Oarspronklik wie de Sint-Salvator in romaanske stiennen tsjerke út de 9e iuw en net boud om de katedraal fan it bisdom te wurden. Dat wie de Sint-Donatiustsjerke, dy't yn it hert fan Brugge oan it Burgplein stie. Mei it oanbrekken fan 'e Frânske tiid gie biskop Felix Brenart yn ballingskip, it bisdom waard opheft en de Sint-Donatiuskatedraal waard as nasjonaal besit ferkocht en yn 1799 ôfbrutsen.
Yn 1834 waard it bisdom Brugge op 'e nij ynsteld en waard de Gintske helpbiskop Frans René Boussen de nije biskop fan Brugge. De Sint-Salvatortsjerke waard as katedraal keazen, dy't tenei offisjeel de Sint-Salvator en Sint Donatiuskatedraal neamd waard. It gebou like lykwols net hielendal op in katedraal en makke noch minder yndruk as de tichtebylizzende Us-Leaffrouwetsjerke. Dêrom moast de Sint-Salvator oan syn nije status oanpast wurde. Dat barde troch û.o. de keunstwurken fan de eardere Sint-Donatiuskatedraal in plak te jaan yn 'e nije katedraal.
Gebou
De romaansk-goatyske toer mei in hichte fan 79 meter hat noch in ûnderbou fan dowe- en sânstien fan 'e romaanske tsjerke út 1127-1166. Dat is it âldste diel fan 'e tsjerke. Trije galmgatten, spoaren fan de Skeldegotyk, waarden by reparaasjes yn 1992-1993 ûntdutsen en op 'e nij iepene.
It hege goatyske gebou hat gjin loftbôgen, mar swiere steunberen. De laterale druk fan 'e ferwulften wurdt opnommen troch de westlike toer, de sydskippen en de dwersskippen; genôch foar it relatyf koarte tsjerkeskip. De hoektuorren fan it dwersskip binne skaaimerken fan 'e Skeldegotyk.
Karakteristyk foar de heechgoatyske styl binne de folslein iepenbrutsen dwersskippen, mei ramen dy't fersierd binne mei ryk maaswurk.
De útwreiding fan 1480-1550 soarget foar de ûngewoane ferhâldings tusken de boudielen. It koer, de dwersskippen en de omgong mei de kapellekrâns beslagge mear as de helte fan it oerflak. Ynfloed fan de Brabânske letgoatyske styl is oan de bûtenkant te fernimmen troch de grutte ramen mei in ferskaat oan maaswurk en de útwurke kroanlist.
Bouskiednis
Lykas in soad oare midsiuske gebouwen ûndergie ek de Sint-Salvatorkatedraal yn 'e rin fan de tiid in soad feroarings:
9e iuw romaanske kapel
Neffens de oerlevering boude Sint-Eligius om 646 hinne in kapel. Histoarysk is Snellegem yn 'e hjoeddeiske gemeente Jabbeke de memmeparochy fan 'e yn 'e 9e iuw stifte parochy, dy't nei alle gedachten werom giet op Sint-Eligius. De lytse kapel waard yn 1089 in parochytsjerke.
1250-1350: Goatyske tsjerke
De belangrykste dielen hawwe skaaimerken fan de Skeldegotyk, in oergongsstyl tusken romaanske en goatyske styl. It koer, neffens it foarbyld fan dat fan Doarnik, waard bot beynfloede troch de Frânske heechgotyk.
1480-1550: koeromgong mei kapellen
Nei in tredde brân yn 1358 waard de tsjerke by de restauraasje fergrutte. Jan van den Poele boude sûnt 1480 de koeromgong mei fiif kapellen yn 'e lette Brabânske gotyk.
1834: katedraal
Njonken it súdlike skip waard yn 1837 útein set mei in nij kapittelgebou. In útstel fan Karel Verschelde om de toer ôf te brekken en it skip fan 'e tsjerke mei trije traveeën út te wreidzjen en ôf te meitsjen mei in nije toer gie net troch.
1839: brân en nije toer
Nei de brân fan 1839 waard de toer renovearre en ferhege mei in nije boppebou yn neoromaanske styl (1843-1846) neffens in ûntwerp fan de Ingelske arsjitekt Robert Chantrell en útfierd troch de Brugske arsjitekt Pierre Buyck. Yn 1871 waard de toer beklaaid mei in spits, nei in ûntwerp fan arsjitekt Eugène Carpentier. It ynterieur waard moaier makke troch tapassing fan neogoatysk wurk (1874-1875).
