Dorothy, dy't krewearre hat om har liedende posysje offisjeel makke te krijen (mei de byhearrende opslach fan har salaris) kriget fan frou Mitchell te hearren dat se de promoasje wol ûnder de skuonsoallen skriuwe kin, mei't der gjin plannen binne om in permaninte tafersjochhâldster ta te wizen oan 'e "kleurlingegroep".
Underwilens wurdt Mary tafoege oan it team dat it hjitteskyld foar de nije romtekapsule ûntwerpt, dêr't se fuortendaliks al in ûntwerpflater oanwiisd. De lieder fan it team, de Poalsk-JoadskeHolokaustoerlibbene Karl Zielinski, fiteret har oan om te sollisitearjen nei de funksje fan yngenieur by de NASA. As se dat docht, fertelt frou Mitchell har dat se dêr nettsjinsteande har kundigens op it mêd fan wiskunde en natuerkunde net foar yn oanmerking komt, om't se dêrfoar ferlet hat fan bykommende diploma's dy't se inkeld besette kin troch jûnsûnderwiis oan 'e pleatslike middelbere skoalle, de Hampton High School. Mei't dat in skoalle foar blanken is, kin Mary dêr net terjochte. Nettsjinsteande de wjerstân fan har man Levi beslút Mary ûntheffing oan te freegjen sadat se ta it jûnsûnderwiis talitten wurde sil.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Op in barbecue fan 'e pleatslike tsjerke komt Katherine, dy't in allinnichsteandewiddo mei trije jonge dochters is, yn 'e kunde mei de swarte luitenant-kolonel Jim Johnson fan 'e Nasjonale Garde. Hy hat dúdlik belangstelling foar har en sy ek wol foar him, mar as er him delbûgend útlit oer de wiskundige fermogens fan froulju, knapt se op him ôf. Hy biedt letter syn ûntskuldigings oan en giet dêrby djip troch it stof. Dêrnei begjint er tiid troch te bringen mei Katherine, har dochters en har ynwenjende mem Joylette Coleman (dy't op 'e bern past as Katherine op har wurk is).
As Harrison syn ûnderhearrigen opdraacht in yngewikkelde wiskundige ferliking op te lossen, is Katherine dejinge dy't dat slagget, wêrmei't se gâns yndruk makket op har baas. Hy hat der lykwols argewaasje fan dat se sa faak lange tiid net op har plak is. Yn 'e tuskentiid dogge de astronauten fan 'e Mercury 7-misje Langley oan en begroetsje dêr de blanke wurknimmers. John Glenn is de iennichste dy't him net by de swarte wurknimmers (dy't yn in apart fak steane) wei liede lit, mar ek harren begroetet.
Wannear't Harrison Katherine úteinlik beskrobbet foar it feit dat sa faak net op har plak is, ferliest de oars sa meigeande frou har selsbehearsking en beklaget se har der mei útset lûd oer dat se, eltse kear as se nei it húske moat, 800 meter hinne en 800 meter werom rinne moat nei de oare útein fan 'e basis, mei't der oan 'e eastkant, dêr't Harrison syn ôfdieling húsfêste is, gjin wc foar kleurlingen is. In beskamme en poerrazene Harrison huft dêrnei mei in foarhammer it boerd fan 'e muorre ôf, dêr't op stiet "WC allinnich foar blanken". Tenei, sa byt er it omsteand laach ta, giet hjir eltsenien mar gewoan nei itselde húske.
Neitiid freget Katherine om talitten te wurden ta stêfgearkomsten, om't har berekkenings oars alwer efterhelle binne as se dermei klear is. Paul Stafford wol dêr neat fan witte, mar Harrison stimt dermei yn. As er op 'e earste gearkomste dêr't sy by oanwêzich is, in fraach oer in berekkining kriget dêr't er it antwurd net op wit, spilet Harrison dy oan har troch. Katherine lost yn it bywêzen fan alle dielnimmers oan 'e gearkomste, ûnder wa John Glenn, in yngewikkelde ferliking op om it antwurd te krijen en makket dêrmei op 'e nij yndruk. Nettsjinsteande dat stiet Stafford net ta dat Katherine har namme op 'e rapporten set dy't er yntsjinnet. Hoewol't sy dêr likefolle oan bydroegen hat, komme dy inkeld op syn konto, om't hy in yngenieur is en sy simpelwei in berekkenster.
Underwilens leit Mary har fersyk foar ûntheffing foar oan 'e rjochtbank. Se wit de rjochter troch skamteleaze manipulaasje safier te krijen dat er yn har foardiel útspraak docht. Dêrnei kin se jûns nei de segregearre blanke middelbere skoalle, dêr't se as iennichste frou tusken in stikmannich blanke manlju plaknimt om 'e diploma's te heljen dy't se nedich is om NASA-yngenieur te wurden.
