De Paralympyske Simmerspullen 2016 (Portegeesk: Jogos Paralímpicos de Verão de 2016) wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint foar atleten mei in lichaamlike beheining yn 'e tradysje fan 'e Paralympyske Spullen, dat oan 'e ein fan 'e simmer fan 2016 holden waard yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro. Hjiroan namen 161 lannen en 4.342 sporters diel. It wie de fyftjinde kear dat de Paralympyske Simmerspullen organisearre waarden. De iepeningsseremoanje fûn plak op 7 septimber, en de ôfslutingsseremoanje op 18 septimber. Dêrmei wiene it de earste Paralympyske Simmerspullen dy't yn 'e winter (op it súdlik healrûn) holden waarden, en ek de earsten dy't holden waarden yn Súd-Amearika en yn in Portegeesktalich lân. It sportbarren omfieme 526 ûnderdielen yn 23 ûnderskate sporten. Twa dêrfan, it kanofarren en de paratriatlon, waarden foar it earste beoefene op dizze edysje fan 'e Paralympyske Simmerspullen. Foar dit sportevenemint waarden deselde fasiliteiten brûkt dy't earder, yn augustus, brûkt wiene foar it hâlden fan 'e Olympyske Simmerspullen.
Organisaasje
As ûnderdiel fan 'e offisjele oerienkomst tusken it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee (IPC) en it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) dy't sletten waard yn 2001, organisearret it gastlân fan 'e Olympyske Simmerspullen ek de Paralympyske Simmerspullen. Sadwaande waard dit sportevenemint yn septimber 2016 holden yn Rio de Janeiro, yn Brazylje, dêr't gebrûk makke wurde koe fan 'e fasiliteiten en akkomodaasjes fan 'e Olympyske Simmerspullen dy't in moanne earder, yn augustus 2016, ek yn Rio de Janeiro holden wiene. Yn 'e oanrin ta de Paralympyske Simmerspullen fan 2016 spilen de organisaasje guon fan deselde problemen parten dêr't ek de Olympyske Simmerspullen mei te krijen hân hiene. Dêrby gie it om 'e ekonomyske en politike krisis yn gastlân Brazylje; it dêr hearskjende sikafirus; de smoargens fan it wetter en it driuwende ôffal yn 'e Baai fan Guanabara; en it Russysk dopingskandaal. As gefolch fan dat lêste probleem sleat it IPC op 7 augustus alle Russyske sporters út fan dielname oan 'e Paralympyske Simmerspullen.
Sporten
Kalinder
IS |
iepeningsseremoanje
|
● |
groeps- en kwalifikaasjewedstriden
|
1 |
finales
|
OS |
ôfslutingsseremoanje
|
Dielnimmende lannen
Der namen 159 lannen diel oan 'e Paralympyske Simmerspullen fan 2016, mei dêropta in tiim besteande út flechtlingen (de yndividuële atleten) en Koeweit, wêrfan't de sporters inkeld meidwaan mochten ûnder de Paralympyske flagge, om't it Koeweitysk Paralympysk Komitee útsletten wie fanwegen oerheidsbemuoienis mei it bestjoer. Ruslân wie hielendal útsletten, fanwegen it grutte Russyske dopingskandaal. De beslissing dêrta makke it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee (IPC) op 7 augustus 2016 bekend. Yn totaal wiene de 4.342 dielnimmende atleten. Hjirûnder in opsomming fan 'e dielnimmende lannen, mei tusken heakjes it oantal sporters.
Medaljespegel
Fryske medaljes
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes