De binnenstêd, de historyske kearn, is aaifoarmich en sa'n 430 hektare grut. De folsleine gemeente hat in oerflakte fan mear as 13.840 hektare (138,4 km²), wêrfan 193,7 hektare see, by Seebrugge. De gemeente hat mear as 117.000 ynwenners. Likernôch 20.000 dêrfan wenje yn it histoaryske sintrum.
Brugge hat in âlde skiednis as haadstêd fan it Greefskip Flaanderen en as belangrike stêd foar de Hânze (Brugge wie gjinien lid fan de Hânze).
Namme
De âldste taastbere boarnen foar de nammen binne inkele munten út de 9e iuw. Dêrop wurde foar it earst de nammen fan de stêd brûkt wurde, skreaun Bruggas of Bruccia. Dit liket te doelen op in oarsprong út it Nederlânske wurd brug (brêge), mar taalhistoarysk is dit net wis, om't it net dúdlik is of it dan net Brigge west hie (fergelykje mei it Ald-Ingelske brycg, it Ingelske bridge en it Fryske brigge of brêge).
De namme Brugge koe ek komme fan it Aldnoarske bryggja, fan deselde oarsprong, mar mei de betsjuttinf fan oanlissteiger of haven. De kontakten mei Skandinaavje wienen ûntstien troch hannel oer de Noardsee en de ynfallen fan de Wytsingen (fan 800 ôf). De namme is dan deselde as Bryggen, de histoaryske haven fan Bergen, dat krekt as Brugge nei de 11e iuw in wichtige stêd fan de Hânze wie.
Soms wurdt nei Brugge ferwiisd as it Feneetsje fan it Noarden, troch de grutte tallen kanaaltsjes en brêgen. Dizze kanaaltsjes wurde ek reien neamd, nei de rivier de Reie dy't troch Brugge streamde. De Reie is no lykwols hielendal kanalisearre.
De bynamme fan de Bruggelingen is Brugske sotten. Neffens it ferhaal komt dat om't Maksimiliaan I fan Eastenryk dy't hja in skoft finzen hâlden hienen, harren letter ferbean hie in jiermerk of oare festiviteiten te hâlden. Om him del te bêdzjen, hâlde Brugge foar him in grut feest en frege dêrnei permisje foar it fannijs hâlden fan in jiermerk, it ynje fan belestings en graach ek permissje foar it bouwen fan in nij sothûs. Maksimiliaan antwurde: Slút alle poarten fan Brugge en jim hawwe in sothûs!.
Dielgemeenten
Yn de rin fan de jierren is de oerflakte fan gemeente en stêd Brugge frijwat fergrutte.
Anneksearre gemeenten en wenkearnen, mei de jiertallen fan de fúzjes:
1899 - gemeente Sint-Piters-op-'e-Dyk, wenkearn Sint-Jozef en de lettere yndustrysône Zwankendamme
1971 - de gemeenten Assebroek, Dudzele, Koolkerke, Lissewege, Sint-Andrys, Sint-Krús en Sint-Michiels
De gemeenten dy't yn 1971 by de stêd kamen binne no dielgemeenten:
#
Namme
Oerflakte
Befolking
I
Brugge
29,91
37.129
- Sintrum
20.276
- Kristus Koning
1,01
4.428
- Sint-Jozef
13,70
4.880
- Sint-Pieters
7.545
II
Koolkerke
4,17
3.145
III
Sint-Andries
20,65
19.366
IV
Sint-Michiels
9,59
12.346
V
Assebroek
8,52
19.395
VI
Sint-Krús
16,84
16.148
VII
Dudzele
21,92
2.555
VIII
Lissewege
26,80
7.129
- Lissewege
11,44
2.491
- Zeebrugge
3.924
- Zwankendamme
714
Gegevens - 1 jannewaris 2006
Toerisme
Der komme in protte toeristen nei Brugge. De stëd hat net folle te lijen hân fan de yndustriële revolúsje en de midsiuwske útstrieling is geef bleaun. Dêrmei lokje de wetters, de rike skiednis, de archeologyske fynsten, mar ek de winkelstrjitten alle dagen in protte minsken. De stêd hat in hiel protte restaurants en kafees en liket te driuwen op it toerisme.
It autoferkear wurdt safolle mooglik út it sintrum keard: de snelheidsbeheining fan 30 km yn 'e oere, in ambisjeusk lutseplan, in protte ienrjochtingsferkear (twa rjochtings foar fytsers) en râneparkearen meitsje fan Brugge in noflike kuier- en winkelstêd.
Mei in hynstekoets of mei boatsjes op de reien kin Brugge ferkend wurde.
Alle jierren giet De Hillich Bloedprosesje om yn Brugge op Himelfeartsdei. Hjirby wurdt de relikwy fan it Hillige Bloed, dy't Diederik fan de Elzas út Jeruzalim wei nei Brugge brocht, betocht. De prosesje bestiet út hiel wat histoaryske evokaasjes.
Bûtenlânske toeristen kinne har fergapje oan it tradisjonele Brugster Kant.
Yn 2002 wie Brugge Kulturele Haadstêd fan Jeropa. Hjirfoar waard yn 2000 begûn mei de oanbou fan in nij multifunksjoneel konsertgebou.
In oare populêre trekpleister is it grutte dolfinarium fan it Boudewijn Seapark, in grien park justjes bûten it stedssintrum dat yn 1963 iepene. It park, dat útsein it dolfinarium ek oare bistefoarstellings en pretparkattraksjes biedet, is iepen fan april oant oktober.
Parken
Baron Ruzettepark
Greve Visartpark
Kening Albertpark
Keningin Astridpark (yn de folksmûle : "Botaniekenof" Bruchsk foar Botanyske Tún)
As grutte stêd yn de provinsje wie Brugge ien fan de foaroansteande plakken foar de ûntwikkeling fan it fuotbal yn it westen fan Flaanderen op de ein fan 'e 19de iuw. Club Brugge en Cercle Brugge binne twa fan de âldste klubs fan it lân, hellen beide lânstitels en spylje noch altyd yn de hegere ôfdielings, mei Club Brugge as ien fan de topploegen fan it lân. Der binne ek lytse klubs lykas Daring Brugge, Eendracht Brugge en Dosko Sint-Kruis.