Dorothy ûntdekt dat de ynstallaasje fan in IBM 7090-kompjûter yn it Langley Research Center bedoeld is om 'e minsklike berekkeners oerstallich te meitsjen. As de ynstallateurs fuort binne, kringt se temûk de keamer mei de kompjûter binnen om dy te ûndersykjen. Letter besiket se de pleatslike bibleteek, dêr't se troch de bibletekaresse teplak wiisd wurdt om't se yn 'e seksje foar blanken omnoasket om in boek oer de programmeartaalFortran te lienen. Dêrop stelt se it boek, mei't se ornearret dat har belestingjild likegoed brûkt wurdt foar de seksje foar blanken as foar dy foar swarten. Troch selsstúdzje leart se har oan om kompjûters te programmearjen en al rillegau hat se der mear ferstân fan as de blanke manlju dy't de IBM 7090 betsjinje moatte. Se jout de opdiene kennis troch oan 'e berekkensters yn har groep en wurdt úteinlik formeel befoardere om tafersjoch te hâlden oer de nije Ofdieling Programmearring, dêr't har berekkensters ûnder har komme te wurkjen.
Katherine trout mei Jim Johnson en kriget fan har kollega's as brulloftskado in pearelkeatling, it iennichste soarte sieraad dat froulju op it wurk drage mei ûnder de klaaiïngskoade fan 'e NASA. Troch de yngebrûkname fan 'e kompjûter hat Harrison lykwols gjin wurk mear foar Katherine, en omreden fan belied dat fan boppe-ôf oplein wurdt, moat se werom nei de ôfdieling mei de oare berekkensters. De dei fan 'e lansearring fan 'e Mercury-Atlas 6, de raket fan John Glenn, wurde der lykwols ûngerjochtichheden ûntdutsen yn 'e berekkenings fan 'e IBM 7090 oangeande de lâningskoördinaten fan 'e romtekapsule. Glenn skillet Harrison op en stiet derop dat Katherine, en nimmen oars, de kompjûterberekkenings foar him neirekkenet.
Harrison stjoert immen op 'en draaf nei de oare kant fan it Langley Research Center, dêr't Katherine docht wat har frege wurdt. As se dêrop mei weromdraaft nei Harrison syn ôfdieling om 'e resultaten oer te bringen, wurdt de doar yn har gesicht tichtslein. Harrison komt lykwols nei bûten ta om har in tagongspaske te jaan, sadat se tegearre de útkomsten fan har neirekkenings oan Glenn trochjaan kinne. Nei in súksesfolle lansearring en it berikken fan in baan om 'e Ierde, ûntstiet der in probleem mei it hjitteskyld. It misjekontrôlesintrum beslút de misje nei trije omgongen om 'e Ierde ynstee fan sân ôf te brekken. Op advys fan Katherine rikkemandearret Harrison oan om 'e retroraket net los te keppeljen, mar op syn plak oan it hjitteskyld sitte te litten foar de binnenkomst fan 'e atmosfear. Dat blykt te helpen en Glenn lânet súksesfol persiis op it plak dêr't Katherine útrekkene hie dat er lânje soe.
Nei de misje fan Glenn wurde by de NASA de oerbleaune wiskundigen ûntslein en ferfongen troch kompjûters. Katherine wurdt lykwols oerpleatst nei de Ofdieling Analyze en Berekkening, wylst Dorothy har ûnderwilens ûnmisber makke hat as haad fan 'e Ofdieling Programmearring. Mary behellet de diploma's dy't se miste en wurdt oannommen as yngenieur. De film einiget as Katherine op 'e nij har namme njonken dy fan Stafford op in rapport typt, eat dêr't hy no net mear in probleem fan makket. Ynstee bringt er har in kop kofje dy't er foar har ynskonken hat. In tekst dy't yn byld brocht wurdt foar't de ôftiteling begjint, fertelt dat Katherine ferantwurdlik wie foar it berekkenjen fan 'e koersen foar de Apollo 11- en Space Shuttle-misjes. Yn 2016 ûntfong se út 'e hannen fan presidint Barack Obama de Presidinsjele Frijheidsmedalje, de heechste boargerlike ûnderskieding fan 'e Feriene Steaten. It jiers dêrop naam de NASA yn it Langley Research Center it nei har ferneamde Katherine G. Johnson Computational Building yn gebrûk.
De film beskriuwt yn grutte halen in perioade út 'e iere karriêre fan trije froulike, swartewittenskipsters yn 'e tsjinst fan 'e NASA, dy't wier libbe hawwe: Katherine Goble Johnson, Dorothy Vaughan en Mary Jackson. Om 'e plot better rinne te litten, wurde ferskate wiere foarfallen yn 'e film yn in lyts tiidsbestek geartroppe, wylst se eins mei jierren tuskenskoft plakfûnen. Ek op oare manearen nimt Hidden Figures hjir en dêr foar dramatysk effekt in loopke mei de wurklikheid. Sa spilet de film yn 1961 yn it NASA Research Center yn Hampton (Firginia), dat ôfskildere wurdt as in fasiliteit dêr't segregaasje tusken blanken en swarten noch strang neilibbe wurdt en dêr't swarten en yn 't bysûnder swarte froulju gjin promoasje meitsje kinne.
