Pittem is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat mear as 6500 ynwenners.
Yndieling gemeente
Njonken Pittem bestiet de gemeente út de dielgemeente Egem, it doarp Egemkapel en de buorskippen Rijseleind, Spletlinde en Hurselhoek. Spletlinde leit yn de dielgemeente Egem, wylst Egemkapel en de oare buorskippen yn de dielgemeente Pittem lizze.
Nû.
Namme
West-Flaamsk
Ynwennertal
Kaart
I
Pittem
Pittem
5159
II
Egem
Êgem
1577
It besjen wurdich
De Us-Leaffrouwetsjerke (Pittem) giet werom op de 11e iuw.
De Sint-Germanustsjerke (Egem) datearret fan de 19e iuw.
Kastiel Ronceval.
Geografy
De hichte fan it gebiet leit tusken de 18 oant 50 meter. De heechste punten binne Pittemberg (44 meter) en by it Zwarte Gat (50 meter). Yn it suden streamt de Devebeek rjochting it suden.
Befolkingsferrin
Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente (dus ynklusyf de dielgemeenten), lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.
Boarne:NIS, 1831 oan en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Pittem