Mei-inoar hat West-Afrika in oerflak fan krapoan 5.113.000 km², en in befolking fan likernôch 340 miljoen minsken, mei in befolkingstichtens fan 49,2 minsken de km². Hoewol't der hûnderten ferskillende talen sprutsen wurde, binne der mar trije offisjele talen: Ingelsk, Frânsk en Portegeesk. West-Afrika hat fierders in mienskiplike skiednis dy't tebek giet op 'e grutte riken dy't yn it prekoloniale tiidrek yn it gebiet fêstige wiene, fia de kolonisaasje troch Grut-Brittanje, Frankryk en Portegal (behalven yn it gefal fan Libearia) en fierder sûnt de dekolonisaasje oan 'e eins fan 'e jierren fyftich en yn 'e jierren sechtich en santich fan 'e tweintichste iuw.