitte. Op 4 oktober waard de ûnôfhinklikens útroppen.
Op 21 july1831 kaam Leopold I op de troan as earste Kening fan de Belgen. Brussel waard de haadstêd fan de nije Belgyske steat. Yn 1830 wie Brussel in Brabânske stêd dêr't it Nederlânsk yn de foarm fan it pleatslike Brabânske dialekt de fiertaal wie. Nei de ûnôfhinklikens kaam der in grutte ynstream fan Frânsken (flechte revolúsjonêren en oaren) en Waalske amtners dy't it nije Belgyske bewâld oanluts út de Waalske provinses om syn nasjonale administraasje mei op te foljen. Dat bewâld waard behearske troch de hegere boargerij en adel dêr't guon fan harren it stimrjocht doe fan hiene. Hja woene de nasjonale ynstellings allinnich yn harren taal útbouwe. Dêrtroch rekke it Nederlânsk ferballe út alle stedske ynstellings en bestjoer. Dy taalkundige diskriminaasje hong gear mei sosjale en politike diskriminaasje fan de gewoane befolking en legere boargerij. Nijsgjirrich is it ûntstean fan de Brusselske sprektaal dy't winliken in fariant fan it Nederlânsk mei in sterke ynfloed fan it Frânsk wie.
Yn de njoggentjinde iuw krige Brussel in sterke yndustriële ûntjouwing. Yn 1832 waard it Kanaal Brussel-Charleroi yn gebrûk nommen. It spoar fan Brussel nei Mechelen wie it earste spoar op it Jeropeeske fêstelân. Yn it midden fan dy iuw waard de stêd yn it easten en suden flink útwreide.
Under kening Leopold II, dy't wol de "kening-arsjitekt" neamd waard, waarden guon prestizieuze gebouwen foar haadstedske ynstellings boud. Guon grutte parken en leanen waarden oanlein en mear wiken waarden byboud. In part fan de Senne waard oerkape, om't de rivier in wiere rioel wie en sykten meibrocht. Dat joech mear romte en lis widere bûlevaars oan nei it foarbyld fan Parys. Troch swiere druk fan de oerheid en troch de ynstream fan Walen en Frânsken ûntstie der in oanhâldende ferfrânsking fan de befolking. Yn it midden fan de tweintichste iuw wiene de Frânsktaligen pas yn de mearderheid. Mank mei dy evolúsje woeks ek it haadstedsk gebiet. Yn de iere njoggentjinde iuw wiene der mar seis gemeenten om de haadstêd hinne, mar nei it ferstedskjen en ferfrânskjen tanamen, waarden omlizzende gemeenten taheakke. Dat barde ornaris by de tsienjierlikse taletellings sadree't it tal Frânsktaligen en twataligen boppe beskate grinzen rekken, waard de belutsen gemeente by it haadstedsk gebiet taheakke.
Tweintichste iuw
Yn de Earste Wrâldkriich boude de Dútske besetter op in gersstripe by Haren guon houten loadsen foar seppelins. Dat foarme it grûnwurk foar de earste nasjonale lofthaven fan Belgje. Yn 1921 waarden Haren, Laken, Neder-Over-Heembeek en noardlike gebieten by Brussel anneksearre, sa't de stêd de grutste gemeente fan it Brusselsk gewest waard.
Brussel waard op 17 maaie1940 troch Nazy-Dútslân beset. Op 28 maaie joech it Belgyske leger him oer en kaam de kening werom yn syn paleis yn Laken. Op 28 oktober dat jiers drukten de besetters harren wetten oangeande de Joaden troch. Fan de 21.734 Brusselske Joaden boppe de 15 jier waarden 12.000 registrearre en 4.460 waarden deportearre. Yn septimber 1942 waard de gemeente Grut-Brussel oprjochte dy't beheard waard troch pro-Dútske politisi. Op 3 septimber1944 waard Brussel troch Britske troepen ûnder leiding fan generaal Sir Miles Dempsey befrijd. Dat jier wiene der ek bombardeminten op de stêd troch Dútske V1-raketten.
Nei de kriich waard Brussel modernisearre, benammen de ynfrastruktuer. De Noard-súdferbining waard iepene en yn 1958 waard it noardwesten fan Brussel, it mêd fan it Heizelplateau, yn it ramt fan Expo 58 feroare. Der waarden tunnels yn de lytse ring oanbrocht en úteinset mei it oanlizzen fan de grutte ring. Neitiids krige Brussel hieltyd mear te krijen mei it begryp "brusselisearring", in ûngeunstige term foar it stedske ûntjaan fan Brussel yn de 1960-er en 1970-er jierren. Yn it ramt fan de facto "haadstêd fan Jeropa" en it sit fan de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje waarden wiken platskood en meitsje plak foar grutte kantoargebouwen, it Manhattanplan. Yn 1976 waard de earste metroline yn Brussel iepene.
Ek yn dy snuorje wie der in soad ymmigraasje nei Brussel. De grutstedske befolking waard oanfolle mei arbeidsmigranten út Súd-Jeropa, Noard-Afrika, benammen Marokkanen, en Turkije. Yn de 1980-er en 1990-er jierren sette dy weach troch mei saneamde famyljewerienings. Dêrnjonken kaam der in grutte ymmigraaasjeweach út Sintraal-Jeropa, benammen Poalen en troch de funksje as Jeropeeske haadstêd binne der ek in soad oare EU-boargers dy't al as net permanint yn Brussel wenje.
Op 22 maart2016 foelen der by terroristyske oanslaggen op de lofthaven Zaventem en it metrostasjon Maalbeek yn Brussel 31 deaden en likernôch 200 ferwûnen. Op 20 juny2017 besocht in terrorist in spikerbom ûntploffe te litten op it Stasjon Brussel-Sintraal, mar dat mislearre. De dieder waard deasketten nei't it mislearre oanstekken fan de bom in lytse ûntploffing feroarsake hie.
Geografy
Lizzing
De gemeente Brussel (op de kaart yn it read) bestie oarspronklik allinnich út de binnenstêd fan Brussel, de Fiifhoeke Pentagon/Vijfhoek omreden syn fiifehoekige foarm. Hjoed-de-dei wurdt de gemeente Brussel yn seis stedsdielen yndield.
De gemeente hat 188.737 ynwenners (1 jannewaris 2022) en hat in oerflak fan 32,61 km².
Yn it noarden grinzget de gemeente oan de provinsje Flaamsk-Brabân. Fierders grinzget de gemeente Brussel (2) oan:
Atomium, in tige ferneamn monumint dat in izerkristal foarstelle moat dy't 150 miljard kear fergrutte is. It waard yn it ramt fan de Wrâldútstalling fan 1958.
Sint-Jehannes en Sint-Steventsjerke fan de Minimen
Sint-Niklaastsjerke
Brigittinnetsjerke
Kultuer
Museums (karút)
Keninklike Museums foar Keunst en Skiednis :
Keunst en skiednismuseum
Paviljoen foar Minsklike Driften
Hallepoarte
Museums fan it Fiere Easten
Muzykynstrumintemuseum
Keninklike Museums fan Skiene Keunsten fan Belgje:
Oldmasters Museum
Magritte Museum
Fin-de-Siècle Museum
Wiertz Museum
Meunier Museum
Keninklike Museum fan Moderne Keunsten
Keninklike Museum fan it Leger en de Kriichskiednis
Iten en útgean
Brussel is ferneamd om syn iten. Brusselske sprútsjes binne nei de stêd neamd. Fierders binne mosselpatat, waffelkoeken, sûkelarje, patat en bier Brusselske spesjaliteiten. Der is ien restaurant mei twa stjerren en der binne fjouwer restaurants mei ien stjer fan Michelin yn de stêd.
Brussel hat, lykas in soad oare Belgyske stêden, in warber útgeanslibben. In soad útgeansgelegenheden lizze ferspraat oer de stêd hinne, dochs yn it sintrum binne benammen it gebiet om de Beurs en it Place Saint Géry/Sint-Goriksplein hinne bekend as útgeansbuert.
Yn de stêd Brussel, lykas yn de rest fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest, binne it Frânsk en Nederlânsk de offisjele talen. De measte ynwenners, forinzen en fêste bûtenlanners brûke almeast it Frânsk as sprektaal. Likernôch 10-15% fan de Brusselske befolking praat Nederlânsk. In part dêrfan praat noch hieltyd it Brusselsk, dat it Brabânske dialekt fan Brussel is. It dialekt is lykwols stadichoan oan it ferdwinen.
Ministry of Health and Family WelfareLambang IndiaInformasi lembagaDibentuk1976Wilayah hukum Republik IndiaKantor pusatSekretariat Kabinet Bukit Raisina, New Delhi28°36′50″N 77°12′32″E / 28.61389°N 77.20889°E / 28.61389; 77.20889Pejabat eksekutifJagat Prakash Nadda, Menteri KesehatanFaggan Singh Kulaste, Menteri Negara untuk KesehatanAnupriya Patel, Menteri Negara untuk KesehatanSitus web[1]Departemen Kesehatan dan Kesejahteraan Keluarga adalah kementerian ...
American college basketball season 2002–03 California Golden Bears men's basketballNCAA tournament, second roundConferencePacific-10 ConferenceRecord22–9 (13–5 Pac-10)Head coachBen BraunHome arenaHarmon GymSeasons← 2001–022003–04 → 2002–03 Pacific-10 Conferencemen's basketball standings Conf Overall Team W L PCT W L PCT No. 5 Arizona 17 – 1 .944 28 – 4 .875 No. 20 Stanford 14 – 4 .77...
Artikel ini membahas mengenai bangunan, struktur, infrastruktur, atau kawasan terencana yang sedang dibangun atau akan segera selesai. Informasi di halaman ini bisa berubah setiap saat (tidak jarang perubahan yang besar) seiring dengan penyelesaiannya. Stasiun Semarang Tanjung Emas LokasiTanjung Mas, Semarang Utara, Semarang, Jawa Tengah 50174IndonesiaKoordinat6°56′41.082″S 110°25′37.024″E / 6.94474500°S 110.42695111°E / -6.94474500; 110.42695111Koordinat: ...
Templat:Three other uses Artikel ini membutuhkan rujukan tambahan agar kualitasnya dapat dipastikan. Mohon bantu kami mengembangkan artikel ini dengan cara menambahkan rujukan ke sumber tepercaya. Pernyataan tak bersumber bisa saja dipertentangkan dan dihapus.Cari sumber: Masbate – berita · surat kabar · buku · cendekiawan · JSTOR (January 2013) MasbateProvinsiPantai di Esperanza, Masbate BenderaLambangLocation within the PhilippinesNegaraFilipinaRegio...
This article is about the British newspaper. For the former American magazine, see Pacific RailNews. RailnewsEditorSim HarrisFormer editorsPaul Whiting, Keith Horrox (1963–1989)CategoriesRail transportFrequencyMonthlyPublisher1963–96: British Rail1997–present: Railnews LtdFounderBritish Railways BoardFirst issueJuly 1963CountryEnglandBased inWellingboroughLanguageEnglishWebsitewww.railnews.co.uk Railnews is a national monthly newspaper and news website for the British railway network. C...
Untuk orang lain dengan nama yang sama, lihat Park Yeong-suk. Dalam nama Korean ini, nama keluarganya adalah Park. Park Young-sookPersonal informationKebangsaan Korea SelatanLahir18 Desember 1988 (umur 35)Gaya bermainleft-handed, shakehand gripPeringkat tertinggi77 (Mei 2013)[1] Rekam medali Putri tenis meja Mewakili Korea Selatan World Championships 2013 Paris Mixed Doubles Asian Championships 2013 Busan Mixed Doubles 2013 Busan Doubles 2012 Macau Doubles 2009 Lucknow...
مروان بن معاوية معلومات شخصية تاريخ الوفاة 193 هـ المذهب الفقهي أهل السنة والجماعة الحياة العملية العصر القرن الثاني للهجرة نظام المدرسة مدرسة الحديث المهنة عالم مسلم اللغة الأم العربية اللغات العربية مجال العمل علم الحديث تعديل مصدري - تعديل أبو عبد الله مروان �...
Gambar ini menunjukkan perisai angin dan termal kubah InSight, yang menutupi sebuah seismometer. Foto ini diambil pada hari Mars ke-110, atau sol 110, pada misi InSight NASA. Seismometer ini merupakan bagian dari Seismic Experiment for Interior Structure, atau SEIS yang dijalankan oleh NASA. Gempa mars adalah gempa yang terjadi di planet Mars. Seperti di Bumi, gempa di planet Mars berupa guncangan pada permukaan atau kerak Mars yang diakibatkan oleh pelepasan energi secara tiba-tiba di bagian...
Milagro is a town and municipality located in the province and autonomous community of Navarre, northern Spain. References External links MILAGRO in the Bernardo Estornés Lasa - Auñamendi Encyclopedia (Euskomedia Fundazioa) (in Spanish) vteMunicipalities in Navarre Abaurregaina Abaurrepea Aberin Ablitas Abáigar Abárzuza Adiós Aguilar de Codés Aibar Allo Allín Altsasu Améscoa Baja Antzin Andosilla Antsoain Anue Agoitz Araitz Arakil Aranarache Aranguren Arano Arantza Aras Arbizu Arce A...
This article is about nationalism that asserts all Chinese, including ethnic minorities, are a nation. For Chinese nationalism applied exclusively to the Han Chinese ethnicity, see Han nationalism. For the diplomatic system and ideology that emphasized China's centrality in the world, see Sinocentrism. For the political party commonly known as the Chinese Nationalist Party, see Kuomintang. At the beginning of the 20th century, the sentiment of nationalism in China rose sharply, represented b...
Class of enzymes which convert a molecule between isomeric forms In biochemistry, isomerases are a general class of enzymes that convert a molecule from one isomer to another. Isomerases facilitate intramolecular rearrangements in which bonds are broken and formed. The general form of such a reaction is as follows: A − B → isomerase B − A {\displaystyle {\ce {A-B}}\quad {\xrightarrow[{\text{ isomerase }}]{}}\quad {\ce {B-A}}} There is only one substrate yieldi...
Anglo-American experimental over-the-horizon radar station The former Cobra Mist building in October 2004 2km1.2milesNOR T H SEA Jetty 'Pagodas' Orford NessNational NatureReserve Orfordness Beacon transmittingstation HavergateIsland (RSPB) Cobra Mist R i v e r A l d e R i v e r O r e Lighthouse Castle Orford Ness, Suffolk, showing locations of main sites.[1] Cobra Mist was the codename for an Anglo-American experimental over-the-horizon radar station at Orford Ness,...
For other uses, see W48 (disambiguation). Nuclear artillery W48 TypeNuclear artilleryPlace of originUnited StatesService historyIn service1963–1992Used byUnited States ArmySpecificationsMass120 pounds (54 kg)Length34 inches (860 mm)Diameter155 millimetres (6.1 in)Effective firing range14,000 metres (8.7 mi)Blast yield0.1 kilotonnes of TNT (0.42 TJ) W48 AFAP on display (middle) The W48 was an American nuclear artillery shell, capabl...
Railway station in Koganei, Tokyo, Japan JC14 Higashi-Koganei Station東小金井駅The south entrance in February 2016General informationLocation5-1-1 Kajino-cho, Koganei-shi, Tokyo 184-0002JapanOperated by JR EastLine(s)■ Chuo Line (Rapid)Distance27.4 km from TokyoPlatforms1 side + 1 island platformTracks3Other informationStatusStaffed (Midori no Madoguchi)Station codeJC14WebsiteOfficial websiteHistoryOpened10 September 1964PassengersFY201931,758 daily Services Preceding station JR East F...
هذه المقالة يتيمة إذ تصل إليها مقالات أخرى قليلة جدًا. فضلًا، ساعد بإضافة وصلة إليها في مقالات متعلقة بها. (أبريل 2019) جيوفري هيو معلومات شخصية الميلاد 9 أبريل 1933 سيدني تاريخ الوفاة 4 يناير 2018 (84 سنة) [1] مواطنة أستراليا الحياة العملية المدرسة الأم جامعة سيدني...
Artikel ini memiliki beberapa masalah. Tolong bantu memperbaikinya atau diskusikan masalah-masalah ini di halaman pembicaraannya. (Pelajari bagaimana dan kapan saat yang tepat untuk menghapus templat pesan ini) Biografi tokoh yang masih hidup ini tidak memiliki referensi atau sumber sehingga isinya tidak dapat dipastikan. Bantu memperbaiki artikel ini dengan menambahkan sumber tepercaya. Materi kontroversial atau trivial yang sumbernya tidak memadai atau tidak bisa dipercaya harus segera diha...
Founder of the Austrian School of economics (1840–1921) This article is about the economist. For his son, the mathematician, see Karl Menger. You can help expand this article with text translated from the corresponding article in German. (October 2018) Click [show] for important translation instructions. Machine translation, like DeepL or Google Translate, is a useful starting point for translations, but translators must revise errors as necessary and confirm that the translation is ac...