Yn wurklikheid krige Vaughan lykwols al yn 1949 promoasje ta in liedingjaande funksje op 'e ôfdieling West Computing, wêrmei't se de earste swarte yn posysje waard by it National Advisory Committee for Aeronautics (NACA). Yn 1958, doe't it NACA omfoarme waard ta de NASA, waarden alle segregearre fasiliteiten yn ien kear ôfskaft. Vaughan kaam doe te wurkjen by de ôfdieling Analysis and Computation Division (ACD), in rasiale en geslachtlik yntegrearre wurkgroep.
Mary Jackson (ynstee fan Katherine Goble, sa't de film hawwe wol) wie dejinge dy't (foar 1958) in ein rinne moast om in húske foar kleurlingen te berikken, mei't sa'n wc oan 'e Eastkant net foarhâns wie. Goble (dy't doe noch net wertroud wie mei Jim Johnson) wie har der alhiel ûnbewust fan dat de húskes segregearre wiene, en gie jierrenlang sûnder euvelmoed nei in húske foar blanken sûnder dat immen dêr wat fan sei. Doe't dat úteinlik wol barde, negearre se it en hearde se der neitiid nea wer wat fan. De prachtich dramatyske sêne wêryn't Harrison mei in foarhammer it boerd mei de tekst "WC allinnich foar blanken" fan 'e muorre slacht, is in moaie fynst fan 'e filmmakkers, mar folslein út 'e tomme sûgd.
Fierders hoegde Jackson net nei de rjochter om talitten te wurden ta in jûnsoplieding foar blanken; ynstee frege se by de gemeente Hampton in offisjele ûntheffing oan, dy't har sûnder fierdere problemen takend waard. AstronautJohn Glenn, dy't eins sa'n tsien jier âlder wie as er yn 'e film ôfskildere wurdt, frege yndie spesifyk oft Goble de berekkenings foar syn lansearring neirekkenje koe, mar dat wie ferskate dagen foarôfgeande oan 'e lansearring, sadat der net bot haast efter siet. De flecht fan Glenn waard lykwols net foartidich beëinige, sa't yn 'e film steld wurdt, mar kearde neffens plan nei trije kear in baan om 'e Ierde makke te hawwen nei it Ierdoerflak werom.
Untfangst
Hidden Figures krige oer it algemien tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa joech Simon Thompson fan IGN de film in 9 op in skaal fan 1 oant 10. Hy skreau: "Hidden Figures follet in mar al te fergetten, of gewoan te min bekend, wyt plak yn 'e Amerikaanske skiednis yn […]." Dêr foege er oan ta: "Prachtige aktearprestaasjes fan 'e hiele cast en in fassinearjend ferhaal allinnich al meitsje Hidden Figures ta in […] film dy't jo tiid, jild en oandacht fertsjinnet." Yn The Boston Globe skreau Ty Burr: "de film is makke mei mear emoasje as keunst en mear feardichheid as subtiliteit, en hy wurket fral troch de froulju dy't deryn portrettearre wurde en de aktrises dy't harren spylje. It moaiste is, as jo de bioskoop ferlitte, witte jo wa't Katherine Johnson en Dorothy Vaughan en Mary Jackson binne, en dat jildt ek foar jo dochters en soannen."
Guon kritisy skeat it lykwols yn it ferkearde kielsgat dat de filmmakkers sa frij mei de histoaryske matearje omgien wiene. Neffens Eric John fan IndieWire "trivialisearret [de film] de skiednis; as in hagiografyske hulde oan 'e briljante protagonistes dolt er net djip yn 'e essinsje fan harren wrakseling." Yn The Sydney Morning Herald konkludearre Paul Byrnes: "As in film beweart de skiednis út te dragen, hawwe wy it rjocht om te freegjen wêr't dy skiednis bedarre is, sels as [dy film] ynstee in stikje fermaak biedt." Jesse Hassenger fan The A.V. Club murk fierders op dat de film net botte spannend wie: "gebrek oan ferrassing sit dizze film yn 'e bonken."
Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Hidden Figures in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 262 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Op hertferwaarmjende en publyksfreonlike wize fiert [de film] oer de holle sjoene – en krúsjale – bydragen dy't kamen op in beslissend momint yn 'e Amerikaanske skiednis." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Hidden Figures in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 47 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Hidden Figures brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$169,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $66,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $236 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 miljoen betsjut dat in winst fan $211 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It blêd Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan 'e produksje op $95,6 miljoen, wêrmei't Hidden Figures ien fan 'e tweintich meast winstjaande films fan 2016 wie.