1912-2010
Yn 1912 waard it kapittelgebou út 1838 ôfbrutsen en waarden nei ûntwerp fan Adolf Duclos nije kapittel- en museumsealen boud. Biskop Hendrik Lamiroy iepene om liturgyske redenen yn 1935 it koer troch it doksaal en it oargel te ferhûzjen nei de westlike kant. Sûnt 1976 waard in fearnsiuw wurke oan 'e restauraasje fan 'e toer en bûtenkant fan 'e toer. Yn 'e tsjerke fûnen ek argeologyske opgravings plak.
Yn 2011 waard útein set mei in wiidweidige renovaasje yn 'e tsjerke. Yn 2013 waard it skilderwurk yn it skip en de sydskippen foltôge. Soartgelikens wurk begûn yn 2014 oan it koer, it dwersskip, de omgong, de krânskapellen en de sakristy, dat yn 2017 foltôge waard. Dêrnei folge noch in kontroversjele restauraasje en opsplitsing fan it oargel yn twa oargels.
Oargels
Yn 'e jierren 1717-1719 waard in nij oargel op it doksaal boud troch Jacobus van Eynde. It oargel waard yn 'e rin fan 'e tiid ferskillende kearen ferboud en fergrutte. Mei gebrûk fan âlde ûnderdielen boude de Dútske oargelbouwer Klais in nij oargel efter de histoaryske oargelkas. Yn 1957 feroare it oargelbedriuw Loncke it oargel.
Yn 2010 waard besletten om it kombinearre oargel op it doksaal op te splitsen. It Klais-ynstrumint bleau op it hjoeddeiske doksaal, wylst de ûnderdielen fan it Van Eynde-ynstrumint ferhûze nei it rekonstruearre Van Eynde-oargel op in nij doksaal by de koeromgong yn it súdlike dwersskip. Dêrby krige it Klais-oargel in folslein nije en moderne oargelkas. Yn 2021 waard de restauraasje fan it Klais-oargel foltôge, yn 2022 einige ek de restauraasje fan it Van Eynde-oargel.
Keunstwurken
De katedraal besit in soad keunstwurken en guon dêrfan binne ôfkomstich út de ferneatige Sint-Donatiuskatedraal. De meast opfallende binne de kleden út Brussel, yn 1731 weefd troch Jasper van der Borcht nei it foarbyld fan 'e skilderijen fan 'e Brusselske skilder Jan van Orley. Se binne oankocht troch biskop Hendrik Jozef van Susteren foar de Sint-Donatianuskatedraal. Sint-Salvator besit ek de orizjinele skilderijen, dy't makke binne as kartons foar de tapijten.
Fanút it koer is in goed sicht op it orizjinele 17e-iuwske doksaal, dat yn 'e 20e iuw ferhuze is. Ek it katedraaloargel is it neamen wurdich. It ferneamde stânbyld fan God de Heit yn it sintrum fan it doksaal is fan 'e hân fan Artus Quellinus de Jongere. De katedraal hat 17 doeken fan Jacob van Oost. Ek is der wurk fan Rogier Van der Weyden, Dirk Bouts, Jan Garemijn, Lanceloot Blondeel, Pieter Pourbus en Hugo van der Goes.
It portret fan greve Karel de Goede, dy't yn 1127 fermoarde waard, komt oarspronklik út de Sint-Donatiuskatedraal.
It retabel fan it martlerdom fan de hillige Hippolytus fan Dirk Bouts en syn atelier hinget yn de skatkeamer. Hugo van der Goes skildere de stifters op it lofter paneel. Fierder is de noch in krusigingsgroep fan om 1520 hinne.
De koerbanken stamme út de 15e iuw.
Rôf
Yn novimber 2009 waarden 19 keunstwurken stellen by in keunstrôf út de skatkeamer. De dieven fernielden trije befeilige fitrines en koene harren gong gean om 't it alarmsysteem net goed wurke. Der waarden û.o. sulveren tsjelken en monstrânsen út de 16e en 17e iuw stellen.[1]